53,431 datasets found
TM: "Je moet je toch een zekere voorstelling maken. Je had zelf al eens gemaild van: d'r zullen mensen verdwijnen, bijvoorbeeld." RK: "O, dat is constant gaande." TM: "Maar is dat in de zin van: d'r zullen mensen doodgaan, of ook echt lijfelijk ineens verdwenen zijn?" RK: "Nou, ik zou zeggen van: doodgaan. Maar... ja... verdwijnen. Dan is iemand toch...
TM: "Toeval bestaat niet." RK: "Nee, bestaat niet. Denk je dat?" TM: "Nee, ik..." RK: "Ik vraag maar, ik vraag maar!" TM: "Ik geef gewoon even een citaat uit de New Age gedachtenwereld." RK: "Het is geen New Age, het is gewoon praktijk. Ik heb zoveel dingen meegemaakt waarvan ik denk: ja, jongens, dat kan geen toeval meer zijn. Op de middelbare school,...

Yn 'e Hamsherne (yn Harkema) wenne in jong frommes, ik tink dat se har Witteveen skreau. Dy wie ôfgryslike sterk.
Op in kear doe wie se to Twizel yn 'e herberch 'De drie witte kannen'. Der wie in keardel dy woarde lestich. Doe hat hja dy keardel by nekke en kont beetkrige en hja hat him oer de hage hinnesmiten.
Hja leeft nou net mear. Yn in wike wie se soun en dea.

Komt een Surinamer bij de bakker en die vraagt om twee witte en twee bruine bolletjes. Vraagt de bakker: "Slikt u ze gelijk in of neemt u ze mee?" (Op 11 april 2002 verzonden per e-mail vanuit Amsterdam)

Mem sei ek altyd: Jo matte noait gjin rare gesichten lûke. Hwant as de klok tolve let wylst as jo dat dogge, dan bliuwt it gesicht sa stean.

Luije Ielke wie arbeider by Joan Algra to Sumar.
Op in kear wied er oan 't mjoksjen yn 't bûthús. De stront fan 'e kij dy't yn 'e groppe lei kroade hy nei de skerne ta.
Doe woarde der roppen: "Komme jo om kofje, Ielke?"
"Ja," sei Ielke, "ik kom der oan."
Joan Algra hie in pear jonges, dat wienen bizen. Wylst Ielke yn 'e hûs siet to kofjedrinken laedden dy beide knapen de strontkroade gau fol mei bolstiennen en dêr dienen se dong bovenop. Sy wisten wol dat Ielke tige sterk wie, mar sy tochten dat er dit nèt forkroadzje koe.
Doe't Ielke wer yn 't achterhûs kom, seinen se: "Wy ha de kroade mar even folladen."
"Moai sa," sei Ielke, "jim binne brave jonges."
Hy mei de kroade nei de skerne ta. Dat gong skean omheech by de post op. Ielke die it as siet der neat yn 'e kroade. Mar doe't er boven op 'e skerne kom en de kroade leegje woe, brieken de beide kroadeearms.
Hy sei, de kroade koe 't net earlik hâlde.

Sipke fan Minderts Antsje, as dy ûnderweis wie, dan wie der in pleachbeest, dat reizge mei him op. It seach der út as in dikke swarte houn. Dat beest kom op 'e polderdyk ûnder de Tike by him en begeliede him oan 'e doar fan har hûs ta yn Sumarreheide. Sipke wie bang foar dat beest.
It gebeurde ek faek, as hy thús kom, dat er by de doar keard woarde troch in frommes. Dan koe hy der net yn komme. Dan kom syn mem by de doar en dy die de doar foar him iepen.
"Koest der wer net yn komme?" sei se.
Syn mem seach dat frommes net.

Njonken bakker Welling oan 'e Hearrewei stiet in boereplaets, flak by de skieding fan 'e beide gemeenten. Mem sei, dêr hâldden froeger altyd pleachbeesten op dat plak ta.

It is sahwat sechstich jier lyn. Ik wie noch in bern. Myn omke en muoike wennen yn Garyp, op 'e hoeke, dêr't de wegen nei Earnewâld en Warten geane.
Sy hieten Rienk Benedictus en Baukje Kloosterman. Sy fortelden us in kear by ús dat se timmerjen heard hienen yn 'e Earnewarren. Net ien kear, mar folle faker. "Eigenaerdich," hie de iene tsjin 'e oare sein, der is neat en der wurdt doch timmere. Soe dêr skielk boud wurde?"
It hâldde mar in skoftsje oan, doe kamen dêr huzen to stean.

yn 'e brân. 't Wie by de earste bocht as men gyng fan 'e brêge fan 'e Harkema nei Surhústerfean. Mar doe't omke der by kom, brânde 't net.
Letter is dat spul ôfbrând.

