13 datasets found
Dutch Keywords: duivel Place of Narration: Rottevalle
Der wienen ris twa jongfeinten, dy woenen de kloklieder bangmeitsje. Se gongen boven op elkoar stean tsjin 'e muorre fan 'e tsjerke oan. Dêr moest de koster lâns. Dy hie fuort yn 'e gaten hwat der to rêdden wie en sei: "Ik ha wolris twa op elkoar sjoen, mar noch noait trije." Doe woarden de twa jongfeinten bang en naeiden út.
In bulte minsken hienen nachts hwat op side sûnder dat se wisten hwat it wie. Ik ha faek fan dy forhalen heard. 't Woarde meastal yn forbân brocht mei de kweade.
Op in kear wie Hinse Jehannes de Boer thúskom, doe hie er allegearre smetlapen oan 'e kop hawn. Doe fregen se him hoe't er dy krigen hie. Hy wie aerdich hwat boppe syn théwetter. Doe sei er: "Ik ha mei de duvel oan 't fechtsjen west." Hy focht wol faker mei de duvel. Dan koe men him wit hoe fier razen hearre.
Mem fortelde, der sieten ris guon to kaertspyljen. Ien fan dyselden woarde samar stiltsjes wei. Dat wie de duvel.
Folkerts Sjut fortelde, op in kear roun der in frou op 'e Swartfeanster wei. 't Wie in hiel iensum paed. Doe kaem der ien njonken har to rinnen en dy gong net wer by har wei. Doe't se goed taseach, seach se dat er twa bokkepoaten hie. Doe bigoun dat minske it 'Onze Vader' op to sizzen. En doe't se sein hie: Verlos ons van den boze, doe wie dyselde ynienen...
Jan de Wylde wie in âld-Oastgonger, dy wenne yn 'e Rotfalle. Dat wie in raren ien. Sûpe, flokke en raer praet. Hy en syn wiif koenen mei elkoar as houn en kat. Syn wiif is fordronken. Doe't dat gebeurd wie, sei er tsjin syn buorlju: Toen Jan zijn kribbig wijf ontviel, zeg ik: De duivel heeft haar ziel. 'k Wou, had hij 't lichaam er ook nog bij, dan was ik...
Dy't ienkear frijmetseler is, komt der noait wer by wei, hwant hy is oan 'e duvel forkocht. As ien fan 'e frijmetselers net folgens it reglemint handelt, wurdt er stil fan kant makke. Hy fûstket mei twa fingers ynpleats fan mei de hiele hân. Frijmitselers ha noait forlet fan jild.
Guon koenen mei Skoppenboer in flesse drank komme litte. De folle flesse sweefde even letter boven de tafel om. Dy't de flesse fuortstjûrde mocht him net wer oankrije. Dat moest in oar dwaen. Dy dy 't net dan gong 't raer. It earste romerfol moest fuortsmiten wurde. Dat wie foar de kweade.
Yn 'e Harkema hienen se duveldrek ûnder 'e drompel, dan koe de tsjoenster der net oer komme. De bern hienen 't ek yn in pûdtsje op 't boarst. De bargen hienen duveldrek ûnder 'e trôgen. De duveldrek kochten se yn Drachten by David Flud (= de Vrieze). David Flud sei dan: "Even wachtsje, hy mat it noch lizze."
Tsjoensters foroarje har yn katten, is 't sizzen altyd. As in houn spoekgûlt komt der in sterfgefal. Dat leauwe gâns lju. Frijmitselders ha har oan 'e duvel forkocht.
As ús omke en muoike in paed lâns rounen, seagen hja gau ris de kweade neist harren. (Minsken, dy tige tsjerks wienen, praetten nea fan de duvel. Dat wie sûndich.) Omke en Muoike seinen dan it Onze Vader op. Der stiet yn fan: Verlos ons van den boze. nou? En dan wie de duvel ek meiien fuort.
Hja seinen froeger altyd, dat de duvel trije poaten hie: in bokspoat, in hystepoat en in minskeskonk.
I. De duivel 5. Zijn U bepaalde personen bekend, die als duivelbanner of duivelbanster worden geraadpleegd? In welke gevallen gebeurt dat? Bijlage Yn myn jonge jierren sawhat 1890, al rom 60 jr. li(d)en, gongen der wol minsken nei 'n “froede” frou yn De Rottefalle. De namme wie(r) Hinke; de man hjitte Frans Hoekstra. Hinke died mei oan it skoalle...