It wie yn 1907. Wy wennen yn 'e Warmoldsstrjitte, hjir yn 'e Harkema. Mem en dy slepten yn 'e foarein fan 't hûs, mar sy hearde nachts timmerjen yn 'e achterein. Dat hearde se wol trije nachten achter elkoar. Mar der wie neat. Der woarde net timmere. Doe't se ècht oan 't timmerjen rekken, wie 't wol tsien wiken letter. Mar doe timmeren se oerdeis, mar net...
Doe't ik noch yn 'e hûs wie - wy wennen oan 'e Grinslânse wei ûnder Surhústerfean - sei ús mem op in moarn: "Ik ha fannacht de hammers slaen heard op 'e spanten en houten. Hjir kin wol us in nij hûs komme." Dat is ek gebeurd.
Der wienen in boer en in frou, dy soenen nei stêd ta. De feint en de faem wienen togearre thús. De feint sei: "Nou sille wy hjoed lekker ite, fanke." Dat like de faem goed ta. Doe't it tolve ûre wie sieten se achter 't miel. It allerlekkerste wie opdist en 't smakke har tige. Doe't it iten dien wie, sei de feint: "Heerlijk gegeten en gedronken en nu maar...
Der wienen in boer en in frou en dy hienen in papegaei. Dy hiet fan Popke. Dy wie o sa tûk. Op in kear soenen de boer en de frou nei stêd ta. De feint en de faem soenen salang op it hûs passe. De boer lei in tientsje op 'e tafel del en sei tsjin 'e papegaei: "Popke, wolst der op passe, hwa't dit tientsje der wei kriget?" "Ja," sei Popke, "dat komt in...
Myn broer Piter (^) kom us op in nacht by de froulju wei. Doe seach er hwat út 'e loft fallen. 't Wie in wyt ding. 't Gebeurde by de Krúswei. It ding sûze hiel bot. Piter wie stjerrend-binaud. 't Wie ljochtmoannewaer.
De frou fan myn broer Albert seach froeger by joun allegear ljochten oan 'e Nije Wei, omheech yn 'e loft. 't Liken krekt allegearre lampkes. Letter kamen dêr de lantearnen to stean.
Ik en myn wiif hienen us to jounpraten west nei myn swager Fokke Alma, dy't oan 'e Betonwei wenne hat. Wy gongen werom, doe kom der in grouwe, swarte houn by ús. As wy steanbleauwen, bleau dy houn ek stean. Wy woarden beide binaud. Doe't wy oan ús folke hûs ta wienen, gong myn wiif dêr yn 'e hûs. Ik bleau stean en krige it mes. Mar doe seach er my lyk oan...
In frou út 'e Harkema roan op 't midden fan 'e wei. Doe tocht se: "Heden, hwat giet dat swier." Doe gong se by in lykwein op.
Knjillis Praamstra fan 'e Harkema wie us in kear op Drachtstermerke. Doe seinen se tsjin him: "Ast wite wolste mei hwa st' trouwe silste, dan kinst har to sjen krije." Doe gong er in tinte yn. Dêr wie in swarte spegel yn. Doe seach er dêr in frommes yn dy spegel. 't Wie in donker frommes, dêr is er ek mei troud. Ik ha har wol kend. As der gjin faem yn 'e...
As de krânsen, dy't yn in kessen sitte, forbrând wurde, forgiet it frommeske - de tsjoenster- fan 'e pine. Guon tsjoensters hâlde der popkes op nei, dêr't se mei nuddels yn stekke.
Om de tsjoensters to kearen docht men duveldrek ûnder 'e drompel fan 'e doar. Dêr kinne tsjoensters net oer komme.
Ik ha us in nachtmerje by my hawn, doe wie 'k op 't lêst sahwat oan 'e dea ta. Doe fornom ik, dat er stadichoan wer by my wei krûpte. Der wie no in boer, dy hie in hynder, dat hie in protte lêst fan 'e nachtmerje. Moarns sieten der altyd flechtsjes yn 'e moanjes en it beest switte altyd as in oandrager. Doe op in joun struide er moal op 'e rêch fan it...
Freark van der Veen wie us in kear op in joun let yn 'e Fûgelkamp. Doe seach er dêr in lykstaesje foarby kommen. 't Wie oan 'e âlde Boskreed. De regenkleden fan 'e froulju hearde er wapperjen. Hy woarde sa binaud, dat hy die de hannen foar de egen. 't Wie tjirmerije.
Harkema
Ruerd van der Veen Sr. koe min mei 't wiif. It minske hat gjin leven by him hawn. Njonken 't hûs hied er in gat. Dêr smiet er stront en modder yn. Dat kom dan oer de greid. Der stie altyd wetter yn. Dêr smiet er syn wiif soms yn. As se dan oerein kaem om der út to wrotten, trape hy har der wer yn. Hy koe tsjoene. Hy koe de thépantsjes samar bûge. De...
Harkema
Ruerd van der Veen, dat wie de pake fan myn wiif. Dat wie de duvel gelyk en in minnen ien. Skoanheit - dat wie ek in Ruerd van der Veen - wie trouwens neat better. Pake Ruerd wie by 't timmerjen. Op in kear timmere hy op it Bomkleaster. Hy soe de jouns nei hûs ta. It bakje mei ridskip hied er op 't skouder. Hy moest oer in houtsje. Doe stie dêr in frommes...
Der wie us in hottentot. (In hottentot is in lyts keardeltsje, dat ûnder tsjinst is), dy koe de reis net mear dwaen nei Ljouwert ta. 't Wie al let op 'e joun, dat hy tochte, doe't er oan it Barrahûs ta wie: Hjir klopje ik oan. De boer sei: Jo kinne hjir fannacht wol bliuwe. Doe't se in skoft byelkoar sitten hienen, woarde der wer kloppe. Doe liet de boer...
Der wie in keardel, dy kom faek dronken thús. Dan koe it wiif mar rûmte jaen, hwant hy sloech de boel stikken en hy joech har ek in wân op 'e hûd. Hja hie de gewoante en gean dan even nei de buorlju ta. Dy minsken brochten har dan letter wer nei hûs. Dan lei de man meastal to sliepen ûnder 'e tafel. Dan gong hja op bêd. Op in kear kom er wer dronken thús,...
Germs Harmke is in nachtmerje. Harmke is ien fan acht dochters. Ien fan acht susters is altyd in nachtmerje. Myn suster Saek hat ek acht famkes. Saek seit: Us Anne, dat is in nachtmerje. Dêr ha 'k lêst fan. Ik haw in kear de gedaente fan in nachtmerje sjoen. It wie in frouspersoan. Ik ha roppen, mar ik koe net. De hals woarde my tichtknypt. Men mat wyt...
Ik haw ek in frommes by ús kend (Harkema) dat hie altyd in sydstikje roggebrea op it boarst. Dat die se fanwege de tsjoenderije. Hwant brea is heilich.
Doe't heit stoarn wie en mem weromkom fan 'e bigraffenis hat se dúdlik heard: "Het zwaard zal van uw huis niet wijken." Dearnei binne der trije bern stoarn.
Harkema
Us mem seach fier fan to foaren de fytslampen op 'e wei. Mem seach dy ljochtsjes kommen en gean.
Sy wienen samar foarby. Dat wienen letter de fytsen.
Harkema