Sytse Jager fan 'e Harkema mat by de Fûgelkamp is raer smiten woarn wêze, oer diken en alles hinne.
Op in kear wienen in moai keppeltsje manlju der mei dwaende in hiele swiere beam op 'e wein to tillen. Mar dat woe har net slagje, de beam wie 't folkje to swier. Doe kom Hearke der oan. Hearke sei: "Wachtsje mar, ik sil jim wol even helpe." Doe tilde hy allinne dy swiere beam op 'e wein. Doe't de beam dêr goed en wol lei gongen de manlju nei de herberch...
Op in kear wie Hearke oan 't dongmennen. Hy hie in âld hynderke foar de dongwein. 't Wie by him thús. Mar 't âld-hynder koe de wein mei dong net út it skerngat krije. Doe sei Hearke: "Ik sil de brune even helpe." Doe hied er de wein der allinne út lutsen.
Yn Eastemar wenne Durk Boadskip (= D. Brodze = D. v.d. Veen). Dy wie op in joun op 'e Swarte Wei. Doe gebeurde it dat der in lykstaesje oankom sûnder dat er it seach. Doe rekke Durk foar by de lykwein op en achter der wer by del.
Der stie ergens yn in gemeente in doomny dy hie foar gewoante to sizzen: "Als ik kom, dan kom ik haastiglijk." De man hie ek ta moade dêrby wit hoe fier oer de preekstoel hinne to bûgen. It jongfolk tocht, dêr moatte wy us in grap fan ha. Doe saegden se op in kear de preekstoel troch. Krekt doe't de dûmny sein hie: "Als ik kom, dan kom ik haastiglijk" en...
Der wie in man, dy ried mei in fracht koalrapen nei hûs ta. Hy seach dat it hynder it hast net lûke koe. Hy tocht: ik sil dy hwat helpe, bistke. Doe naem er in sek, treau dy fol koalrapen en gong mei dy folle sek boven op 'e wein stean. Dy sek droech híj. It hynder soe nou grif better lûke kinne, tocht er.
Yn it hûske fan Sytse Bates woenen de bloedplakken nei de moart noait fordwine, seinen se altyd. De lju makken in rymke:
Sytse Bates dy is gemien,
dy hat syn dochter de hals útsnien.
En doe wied er sa binaud,
doe hat er himsels de kop ôfhoud.
