Hjir oan 'e Bethlehemsreed hearden guon ris yn 'e nacht dat it op in timmerjen gong. Letter kom der op dat plak in hûs to stean. 't Wie foartjirmerije.
Heit en mem wennen yn 'e Houtigehage, sahwat krekt op 'e grins fan Boelensloane. Op in moarn sei mem tsjin heit: "Der woarde fannacht sa timmere en mei planken smiten hjir op 'e heide, ik ha der net fan sliepe kind. Hjir komt grif in nij hûs." In jier letter stie dat hûs dêr.
Froeger sieten wy yn skimerjoun faek by mem en dy ta de glêzen út to sjen. Dan wienen der soms wylde lantearnen oer de heide. Sy sweefden boppe de tiene-bosk en oer de Feanster wyk. It ljocht gong tusken de beammen fan 't bosk hinne en wer. Dêr't it stean bleau, dêr kom in hûs to stean, seinen se.
Antsje Snipel koe kaertlizze. Sy koe èk tsjoene, seinen se. It kaertlizzen kostte in kwartsje. Mar har suster Tryn Snipel koe 't better. Dêr gong ik us in kear mei myn neef hinne. Ik wie doe sawntsjin jier. Ik frege har: "Ha jo ek hwat ûnder 'e koark, Tryntsje?" "Né, nou net", sei se. Hja forkochten dêr wol drank. "Wolle jo ús de kaert lizze?" "Jawol,"...
Boelenslaan
Ik kom ris yn 'e nacht Houtigehage del. 't Wie oeral donker. Se wienen oerdeis mei in nij tsjerkje oan 't bouwen. Dan gong it drok op in timmerjen. Mar ik hearde dêr dy nachts klear dat se mei balken en planken oan 't smiten wienen. It bounze der oer.
Op in joun wienen ik en myn wiif Marijke bûtendoar hjir op it Wyldfjild. 't Wie stil waer, wy stienen op 'e rûmte. 't Wie stjerhelder. "Stil us even", sei 'k. "Hark, der binne guon oan 't timmerjen." "Dat kin net", sei Marijke. "Nou," sei 'k, "hear dan us, der wurde balken delgoaid." Hja hearde it ek. Ik sei: "Ik gean dat út, ik wol 't wite." 't Wie...
Yn 'e Boelensloane stie in hûs, dêr gyng it nachts altyd op in timmerjen. Even letter woarde dat hûs fortimmere.
Myn broer út Greategast heart wol gauris dingen fan tofoaren. Hiel faek heart er timmerjen.
Dan komt der letter op sa'n plak in hûs to stean.
Ik hie forkearing mei in faem yn 'e Harkema. Op in kear kom ik by har wei om in ûre of ien, twa hinne. 't Wie by de Krúswei. Ik soe nei hûs ta. Ik sei tsjin myn faem: "Sjoch, dêr brânt ljocht. Dêr stiet in lantearne. Hwat dat bitsjut, wyt ik net." Ik gong op stap en hja gong yn 'e hûs. Doe't ik tichter by 't ljocht kom, sette ik de fyts yn 'e daem en roan...
Der wienen in mantsje en in wyfke, dy wennen yn och sa'n âld hûske. Op in dei gong it mantsje to fiskjen. Doe fangde er in fisk. Mar doe't er de fisk fan 'e heak dwaen soe, bigoun dy fisk tsjin him to praten. "Smyt my wer yn 't wetter," sei de fisk, "dan meije jo trije winsken dwaen." Doe smiet it mantsje de fisk wer yn 't wetter. It mantsje kaem thús en...