340 datasets found
Place of Narration: Rottevalle

Yn 'e Houtigehage wenne in sikere Minke, dy hie in bern, dat wie bitsjoend. Minke woe lykwols sekerheit ha en dêrom makke se it holkessen fan 't bern iepen. En doe wie 't al sa, dêr sieten krânsen yn fan fear. Doe woe se noch wite hwa't de tsjoenster wie. De minsken retten har oan, sy moest spjelden siede yn wetter, dan kom de tsjoenster opdaegjen. Dat hat se dien, en doe forskynde der in âld minske.
"'t Is Lutske, 't is Lutske!" rôpen se. Lutske kaem by de doar. Mar sy koe net oer de drompel komme, sy wynde der mar foar om. 't Wie biwezen dat hja de tsjoenster wie. Hja mocht dêr net wer komme en doe woarde it bern wer better.

Myn broer hat ûnder tsjinst west yn Brabân, û.m. yn Vught. As dêr by nacht in swarte kat by de wei siet, doarsten se dêr net nei to skoppen, hwant dan kommen der mear. Dan nommen se wraek.

Ik ha wolris heard dat de mearminnen út 'e sé op it skip ta komme en dan achter it roer sitten gean to sjongen.
De frijmitselers hienen in wikseldaelder. Dy joegen se noait hielendal út. Dy groeide dan altyd wer oan.
Us mem hat wolris forteld, dat der guon op in distânsje melke koenen. As de boer dan letter by de koe kom wie dy al molken.
It gebeurde op in kear dat in stik of hwat mannen in rest beammen kapten. Der wie ien hiele dikken by. Even letter wienen se oan 't skreppen om dy iene grouwe beam op 'e wein to krijen. Mar dat koenen se net rêdde. Doe kom Hearke der oan. Hy sei: "Lit my ek mar ris prebeare." Hy krige de beam en lei him op 'e wein. Pûr allinne. Mar de boom fan 'e klompen...
Edze-om wie mem har jongste broer, dy is yn Limburch forstoarn. Dy hearde fan tofoaren al de lûden fan 'e auto's en de fleanmesines. Ek seach er ljochtsjes fan 'e tram. Dat is allegear neikom.

Thomas en Clare hienen ris mei de hounekarre fan Houtigehage nei Eastemarre merke ta west, dêr't se in diske hawn hienen. Underweis op 'e joun woarden se samar optild en mei hounekarre en al oer de beamkes hinne set.

Rottevalle
Us heit - dat wie Hindrik de Graaf - en Bearn Kûper wienen der op in nacht mei de bijen op út. Doe gebeurde it dat se ûnder Eastemar hwat bileefden. It mat leau 'k op 'e Swarte Wei west ha. De hynders woarden ynienen bang. Se bigongen to steigerjen en gongen oan 'e kant, krekt as woarden se dêrhinne drukt. Doe ried har in wite sjeas foarby mei in wyt...

In suster fan myn swager tsjinne by in frou dy wie al op jierren. Dy fornaem dúdlik dat se nachts altyd yn har hier omplukten. Mar der wie noait hwat to sjen. Hja fortocht dy âld frou derfan en hja gong dêr wei. Doe kaem se thús. Mar dêr gong it krekt allyk. Altyd wie der ien dy plukte har hier út 'e holle. Hja hie de lampe nachts al op, mar dat joech niks. En der wie noait ien to sjen.
Doe makken se har kessen iepen. Doe siet dêr in krâns yn sa great as in boltsje. De fear wie mei frouljushier fêstmakke. Dy krâns ha se forbrând en sy hat gjin lêst wer hawn.

Rottevalle

Us mem seach op in kear yn 'e nacht, doe't se op bêd lei klear dat ús Jan in ûngelok krige. Hja seach harsels sitten mei Jan op 'e skoat en de earms om him hinne. It kom sekuer út.
Ridlik gau dêrnei krige myn broer Jan in ungelok: hy bruts syn earm, en doe siet mem mei him op 'e skoat.

Rottevalle

Greate Pier fan Kimswert wie ris op it lân oan 't ploeijen.
Doe kom der ien by him en dy frege him hwer't dy en dy wenne. Doe nom Pier de ploech fan 'e groun en wiisde der mei nei in hûs. "Dêr wennet er", sei er.

Rottevalle
Der binne ris twa âlde minsken yn Nyegea formoarde woarn. It wienen in heit en in soan dy't dat dien hienen. Dol hieten se (= Dalstra). Dyselde nacht ried pake mei de kroade de reden del nei Eastemar ta. Pake syn heit siet op 'e kroade, dy wie blyn. Se wienen op it Wytfean, doe sei de âld man: der komme guon de reden del. Mar it is slim, o sa slim. Der...

By de dikke beam oan 'e Bomkleaster wei yn 'e Harkema spoeke in man, dy stie dêr altyd yn 'e daem. In protte minsken doarsten dêr jouns net lâns.

Rottevalle

Jan Sytses (Dykstra) wie in âld skipper fan Eastemar. Dy koe tige lige. Hy fortelde: "Ik haw ris mei 't skip op in plak west, dêr wie 't reid sa lang, dat it rikke boppe de mêst út."

