3 datasets found
Dutch Keywords: toverij Place of Narration: Noardburgum
Jehannes-tsyske liet de soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme. Dy bigounen dan to marsjearen. Hy liet de tafel ek dounsje en de kachel ek.
Wol men in tsjoenster keare, dan mat men duveldrek ûnder 'e drompel dwaen.
tsjoensters It wier by ús mem en hjar. Op in kear wier ús Grytsje sa raer. Mem tocht, hja koe wol stjerre. En altyd hiene wy beppe op 'e tún mei it skiep oan it tsjoar. Soe dy it bern bitsjoene? Dêrom makken wy it kjessen iepen. Der kamen twa en in heale krâns út, sa great as in krintepofke. Der sieten fodtsjes yn binaeid fan de skelk, dy mem krekt makke...