64 datasets found
Dutch Keywords: vrouw Place of Narration: Harkema
In nachtmerje komt ta 't slotsgat yn. Op in kear kom der in nachtmerje by in widner mei trije bern. Dy man hie moal op it gesicht struid en doe koe dy nachtmerje net wer fuort komme. De oare moarns wie se noch by him yn 'e hûs. "Jo ha my fangd", sei se tsjin 'e widner. Sy koe net wer fuort komme, hwant sy hie moal oan har en in nachtmerje mei neat...
Hindrik Vaatstra seach mei eigen eagen in kiste op it hiem stean. Koarte tiid dêrnei kom syn eigen wiif to forstjerren.
Hindrik Ophuis syn wiif gong der wol op út to naeijen. Sy kom ek by in frommes, dat wie in tsjoenster. Dêr krige se in stik krintebôlle en hja hie forgetten de earste hap út to spuijen. Hie se dat dien dan koe 't gjin gefaer. Sy kom thús, deabinaud. Mar har eigen keardel Hindrik Ophuis wie ek in tsjoenster. Dy wist der alles fan en sei: Dû mast roggeieren...
It spoekjend frommis fan 'e Lange Loane Hjir op 't Fean (Surhústerfean), hat ris in dokter west dat wie in frijgesel. Hy wenne mei syn suster. Dat wie in hiele frjemde keardel, de namme kin 'k op 't heden net betinke. Hy hie net in wein; hy gong geandefoet nei de pasjinten en dan hie er in dikke swarte hûn mei. As er fierder nei de klanten moast, dan...