64 datasets found
Dutch Keywords: vrouw Place of Narration: Harkema
As in frou froeger to licht fan gewicht wie, dan seagen se har foar in tsjoenster oan. Dan wie se mei de boaze geast behept.
In frou hjir fan 'e Harkema fortelde: "Op in kear kom der in frommes by my mei de sinteklazekoer. Ik moest de bern hwat jaen, sei se. Ik fortroude it net, hwant it minske gong foar in tsjoenster troch, mar ik die 't al. 'k Hie twa bern, 'k joech se elk hwat dat ik fan it minske kocht hie. Dêr hienen jy 't letter al, 't iene bern wie bitsjoend. Doe ha 'k...
Der wie in man, dy siet yn it lân to melken. Doe kom der in frou oan. 't Wie waerm waer en dy frou hie och sa'n toarst. Hja tocht: "Hie 'k mar hwat to drinken." Doe't se dy man dêr sitten seach to melken, frege se: "Ha jo ek hwat molke foar my?" "Né," sei de man, "ik kin de molke oars wol brûke, dêr krije jo gjin fan." Doe hearde dy man sizzen: "Geef die...
Wol men gewaer wurde as men mei in man of in frou to dwaen hat, dan mat men sa'n ien, wylst er sit in apel tasmite. In man slacht by 't heinen fan 'e apel de skonken nei elkoar ta, it frommes docht se fan elkoar.
Oan 'e Lytse Wei is ris in frommes formoarde woarn. De bloedplakken komme altyd wer op 'e beam, dêr't it gebeurde.
Der wie in man dy hie toarst. Hy trof in frou, dy siet krekt to melken. "Mei 'k hwat molke ha?" frege er. "Né", sei de frou. Doe draeide de koe de kop om en sei: "Jawol, jow dy man molke." Doe woarde dy frou kjel en joech him molke.
Achter 'Spimeta' yn 'e Bosk seach ús mem op in joun twa famkes mei skelkjes foar en huodtsjes op. Dy spûken dêr om.
Tsjerke Iebeltsje koe knoffelbân bine. Hja die it foar twa of trije sinten. Hie men de pols of it ankel forknoffele, dan die hja dêr trije triedden omhinne. Dan preuvele se hwat en bitaestte de pols of it ankel. Men moest op snein geboaren wêze om it to kinnen.
Yn 'e Ham wienen Ruerd van der Veen en syn hantlanger. Hja wedden der om, hwa't it it raerste opsizze koe. Ruerd hie syn eigen wiif it boarst yntrape. Hja woarden beide smiten.
Der wie in widdou mei bern. Dat minske krige it sa earm, dat sy hie neat mear, dat se de bern jaen koe om to iten. Doe lei it minske in fjûr oan fan stiennen. Doe't de bern fregen, hwat se die, sei se: "Mem makket in fjûr fan stiennen en mem giet nou fuort en as dy stiennen forbrând binne, dan kom ik wer mei iten." Mar hja kom noait wer.
Rixt wie in dochter fan sterke Hearke. Hja wie boerefaem en hast like sterk as har heit. Ik wie yndertiid molkrider. Op in kear, doe't ik de folle bussen op 'e wein sette soe, stie Rixt der by. "Hwer wolst se ha, jonge?" frege se my. En hja sette de bussen mei de tûmen samar op 'e wein op 'e plakken dy't ik oanwiisde.
Ik haw in kammeraetske hawn, dy gong der nachts wol ôf. Dan moest se hwat sjen.
Us mem hearde froeger wol us timmerjen hjir en dêr. Dan kom der letter op sokke plakken in hûs of in hok to stean. Dat gong altyd troch.
As in âld-wiif mei de hân oer de knoppen fan in knopstoel omwreau, dan koe men der mar fan op oan dat it in tsjoenster wie. Sa'n ien moest men yn 'e rekken hâlde.
Hjir hat in biruchte tsjoenster wenne. 't Wie Tet, de frou fan Alle Wagenaar. Myn buorman Willem van Doezum en Auke Schievink soenen togearre op in joun to murdefangen. Doe't sy oan Alle Wagenaar ta wienen seagen sy dêr in swarte kat. Dy kat kom by har. Sy koenen dy kat net kwyt wurde. Doe tochten se: "Wy sille him deaslaen!" Mar dat koenen se net. De kat...
Beppe hat us nei âlde Tet op 'e Bulten ta west om hwat nije kop-en pantsjes. Dy hie Tet to keap. De bern seinen: "Tink der om, mem mat der neat opite!" Mar beppe dronk der in bakje kofje op mei in grou klontsje der yn. Mar doe't se thús wie mei har kop-en pantsjes, treau se dy ús mem gau ta en sei: "Hjir pak dit gau oan." Tagelyk spuide se har hast it...
Yn froeger tiden spoeke it op 'e ikkers fan Droegeham. It wienen froulju mei pearse jakken oan.
Yn 'e Harkema wenne in frommes, dy wie mar allinne thús. Har man wie nei stêd ta. Hja tochte: "Ik mat mar pankoeken bakke." Mar omdat it moal op wie, gong se nei de winkel en boarge dêr in poun, hwant har man hie de sinten by him. Wylst hja oan 't pankoekbakken wie, kom der in giele kat om 'e hoeke fan 'e doar en dy bigong tsjin har to praten:...
Noch net sa mâlle lang lyn traktearre in âld wiif in jonge op pankoeken. Doe't er thús kom, bigong de jonge to koarjen. Dat wie syn gelok. It wienen allegearre slangehûden dy't der út kommen. It gebeurde yn 'e Harkema. Twa fan syn susters woarden doe sa lulk op it âld wiif, dat hja roannen nei har ta en seinen: "Nou silstû, âlde duvel, stjerre!" Mar it...
Op in kear kom Hindrik Pyl by Willem Stienstra. Willem sels moest fuort. Mar hy sei tsjin 't wiif: "Pas op, dat âlde Hindrik net by de bargen komt." Mar hy kom àl by de bargen en sei: "Hwat binne dat in pear moaije bargen." En hy striek der mei de hân oerhinne. De oare deis wienen de bargen dea.