3,641 datasets found
Dutch Keywords: man Place of Narration: Rottevalle
Myn man wenne froeger by Nikus Veenstra, dy wie boer op Luchtenfeld. Dy boer hie in ûngeboaren berneearmke. Dêr koed er alles mei.
nl.verhalenbank.33050
In wjerwolf is in manspersoan dy't noait sêd kin. Hy fret as in wjerwolf, sizze se.
nl.verhalenbank.27734
Op in kear wie Hinse Jehannes de Boer thúskom, doe hie er allegearre smetlapen oan 'e kop hawn. Doe fregen se him hoe't er dy krigen hie. Hy wie aerdich hwat boppe syn théwetter. Doe sei er: "Ik ha mei de duvel oan 't fechtsjen west." Hy focht wol faker mei de duvel. Dan koe men him wit hoe fier razen hearre.
nl.verhalenbank.33791
Sytse Jager fan 'e Harkema mat by de Fûgelkamp is raer smiten woarn wêze, oer diken en alles hinne.
nl.verhalenbank.27717
By de dikke beam oan 'e Bomkleaster wei yn 'e Harkema spoeke in man, dy stie dêr altyd yn 'e daem. In protte minsken doarsten dêr jouns net lâns.
nl.verhalenbank.32971
Ien fortelde my, der wie in man, dy siet boppe op 'e skuorre. 't Wie in reiddekker. Doe glied hy by it dak del. Doe rôp er ûnder 't fallen: "Krij dy gripe dêr even wei, oars fal ik dêr yn!" Dat mat hjir yn 'e omkriten gebeurd wêze. Dy't it mar leauwe wol.
nl.verhalenbank.33782
Hinse Jehannes de Boer moest wolris it tsjerkhôf yn de Pein foarby. As er dêr wie, sei er: "Ik mat ek even mei myn broer prate." Dat wie Abele. Dy lei dêr op it tsjerkhôf.
nl.verhalenbank.33790
Mem fortelde, der sieten ris guon to kaertspyljen. Ien fan dyselden woarde samar stiltsjes wei. Dat wie de duvel.
nl.verhalenbank.33007
Sy koenen Sterke Hearke noait sa stevich bine mei touwen, hy kom altyd los.
nl.verhalenbank.34453
Piter Scheper fan Houtigehage koe de minsken de koarts ôfnimme. Hy brocht de koarts oer op in beam of in bjintepôlle. Dy beam (of de pôlle) bigoun dan to triljen en to skodzjen fan 'e koarts.
nl.verhalenbank.32832
Hjir yn 'e Rottefalle hat in man west, dat wie o sa'n raren-ien. Hy sei op in kear: "As der dan in duvel is, woe ik him wolris tsjinkomme." En doe gong er de Skeanpaden lâns. Doe kom de duvel him tsjin. Doe is 't him raer forgong.
nl.verhalenbank.33055
Op 'e Rydloane to Rottefalle wenne in man, dat wie Hindrik (en Janke), dat wie ek in frijmitseler. Mar dy wie de duvel to tûk. Dy soe fan 'e duvel in learsfol jild ha. Hy gong hinne en sette in lears op 'e nael fan 't hûs. Mar earst hie hy de soale der ûnder wei snien. En doe bigoun de duvel mei jild to smiten. De lears rekke net fol en Hindrik krige in...
nl.verhalenbank.33057
Jan Hepkes fan 't Surhústerfean kom der ris in kear mei de bakfyts oanriden op it Wytfean. By Tsjerk Jans wienen se krekt mei in keppel hoklingen oan 't forweidzjen. Jan woe der graech troch, mar hy woarde troch dy hoklingen opkeard. Hy moest even geduld ha. Mar hy hâldde altyd in goed sin. Hy sei: "Och, alles komt terecht, maar de verzopen dubbeltjes...
nl.verhalenbank.27735
Wibe Alma fan de Harkema wie us op in joun ûnderweis nei hûs ta. Doe kom der him in dikke swarte houn op side. Wibe wie binaud, hwant dy houn wykte net by him wei. Dy bleau salang by him oant er thús wie. Sy neame sa'n dier in pleachbeest, mar 't is eins de duvel. Wibe fortelde ek dat it de duvel wie.
nl.verhalenbank.27713
It gebeurde op in kear dat in stik of hwat mannen in rest beammen kapten. Der wie ien hiele dikken by. Even letter wienen se oan 't skreppen om dy iene grouwe beam op 'e wein to krijen. Mar dat koenen se net rêdde. Doe kom Hearke der oan. Hy sei: "Lit my ek mar ris prebeare." Hy krige de beam en lei him op 'e wein. Pûr allinne. Mar de boom fan 'e klompen...
nl.verhalenbank.32964
Sweitse de Wit seach oan 'e Terpstra-wei - sydpaed fan 'e Spekloane - by tsjuster altyd in fôlle rinnen, dy't dêr omspoeke.
nl.verhalenbank.20975
Alde Boardzer Bruining (_) fan 'e Boelensloane seach lykstaesjes en dan duorre it mar even, dan wie der yn werkelikheit in bigraffenis. Hy wie mei de helm geboaren.
nl.verhalenbank.34446
Boardzer Bruning hat ris op in kear allegearre soldaten op 'e wei rinnen sjoen. Hy sei: "Nou komt hjir gau oarloch." En 't wie èk sa. Ridlik gau dêrnei bruts de oarloch út. Doe kommen de Dútse soldaten op 'e lappen, dy't Boardzer sjoen hie.
nl.verhalenbank.32826
Jan Sytses (Dykstra) wie in âld skipper fan Eastemar. Dy koe tige lige. Hy fortelde: "Ik haw ris mei 't skip op in plak west, dêr wie 't reid sa lang, dat it rikke boppe de mêst út."
nl.verhalenbank.33726
Gjert Bargerbos fan Houtigehage wie ek net yn syn earste leugen smoard. Dy fortelde, hy wie ris thús, doe woarde 't needwaer. It waeide in stoarm. Hy tocht: donders, as dit mar goed komt mei 't tek, as dêr mar net in gat yn waeit en de wyn dêr ûnder komt, dan komt it hiele dak fan boppen. Dat doe wie er op it dak klommen mei in leider. En dêr hied er noch...
nl.verhalenbank.33727