Doe't de pleats fan 'e stiennen ûlebuorden troch de duvel en syn trawanten boud wie, liet de boer dêr 2 houten ûlebourden opsette, mar dy kamen hyltyd wer del en dêr siet in hynstepoat op. De duvel hie se der ôftrape. Dat gebeurde hyltyd wer. Elke kear wie dêr de print fan in hynstepoat op to sjen. Doe hat de boer der stiennen ûlebuorden op sette litten....
Sumar
Op in joun kaem der ien fan Sumarreheide de pasterijelânnen del. Doe hearde hy ynienen dat it hiel bot op in timmerjen gong. Der waerd mei planken en balken smiten en op 'e nael omkloppe en timmere. Dat wie oan 'e heidewei. De pleats fan Jehannes Romkes de Vries stie der doe noch net, mar hy sei: "Dêr komt skielk in hûs. Ik ha 't sa dúdlik heard." It hûs...
Us mem en heit wienen ris op in nacht togearre to murdejeijen. Doe kamen se op in plak - it wie yn Wergea - dêr waerden bussen delsmiten en se hearden amers ratteljen en al sa mear.
Binnen it jier waerd dêr in nije pleats boud. 't Wie foartjirmerij.
Doe't it hûs fan Bouke Sjonger der noch net stie, ha se op dat plak fantofoaren ljochtsjes sjoen.