Myn omke sei altyd tsjin Binne: "Ik warskôgje dy ast my hwat dochste, hwant dan slach ik dy dea."
Dan sei Binne: "Ik doch dy neat."
nl.verhalenbank.38072
As ien bitsjoend is, mat men him nei de teannen sjen. Dan sit dêr skimmel tusken.
nl.verhalenbank.28840
As men trije kear achterelkoar 'ja' seit, dan is men bitsjoend.
Hindrik Mulder syn mem to Houtigehage oan 'e wyk wie in tsjoenster. Sjut, de mem fan Siis Veenstra, wie ek in tsjoenster. (Langewyk)
Ielke Snipel fan Boelensloane koe soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte.
nl.verhalenbank.36074
As it froeger net tsjernje woe, dan wie de tsjerne bitsjoend.
Op in kear kaem stammerige Harm my tsjin op 't paed nei de Swadde. "Sake," sei er, "hwat bistû meger. Sake, hwat bistû bleek." Ik hie pine yn 'e bek en sei tsjin him: "Ast my nou ha wolst, snij ik dy fuort de strôtte troch." En dat miende ik ek. Ik sei: Ik lit my net troch dy bitsjoene. Doe sei er: "Ik doch dy neat."
nl.verhalenbank.16995
Hjir hat in man bitsjoend west, dat wie in soan fan Sytse Hanne. Mar hoe't dat gien is wit ik net.
As Mike Ruerd en Hindrik Ophuis by 't lân lâns gongen, koe 't fé net yn 't lân bliuwe.
Op Feanwâldsterwâl, fortelde myn man, mat froeger in sekere Jehannes Meerstra wenne ha, dy koe mear as in oar. Dy koe elkenien samar stean litte, as er dat woe.
It is us gebeurd, doe soe ien oer de barte, dy't oer de feart lei.
"As ik wol," sei Jehannes, "komstû net oer 't bartsje."
Doe koe dyselde der net oer komme.
nl.verhalenbank.22739
Jehannes Meerstra sette minsken fêst, as er dat woe.
nl.verhalenbank.31022
By dokter Bontekoe yn Hurdegaryp wie in hekke, dy't altyd fansels wer iepengong as men him sluten hie.
Dy't in toverboek hie, koe dat noait wer kwyt wurde.
nl.verhalenbank.25053
Hepke Nút wenne ûnder Feansterheide. It wie in tsjoenster.
Ook heb ik wel eens horen vertellen dat de karn niet af kon gaan, maar hoe dat in mekaar zat weet ik niet meer.
Yn 't Wêst to Bûtenpost wennet in frou, dy hyt fan Tiet. Har man is in Klunder. Dy hat okkerjiers nei 't se sizze in frommes yn 'e Harkema bitsjoend en nou foar in fjouwer jier ús buorfrou hjirre.
Guon minsken koenen net leve en net stjerre. Sokke minsken wienen bitsjoend.
By tsjoenderij komt altyd tokrûmele roggebrea to pas.
nl.verhalenbank.12368
Jehannes Tsiisrinder koe de minsken fêstsette.
nl.verhalenbank.38594