Knjillis Wytses mocht gjin sinten freegje fan 'e minsken. Der wienen twa marechaussees dy woenen him der yn rinne litte. Hja kommen by him, elk op in hynder. Ien fan 'e hynders, seinen se tsjin him, wie net goed. Knjillis Wytses gong nei de hynders ta. Doe sei er: "Wachtsje mar even, dan sil ik hwat meijaen foar 't sike hynder." Hy joech hjouwer mei yn 't...

Us Akke brocht heit altyd it iten op 't lân. Dat wienen altyd ierappels. In hiel soad, hwant heit hie in roppige mage. Doe seinen de famkes alris tsjin Akke: "Jimme heit yt hûndert ierappels op." Se wienen net fier mis, mar Akke woe 't net hearre. Hja hat ien fan dy famkes yn 'e sleat smiten.

Telefoongesprek, 4 april 2002 Bakker Geert Bos, 0599 - 612530 TM: Ik heb begrepen dat die graancirkelbroodjes voor koninginnedag nog gebakken worden. Kan is broodjes bestellen? Winkelmeisje: Daar zal ik u de baas even voor geven. TM: Kan ik graancirkelbroodjes bestellen? GB: Ja, dat kan wel, maar dan moet ik wel meel krijgen. Ondanks alle beloftes, heb ik...

Frijmitselers ha noait forlet fan jild. Se dogge hwat se wolle salang se yn leven binne. Mar der moat elk jier ien fan harren dea. Se stjerre yn de regel in nuvere dea.
Op 'e kop yn 'e sleat of sa. Der giet eins noait ien normael dea.

Brêgedraeijersswit is tige djûr, net to biteljen.

Op in moarn roan ús heit fan 'e Harkema nei 't Wytfean ta. Hy soe nei de boer ta to melken. Underweis soed er syn maet oanhelje. Dy wenne ek yn 'e Harkema en dy arbeide ek by in boer op it Wytfean.
Heit wie noch net oan dy man ta, doe kom der him ien tomjitte yn 'e berm. Heit sei: Goeije morgen, mar dy oare sei neat werom. Doe sei heit nochris Goeije morgen, mar de oare sei wer neat. Dit is in nuver spul, tocht heit, dêr wol 'k mear fan wite. Heit der achteroan.
It mes hie heit ta de bûse út lutsen en dat hâldde er klear. Mar hy koe dy oare net birinne. Dy oare sweefde. Dyselde hie gjin fuotten. Doe't heit sa in ein roan hie, skeat de oare by ien op it hiem en fuort wied er. Heit der achteroan, èk it hiem op. Hy die in slach om 't hûs hinne en doe seach er dy oare noch krekt even, mar doe wied er ek wer fuort.
Heit gong fan 't hiem ôf en helle syn maet oan. Togearre roannen se fierder, elk nei syn eigen boer.
't Wie op in snein-to-moarn, dat heit en syn maet hoefden allinne mar to melken. Doe't se weromkommen wie 't noch bitiid yn 'e moarn. It earste hwat heit ûnderweis die, dat wie nei it hiem ta, dêr't er dy forskining sjoen hie. Heit woe wite hoefolle fuotleasten of der wienen. Doe wienen der allinne syn eigen fuotleasten mar. Doe wie 't him dúdlik dat dy oare de groun net rekke hie. Mar hwat it west hat is er noait to witen kom.

Piter Oenes Joukje wie ek in tsjoenster. Dy wenne ek yn Marum; 't wie in winkelsfrou. Dy hat ien deatsjoend.
't Wie in jonge, dy hie se alhiel yn 'e macht. Dat bern is oan 'e bonkjes ta meager wurden. It hiele doarp hie har yn 'e rekken. Der kom op 't lêst net ien mear yn 'e winkel.
Dat koe se min forneare fansels, en doe hat se har sels op it lêst ek noch deatsjoend.
Doe't se dea wie ha se har gewoan yn 'e kiste lein. Mar doe't se der letter nei seagen lei se der omkeard yn. Of de duvel dat nou dien hat of dat se dat sels dien hat, dat wit ik net, mar se seinen doe, dêr koe men oan sjen dat it in tsjoenster west hie.

Der wenne in man yn 'e Westerein, dy moest der nachts faek út. Dan woarde er kloppe, sei er, dan wie der in lykstaesje ergens to sjen. Sa'n lykstaesje moest hy sjen. Hy koe altyd foarút sizze hwer't in bigraffenis kom.

De frijmitselers hienen in wikseldaelder. Dy joegen se noait hielendal út. Dy groeide dan altyd wer oan.
Bonifatius wie ris yn 'e buert fan Dokkum. Hy ried dêr op in hynder. Dat dier krige toarst. Doe kommen se op in plak, dêr bigong it hynder mei de foarste poaten to klauwen. En doe brûsde it wetter út 'e groun, samar. Dêr siet in welle. Doe hat dat hynder dêr fan dronken. Letter is op dat plak de Bonifatius-put kom.