16 datasets found
Dutch Keywords: sterven Place of Narration: Rottevalle
As de swarte roeken sa to kear gongen by it jirappeldollen op it lân dan komt der in bigraffenis. Ek as de eksters bot skatterje.
Der wienen ris twa bûtenlanners yn Ljouwert yn in hotel en dy bistelden dêr in diner. Der woarde fan alles op tafel set, ûnder mear ek moster. De beide hearen wisten net hwat guod as dat wie. It rûkte pittich, dat de iene sei tsjin 'e oare: "Dêr matte wy ek mar hwat fan ha, net?" Doe nom hy der in leppelfol út en brocht it yn 'e mûle. Mar dat bikom him...
Wie der ien stoarn, dan woardde de nuddel en tried, dêr't it deadshimd mei naeid wie, mei yn 'e kiste dien. De tried mocht net ôfbiten wurde, oars foelen de tosken út.
Krist en Pyt wennen yn 'e Feansterheide yn in hiel lyts húske. Op in nacht seagen se dat by har yn 'e foarmuorre it finster mei ramt en al der út wie. Hja seagen it beide klear. En dochs wie 't sa net. Se wienen wekker woarn troch gestomp en geskou. Letter tochten se dêr net mear oer, mar doe kom dêr in sterfgefal. Doe moest de kiste der út. Dy koe de...
As der in houn spûkgûlde bitsjutte dat dat der ien deagean soe. As de swarte roeken om 'e doar kamen bitsjutte dat in sterfgefal. 't Wie de foarboade fan 'e rou.
Mem wist fan tofoaren dat se ús Minne forlieze moest. Dat hie se sjoen. Minne wie 19 jier doe't er stoar. Dêr hie mem it hiel bot mei to dwaen. Hja wie hast in bytsje forstandeloas, sa slim wie 't. Krekt fóár syn dea sei mem tsjin him: "Is 't goed mei dy, Minne?" "Jawol," sei Minne, "ik kom goed toplak." Mar mem wie dêr net gerêst oer. Hja twifele der oan...
Piter Postma, byneamd Piter Kûper wie myn omke. Hy fordronk op 'e Leijen. Hy foel achter de boat mei hout yn it wetter. Swimme koed er net, 't wie min waer, der stienen hege baren. It wie al gau bikend yn 'e Rottefalle dat er fordronken wie. Alde Hindrik en Wijke wennen tichte by de Leijen. Dêr gongen se hinne om in pream dêr't se allerhande ark yn...
Op 'e Mûzegroppewei hat Sytse Batema syn dochter de hals útsnien. It bloed ha se letter net wer út 'e flier krije kind.
Hinse Jehannes de Boer moest wolris it tsjerkhôf yn de Pein foarby. As er dêr wie, sei er: "Ik mat ek even mei myn broer prate." Dat wie Abele. Dy lei dêr op it tsjerkhôf.
As in houn spûkgûlt, dan duorret it net lang of dêr komt in deaden yn 'e buert.
Men mat noait midden op 'e wei rinne by nacht, hwant dan kin men tsjin in lykstaesje oanstompe.
Jan de Wylde wie in âld-Oastgonger, dy wenne yn 'e Rotfalle. Dat wie in raren ien. Sûpe, flokke en raer praet. Hy en syn wiif koenen mei elkoar as houn en kat. Syn wiif is fordronken. Doe't dat gebeurd wie, sei er tsjin syn buorlju: Toen Jan zijn kribbig wijf ontviel, zeg ik: De duivel heeft haar ziel. 'k Wou, had hij 't lichaam er ook nog bij, dan was ik...
Dy't ienkear frijmetseler is, komt der noait wer by wei, hwant hy is oan 'e duvel forkocht. As ien fan 'e frijmetselers net folgens it reglemint handelt, wurdt er stil fan kant makke. Hy fûstket mei twa fingers ynpleats fan mei de hiele hân. Frijmitselers ha noait forlet fan jild.
As jo op snein hwat weijowe, dan stjerre jo net op in snein. Knoffelbânlizzers binne altyd op in Snein geboaren. Dy't Sneins neilknipt mat de stikjes neil yn 't hjirneimels wer opsykje.
By de Fûgelkamp yn 'e Harkema spûke it froeger altyd. Yndertiid binne dêr fjouwer berntsjes yn in hûs forbrând. Letter spûken dêr altyd fjouwer lytse neakene berntsjes om.
Yn it hûske fan Sytse Bates woenen de bloedplakken nei de moart noait fordwine, seinen se altyd. De lju makken in rymke: Sytse Bates dy is gemien, dy hat syn dochter de hals útsnien. En doe wied er sa binaud, doe hat er himsels de kop ôfhoud.