3 datasets found
Dutch Keywords: nieuw Place of Narration: Surhuisterveen
Wybren Wouda fan 't Surhústerfean wie ek omrake sterk. Dy wie frachtrider. Herman Bylsma, de smid, fortelde, dat hy hie ris in kear in nij aembeeld kocht. Wybren sei: "Hwer wolst it ha?" "Nou," sei Herman, "op it blok yn 'e smidderij." Doe hie er it aembeeld yn beide hannen nom en foar him úttild en op it blok delset. Hielendal allinne.
Ik wenne op 'e Koatstertille, dat is nou sahwat in jier of tsien lyn, tink. Dêr hearde ik forskeidene jounen achter elkoar, as ik op bêd lei, hammerjen en timmerjen, altyd op itselde plak. Mar dêr gebeurde doe noch neat. Doe moest dêr in nij brêgehûs komme. Dat kom op itselde plak, dêr't ik it timmerjen heard hie. 't Wienen krekt deselde lûden.
Seagen de lju froeger wylde lantearnen, dan woarde der sein: "Dêr komt in hûs to stean."