Rottevalle

Gerke Veenstra wenne yn 'e Houtigehage. Op in kear wied er mei syn earste wiif to jounpraten nei Sjoerd en Gep, dy't èk yn 'e Houtigehage wennen. Gerke wie in man dy koe 't neat skele hwat er sei. Hy leaude oan God noch syn gebot en hy dreau oeral de spot mei. Dat gong dy jouns ek al wer sa.
It praet gong oer spoekjen en oer de duvel en Gerke flokte der grouwelich by. Hy sei ûnder mear: "As der in duvel is, dan mei er my aenst pakke."
It wie al let doe't se nei hûs ta gongen, al goed twa ûre. Healwei trijen wienen se earst thús.
Gerke gong earst op bêd, sy slepten yn in bêdsté. Doe seach er op 'e bêdsplanke in hiel lyts mantsje sitten.
Even letter kom syn wiif ek op bêd. Doe sei Gerke tsjin har: "Hastû dat mantsje dêr ek sitten sjoen?"
"Welné," sei se, "dêr is net in mantsje, hoe komst der by."
De oare nachts doe seach Gerke neat en doe slepte er wer goed. Mar de nachts dêroan wie 't wer mis. Hy seach it mantsje wer. Hy moest der ôf en hy dreau yn 't swit, sa binaud hie er it.
It hountsje fleach fan binaudens by de doarren op, dy seach ek hwat. Dat gebeurde geregeld om 'e oare nacht.
Syn wiif fornom der noait hwat fan en dat like him sa raer ta. It wie alle kearen om healwei trije hinne dat dat mantsje der wie, krekt as de earste kear. En dan krige er 't ôfgryslike binaud. Doe sette er de wekker op 't ôfrinnen fan 2.30. Dan soe syn wiif it ek fornimme.
Mar 't joech neat, hja seach it net, wylst hy dreau yn 't swit. Hy gong der elke kear ôf, dan roan er om 't hûs hinne om to sjen of dêr ek hwat wie, mar hy seach noait hwat bûten. Dat gong wol in healjier sa. Doe gong er hinne en sliep by syn heit, mar dêr gong it krektengelyk, om de oare nacht.
Doe wied er in kear oan 't wurk yn 't Reiddjip by Zoutkamp yn Grinslân. Syn wiif wie mei gong, dat wie de gewoante.
Oare arbeiders hienen har froulju ek meinom. Dêr slepte er yn in keet. Dêr is er it kwytrekke.
De duvel hie him dat oandien. Hwant hy spotte mei God en de duvel.

Rottevalle

Us âlde beppe hat alris in hiele lange nacht by in lyts bern yn aksje west. It bern die oars neat as moarte en gûle. Der moest it bern hwat skele. Mar hwatte?
Doe gongen se nei Antsje Snipel ta. Dy wenne oan 'e Trije Roede yn Feansterheide. It wie de moarns bitiid.
Antsje krige gau de kofjepot en geat dêrfan yn. Sy sei tsjin beppe: "Bern, bern, hwat hastû in minne nacht hawn! Drink gau hwat kofje op!"
"Ik kom foar myn bern", sei beppe.
"Ja," sei Antsje, "dat wyt ik. Dyn bern, dêr binne kweade egen oer gong. Mast op dy en dy buorfrou lette. Dy mat bislist har egen net oer 't bern ha, oars komt it net goed."
Doe sei se tsjin beppe, hja moest fleartokjes foar de doar lizze. Dat hat beppe dien.
Dyselde deis kom buorfrou by de doar. Dat wie deselde dy't Antsje oanwiisd hie as de skuldige. Hja pûstte en bleasde der oer.
"Hwer hastû west?" frege se beppe.
"Dat kin dy neat skele", sei beppe.
"Hoe is 't mei de lytse jonge?" frege se doe.
"'t Kin dy neat skele", sei beppe. En doe smiet se gau in skelk oer de lytse jonge hinne, hwant dat minske mocht har egen net oer him gean litte. Hja koe der wol ynkomme. De takjes flear ha neat jown. Mar sy hat it bern net sjoen. En it hûs woarde har forbearn.
Doe woarde it jonkje wer better.

Rottevalle

Tusken Beetstersweach en Lippenhuzen yn 'e bosk, dêr is froeger in soldaet formoarde.
Letter, seinen se, spûke dêr in soldaet om sûnder kop en dy rattele dêr altyd mei syn bajonet. Guon wienen dêr bang foar en doarsten dêr froeger net lâns.

Rottevalle

Der wienen ris twa poepen, dy wienen by in boer oan 't meanen. Op in joun mei moai ljochtmoanne helder waer gongen se togearre nei 't doarp ta. Doe moesten se oer in plankje. Doe't se dêr wienen seagen se de folle moanne yn 't wetter skinen. Sy tochten dat dat in tsiis wie en hwat de ien to dwaen hie, dy smiet syn jas út en sprong yn it wetter om de tsiis to pakken. Mar de tsiis gong iderkear wer fuort en hy koe him net krije.

Rottevalle

By de Krúswetters koe noait in skip oanlizze. Dêr waerden de ankers yn 'e nacht op it skip smiten. Dan lei 't skip de oare deis los. Net in skipper dy't dêr lizze doarst. In skipper hat it my forteld.

Rottevalle