Jan Hepkes en syn suster Tsjits hienen in winkeltsje, dêr wie fan alles yn to keap, ek rokerij. Op in kear kaem ds. van Riemsdijk by harren op bisite. Dy sei: "Wouda, wat heb je daar een mooi schilderij hangen." Dat wie fan de staalmeesters fan Rembrandt. "Ja," sei Jan, "dat kin wol bisjen lije. Dêr sit in moaije herinnering oan fêst doomny." En Jan...
Surhuisterveen
As Jan yn 'e haeijing woe gong er freeds nei Ljouwert ta of tiisdeis nei Snits. Dêr wienen dan de boeren dy't de mieren útsochten. Sa wie Jan dan ris wer op in tiisdei yn Snits. Doe wie dêr in boer, dy koed er wol. Dêr hied er alris foar ûngetide. Gjin bêste broeder, sei Jan, en in hiel min wiif, in greate stjonkert. Griet hiet se. Doe't dy boer Jan...
In pastoar en in joad, dy kamen togearre op it stasion oan. Doe sei de pastoar: "Ik wil eerst nog een broodje met ham hebben. Toe, neem jij er ook een, 't is lekker man", sei er tsjin 'e joad. "Né," sei de joad, "skinke is fan 'e baerch, dat meije wy net ha." En hy bistelde in broadtsje mei tsiis. "Och, och," sei de pastoar, "je weet niet wat je mist."...
Surhuisterveen
Der wie in doomny, dy joech fragelearen oan 'e lytse jonges. Hy bigoun by 't bigjin fan 'e bibel en fortelde oer Adam en Eva. Hy sei: "Nou vertel ik het jullie en dan zullen wij eens zien wat jullie er de volgende week nog van weet." Der wie in lytse jonge by, dy koe net bêst ûnthâlde. Dy tocht: ik skriuw it oan 'e binnenkant fan 'e bân fan 'e broek. Dan...
Surhuisterveen
Op in kear doe siet Douwe Stavasius by ús. Der stie op it hiem in buorfrou mei in lyts bern op 'e earm. Hy sei tsjin har: "Ja, Janke, dû silst net lang mear mem fan dat bern wêze." Binnen trije wiken wie it bern dea.
Ik haw us op bisite west. Werom passearde ik it tsjerkhôf fan 'e Boelensloane. 't Wie al hast nacht. Doe spriek der ien fan it tsjerkhôf ta my: "Hier zal uw rustplaats zijn, maar ach, wasnneer?" Dat hat ien fan 'e deaden west, dy't dat sei. Doe moesten wy letter noch nei Limburch ta. Mar wy bin hjir letter wol wer kom."
Surhuisterveen
Fan 'e Surhústerfeanster toer oan it Jachtfjild ta spoeke froeger in neaken frommes. Dat wie yn 'e nacht tusken tolwen en ienen. Wy doarsten dêr nachts net lâns.
Surhuisterveen