Edze-om wie mem har jongste broer, dy is yn Limburch forstoarn. Dy hearde fan tofoaren al de lûden fan 'e auto's en de fleanmesines. Ek seach er ljochtsjes fan 'e tram. Dat is allegear neikom.
Swellenêsten matte net útroege wurde. In swel is in heilige fûgel. Dy't dat docht giet it net bêst ôf.
Eren hellen wy de turf achter Trimunt wei. Dêr wennen minsken, dy seagen ljochtsjes oer de heide. Letter, yn 1913 kaem de trambaen dêr lâns. Doe seinen se: "Sjoch, dat binne de ljochtsjes, dy't wy al lang sjoen ha."
Rottevalle
Jouns by donker wienen der simmers wolris lytse flinters op 'e fytslampe. Dat wie in min teken.
Krist en Pyt wennen yn 'e Feansterheide yn in hiel lyts húske. Op in nacht seagen se dat by har yn 'e foarmuorre it finster mei ramt en al der út wie. Hja seagen it beide klear. En dochs wie 't sa net. Se wienen wekker woarn troch gestomp en geskou. Letter tochten se dêr net mear oer, mar doe kom dêr in sterfgefal. Doe moest de kiste der út. Dy koe de...
As der in houn spûkgûlde bitsjutte dat dat der ien deagean soe.
As de swarte roeken om 'e doar kamen bitsjutte dat in sterfgefal. 't Wie de foarboade fan 'e rou.
Rottevalle
Mem wist fan tofoaren dat se ús Minne forlieze moest. Dat hie se sjoen. Minne wie 19 jier doe't er stoar. Dêr hie mem it hiel bot mei to dwaen. Hja wie hast in bytsje forstandeloas, sa slim wie 't. Krekt fóár syn dea sei mem tsjin him: "Is 't goed mei dy, Minne?" "Jawol," sei Minne, "ik kom goed toplak." Mar mem wie dêr net gerêst oer. Hja twifele der oan...
Rottevalle
Piter Postma, byneamd Piter Kûper wie myn omke. Hy fordronk op 'e Leijen. Hy foel achter de boat mei hout yn it wetter. Swimme koed er net, 't wie min waer, der stienen hege baren. It wie al gau bikend yn 'e Rottefalle dat er fordronken wie. Alde Hindrik en Wijke wennen tichte by de Leijen. Dêr gongen se hinne om in pream dêr't se allerhande ark yn...
Rottevalle
To Houtigehage op 'e Ald Daem wennen myn skoanâlden. It gebeurde dat skoanmem tige min waerd. Sy lei op har stjerbêd, it koe elk amerij dien wêze. Myn skoansuster en noch ien dy wekken der by. Doe hearden dy beiden de doar iepengean en ek wer tichtgean. En doe hearden se klear myn fuotstappen. "Heden, dêr komt Sipke oan", sei myn skoansuster. Mar ik wie...
As in houn spûkgûlt, dan duorret it net lang of dêr komt in deaden yn 'e buert.
Rottevalle
Men mat noait midden op 'e wei rinne by nacht, hwant dan kin men tsjin in lykstaesje oanstompe.
Rottevalle
't Wie yn 'e tiid dat de tramlijn fan Grins nei Drachten noch net bistie. Twa âlde minsken fan Drachtster Kompenije hienen to jounpraten west nei Houtigehage. Doe't se by Luchtenveld kamen moesten se in âld reed yn. Doe hearden se dêr ynienen: Tuf-tuf-tuf-tuf. En hja seagen twa ljochten, dy kamen de hoeke om. 't Wie op in hûndert meter fan har ôf. Doe wie...
In swarte spegel hienen se froeger op 'e merken. Dêr koenen se yn sjen mei hwa't se trouwe soenen. Seagen se in deakiste, dan trouden se net.
Tsjoensters foroarje har yn katten, is 't sizzen altyd.
As in houn spoekgûlt komt der in sterfgefal. Dat leauwe gâns lju.
Frijmitselders ha har oan 'e duvel forkocht.
Rottevalle
