4 datasets found
Dutch Keywords: vrouw Place of Narration: Noardburgum
Jehannes Tsiisrinder koe de froulju samar de rokken ôfsakje litte. Hy wie in master yn 'e frije kunst.
Oan 'e Simmerdyk wenne in boer, dy hie in hynder. Dat beest hie altyd sa'n lêst fan 'e nachtmerje, dat hy hie elke moarn de knopen en flechten yn 'e moanjes sitten en hy dreau yn 't swit. "Ik woe wol, dat ik wiste hokker frommes him dat lapt," sei de boer, "dan stuts ik har mei de foarke yn 'e bealch."
Der binne froulju, dy ha in pleachbeest binnen yn har lichum. Achter Ljouwert wenne in faem, dy't tige werke koe, by in boer. Doe't de frijer by har kom, siet se twa ûren lang dea op 'e stoel. It pleachbeest wie salang út har wei. Dat gong ta 't finsterke út. Dy feint hat it sels sjoen. Hy hat de boer der by roppen. Mar net sa gau wie it pleachbeest wer...
To Feanwâldsterwâl wenne in frou, dy hie in toverboek. Op in kear siet se to sliepen. Doe bigong har fanke yn dat boek to lêzen. En wylst se dêr lûdop út lêsde, kom der fan alles út 'e hurddobbe wei: soldaetsjes en ierdmantsjes en einen en alsamear. Doe woarde 't âld-minske wekker. Dy sei: "Hwat hastû lêzen?" It fanke wiisde 't oan. Doe bigong it âld-...