Njonken bakker Welling oan 'e Hearrewei stiet in boereplaets, flak by de skieding fan 'e beide gemeenten. Mem sei, dêr hâldden froeger altyd pleachbeesten op dat plak ta.
Drachten
Heit fortelde: Omke Gjert fan Sumarreheide wie op in nacht op in paed. Doe seach er in neaken berntsje foar him op rinnen. Hy tocht: - hoe komt dat berntsje hjir, ik mei 't wol gau mei nimme - Mar doe't er dat berntsje pakke soe, doe fleach it yn in dobbe. En 't wie wei.
Der wienen ek guon dy ha by 't Blauhûs in beest sjoen, great en swart en dat rattele mei kettings.
Der wie in hiel tsjep fanke, men seach se hast noait sa moai. Der wienen ek trije feinten, dy hienen alle trije smucht op har. Elk fan dy feinten woe dat fanke bislist ha. Mar dat fanke hie hielendal gjin nocht oan dy feinten. Sy woe der graech ôf wêze, hwant sy hie der suver lêst fan. Hoe koe hja se kwyt wurde! Doe bitocht se in list. Hja soe alle trije...
Us heit fortelde ek: Der wie in feint dy joech nergens om. Hy wist net hwat bangens wie. Guon seinen: Dat sille wy him ôfleare. Wy matte him us goed bang meitsje. Doe gong der op in joun yn 't tsjuster ien yn in great wyt lekken stean op in plak dêr't dy feint lâns moest. Dy feint komt der oan, hy rint oan dy feint yn 't wyt ta en seit: "Ik bin net bang...
Sahwat midden op 'e Rottefalster skeanpaden, tichte by 't nije tsjerkhôf, spoeke nachts altyd in neaken berntsje.
Hindrik Meijer fortelde: Ik kom by Meine At wei yn 'e Grinzerpein. 'k Wie rinnende. Underweis hearde 'k allegear stappen njonken my. As ik stean bleau, hearde ik noch ien, twa, trije stappen. Dan roan ik wer fierder. Wer hearde ik de stappen njonken my. Bleau ik stean, dan wer ien, twa, trije stappen. Mar ik seach neat. Ik kom op 't lêst op 'e wei, dy't...
Ik soe us in kear op in joun nei hûs ta. 'k Wie op 'e sintelwei, hjir yn 'e bocht. 't Wie roettsjuster. Doe wie dêr in keardeltsje. 't Wie och sa'n lyts keardeltsje. Ik sei: "Goeijenavend." Mar der kom him gjin lûd út 'e mûle. Ik die in pear stappen fierder. Doe wied er wer njonken my. Ik sei wer goeijenavend. Hy sei wèr neat. Doe taestte ik der op. Ik...
Yn 'e Feanster Omloop wenne froeger Japik Kikkert (= van der Bij). Der lei in greate gracht achter syn hûs. Dêr wienen us twa bern willemoeds yn fordronken troch de minsken dy't doe yn dat hûs wennen. Sûnt dy tiid roannen dy bern nachts altyd om 'e dobbe hinne.
De skuorredoarren, as dienen se dy jouns nòch sa fêst, dy stienen de oare moarns altyd iepen.
Drachten
Us heit hie in broer, dat wie Willem Meijer. Willem stokje neamden se him altyd. Dy forlear syn earste frou. Hja hienen in dochter, dat wie Geeske. Doe't hja forstoar sei se, Geeske, har âldste dochter, moest al har klean ha. Mar dat gebeurde net. Letter kom dy earste frou alle jounen yn 'e keamer. Doe ha se de doomny der by helle. Dy hat in gebet dien en...
Jasper Boomsma fan 'e Houtigehage moest us op in joun let nei 't húske ta. Dat húske stie bûtendoar.
Doe stie dêr in frou mei in dik bosk hier foar de glêzen. Doe't er wer seach wie se fuort, krekt as wie se yn 'e groun sakke.
Drachten
Heit fortelde dat er yn 'e Potmarge to Ljouwert op in plak in berntsje út it wetter wei by 't roer opklaude en as se dat plak foarby wienen, dan wipte it der wer ôf. Dat berntsje hie gjin klean oan.
Der wie in frou, dy hie in gouden skonk. Hja sei: "As ik der us ôf kom to reitsjen, dan wol ik dy skonk by my hâlde. Dan meije jimme dy der net ôfhelje." Dat biloofden se har, mar doe't hja stoar, hâldde de man him net oan syn wurd. Hy nom de skonk der àl ôf en it minske kom sûnder gouden skonk yn it graef. Doe't se ien dei op 't tsjerkhôf lein hie, kom...
Drachten
Der wie in greatfeint, dy wenne by de boer yn Boarn. Op in kear gong er nei Hinke ta. Hy woe de takomst wite. Hinke sei, der soe him in great ûngelok oerkomme. De greatfeint leaude it net. Der wie ek in lytsfeint by har op 'e plaets. Dy wie deabinaud yn 't tsjuster. Doe moest der us in kear in stik ark helle wurde. Dêr moesten se twa, trije stikken lân...
Drachten
By âlde Minse Griper kommen nachts wol us forstoarne minsken, seinen se, dy't in bigearte hienen. Minse Griper moest dan it boadskip trochjaen.
By de grouwe beam yn 'e Harkema spoeke froeger in juffer.
Hindrikje Scholte roan us fan Drachten ôf nei Houtigehage. Doe sweefde der hyltyd in wite gedaente mei.
Yn 'e Boerestreek to Koartehimmen roan in fôlle om mei in brijpot om 'e hals.
Der wie in faem, dy hie in berntsje krige. Hja hie der gjin man foar. Doe hat se dat bern foar de bargen smiten. Mar letter, as hja de bargen fuorje moest, dan forskynde dat bern altyd wer as geest. Dan lei it de hantsjes om 'e rânne fan 'e trôch hinne.
Drachten