11 datasets found
Dutch Keywords: sterk Place of Narration: Rottevalle
It gebeurde op in kear dat in stik of hwat mannen in rest beammen kapten. Der wie ien hiele dikken by. Even letter wienen se oan 't skreppen om dy iene grouwe beam op 'e wein to krijen. Mar dat koenen se net rêdde. Doe kom Hearke der oan. Hy sei: "Lit my ek mar ris prebeare." Hy krige de beam en lei him op 'e wein. Pûr allinne. Mar de boom fan 'e klompen...
Sterke Hearke wenne yn Droegeham. Dy luts op in kear in boerewein mei dong laden samar ta de skerne út.
Der wienen ris twa bûtenlanners yn Ljouwert yn in hotel en dy bistelden dêr in diner. Der woarde fan alles op tafel set, ûnder mear ek moster. De beide hearen wisten net hwat guod as dat wie. It rûkte pittich, dat de iene sei tsjin 'e oare: "Dêr matte wy ek mar hwat fan ha, net?" Doe nom hy der in leppelfol út en brocht it yn 'e mûle. Mar dat bikom him...
Hearke wie ek plysje. Dat wie myn pake Gjalt Lindeboom ek. It gebeurde wol dat der in feest wie op in sael yn in herberch. Dan wienen der wolris manlju dy waerden lestich. Dy hienen dan in slokje op en dan woenen se de boel yn 'e war skoppe. It foel dan wol ris foar dat ús pake en Hearke dêr beide oanwêzich wienen. Mar dan sei Hearke tsjin pake: "Meitsje...
Alde Taeke van der Meer fan Houtigehage wie tige sterk. Der wienen ris seis man - allegear fan 'e Houtigehage - mei de spoarlijn oan 't wurk fan Zoutkamp nei Winsum ta. Sa't ik sei, Taeke wie o sa sterk, mar sa't dat mei sterke lju wol mear it gefal is, hy wie hwat oan 'e trage kant. De útfoerder wie gleon-hastich en skelde oeral op om. Op in kear doe wie...
Sterke Hearke en syn broer hienen in âld hynder en dêr fuormannen se mei. As it gebeurde dat de ladene wein yn in bidelte stie en it hynderke koe him der net weikrije, dan spanden de beide mannen it hynder út en lutsen sels de wein dêr wei.
Hearke iet in kop beantsjes hielendal allinne op mei oardel poun bret spek der by mei alle fet, dat der útbret wie. Hy iet in koperen goatling fol sûpenbrij samar achterelkoar op.
By de Skeanpaden by de Foudenswei, op 'e Houtigehage stienen ris in stik of fjouwer mannen, dy moesten fiif allerôfgryslikst dikke beammen lade op in mallejan. Hja wienen der drok mei oan 'e gong, mar hja koenen 't mei gjin mooglikheit oprêdde. Doe kaem Sterke Hearke der oan mei de wein en in âld hynder der foar, dy soe nei Drachtster Kompenije ta. Hearke...
Op in pinkstermoandei kamen der twa minsken achter Grins wei, dy hienen fan Sterke Hearke heard en dy woenen graech wite hoe sterk er krekt wie. Hja kamen by minsken dy wennen yn in heidehutte. Dy fregen se 't paed. Doe wiisden dy minsken de beide mannen it paed. Hja moesten fierderop mar ris wer freegje. Doe seagen se in ein fierder in man, dy wie oan 't...
Op in kear wienen in moai keppeltsje manlju der mei dwaende in hiele swiere beam op 'e wein to tillen. Mar dat woe har net slagje, de beam wie 't folkje to swier. Doe kom Hearke der oan. Hearke sei: "Wachtsje mar, ik sil jim wol even helpe." Doe tilde hy allinne dy swiere beam op 'e wein. Doe't de beam dêr goed en wol lei gongen de manlju nei de herberch...
Op in kear wie Hearke oan 't dongmennen. Hy hie in âld hynderke foar de dongwein. 't Wie by him thús. Mar 't âld-hynder koe de wein mei dong net út it skerngat krije. Doe sei Hearke: "Ik sil de brune even helpe." Doe hied er de wein der allinne út lutsen.