83 datasets found
Dutch Keywords: man Place of Narration: Opende
Der wie in meester yn 't doarp, dy hie in papegaei. Doe kaem dêr tafallich in doomny by him op bisite, dat wie in nijen-ien. Dy seit: "Heden, ha jo èk in papegaei?" "Ja," seit meester, "jo soms ek?" "Ja." En doe sei doomny tsjin master: "Myn papegaei is sa rûch, dy slacht der sa'n rauwe tael út." Doomny woe graech dat meester syn papegaei in skoftsje by...
Yn 'e Harkema wie in bern siik. De buorfrou sei: "Jimme matte yn 't kessen sjen, hwant dêr kin wol ris hwat út komme." Doe ha se 't kessen iepentoarnd. Doe siet dêr in krâns yn, dy wie omtrint ticht. Doe gongen se nei de duvelbander ta. Dat wie jonge Jan fan 't Wytfean. Jonge Jan joech in drank mei. Hy sei: "Tink der om. Underweis is der kâns dat ien dy...
Sterke Hearke wie ris op in kear oan 't ploeijen. Doe kom der in man by him, dy koe him net. Mar tafallich moest er krekt nei Hearke ta. Hy frege: "Wite jo ek hwer't Sterke Hearke wennet?" Doe sei er: "Dêr ginder wennet er." En doe hied er de ploech rjocht út stutsen. Mar hy sei der achteroan: "En hjir stiet er."
Myn man, dat wie Ingbert Bijma. Dy syn swager seach froeger ris in ljocht yn 'e Parken, dat biweegde. Letter wist er hwat dat bitsjut hie. It hie de foarboade west fan 'e tram dy't fan Grins nei Drachten ried.
Der sit in mantsje yn 'e moanne. Dy hie op ierde hwat útheefd. Mar dat woe er net tajaen. Hy sei: "As ik dat feit dien ha, dan mei 'k fuort nei de moanne fleane." Sa komt it dat der in mantsje yn 'e moanne sit.
Der wie in frou, dy har man sûpte sa bot. Yn 'e nacht kaem er hast altyd smoardronken thús. Doe seinen se tsjin 'e frou: "Jo matte jou man ris goed bang meitsje. Dan lit er it wol." Doe wachte hja him in kear op yn 'e nacht. Hja hie in wyt lekken om 'e holle dien en sa hie se har opsteld yn in holle beam, dêr't har man lâns moest. Doe't er oan har ta wie...
Een nachtmerje, dat kon een man of een vrouw zijn. Was 't een vrouw dan kwam se bij mannen, was 't een man dan kwam hij bij vrouwen. As je sliepen, dan kwam ze. Ze kwam bij je liggen als man of vrouw. Werd je wakker, dan was alles weg. Ik heb er nooit een gezien. Wanneer ze kwam hoorde je op de deur kloppen. Ik hield de deur altijd op slot. As je op de...
Der wie in frou, dy frege in man op 'e krant. Der kamen trije op delsetten. 't Wienen alle trije sémannen. De frou liet se ien foar ien alle trije by har komme. Hja klaeide harsels neaken út en dy mannen moesten har ek neaken útklaeije. Earst wie de 1e oan bar. Doe wiisde se nei har boarsten en frege: Hwat is dat? Doe nei har Venusheuvel en sa mar...
De begrafenis in den nacht. Er moet in Opende een herbergier hebben gewoond, die de gave van den voorloop bezat. Maar hij wist dit niet, want geen mensch had hem ooit verteld, dat hij met den helm was geboren. Ja, niemand scheen het te weten: de moeder, de tantes, de baker, die in zulke gevallen de wonderlijke tijding wel ver in de rondte zaaien, zwegen....
Der kaem in man yn Amsterdam en dy moest op in gegeven momint út 'e broek. Hy wist sa gau net hwer't er torjochte koe en doe die er it mar op 'e strjitte. Doe kaem dêr in plysje oan. Hy tocht: dy mat it net sjen. Doe die er gau syn hoed der oerhinne. Hy sei tsjin 'e plysje: "Ik ha hjir in papegaei ûnder 'e hoed sitten. Kakadorus hyt er. Soenen jo dêr wol...
It forhaeltsje fan 'De tijd is verschenen, de man is er niet' ha 'k wol ris fortellen heard, mar hoe en hwat wit ik net mear.
Jan Hepkes wie ris by in boer oan 't meanen. Doe hearde hy ynienen: klink. Doe hied er de kop fan 't harspit ôfmeand.
Der wie in frou, dy har man wie ta de dea foroardiele woarn. Mar de rjochter sei tsjin har: "As jo ús in riedsel opjowe, dat wy net riede kinne, dan is jou man frij." Doe sei dy frou it folgjende riedsel op: Ik ga op Lidia, ik sta op Lidia. Lidia is mijn vlees en bloed, Lidia is mij welgemoed. De rjochter koe it net riede en de man rekke frij. Hja hie in...
As âlde Rikele Myt har man op stap gong nei Stêdskanael to baggeljen of nei de boer op 'e Grinzer klaei, dan song se: "Din, din, din, daar gaat mijn ezel ook weer heen." As er werom kom, song se: "Don, don, don, daar komt mijn ezel weerom."
Der wie in spantsje, dat troude yn 'e oarloch. Dy wienen gelokkich, hwant sy koenen fuortdaliks in hûs krije, en de huzen wienen doe krap. Sy hienen beide altyd tige achterôf wenne en wienen gjin elektrysk ljocht wend. Dat siet der yn dit hûs al. Dan komt de meteropnimmer op in kear en dy seit tsjin 'e man: "Mijnheer, u bent er over geweest." As er fuort...
In doktersfrou en in faem, dy gongen togearre nei de badkeamer ta om tagelyk in bad to nimmen. Sy klaeiden har beide út en dêr stienen se yn Adamskostúm. De jouns komt dokter thús en mefrou seit: "Nou, dat is hwat mei dy faem, it is forskriklik, hwat in hier dy hat." Doe sei de dokter: "Dat moest ik ek ris sjen. Mar hoe dogge wy dat?" Doe sei se: "Dat is...
Ien út Tilburg fortelde my: Twa bruorren hienen in garage. Se wienen beide frij-feint. Op in kear sei de iene tsjin 'e oare: "Sille wy der fan 'e joun op út? Dan sille wy sjen dat wy in faem krije." Sy dienen dat en it slagge sa goed, dat sy wienen elk binne it jier troud. Sy hienen elk in garage en ek in auto. It duorre mar even, doe moesten de froulju...
Haeije Postma fan Surhuzum - in âld man - fortelde ris: Yn Surhuzum wenne in âld-frou. Greate Gelf en syn kammeraten soenen dat âld-minske ris bang meitsje. Sy passearden in paed mei in omstap om 'e hekke. Dêr moest dat âld-minske lâns. Twa fan dy mannen gongen dêr stean, elk mei in great wyt ding om. Doe wie dy âld-frou dêr oan kom. Sy bleau stean en sy...
Olle Jelle fan 'e Bosweg zag voor lange tijd in hele rige lichtsjes aankoomn. 't Was bij oavend. Loater is doar de tram gekomen. Hy het dat fan te foren sien.
Daar kwam eens een man bij Sterke Hearke. Die was aan 't ploegen op het land. Die man zei tegen hem: "Hier in de buurt woont zo'n sterke man, daar wou ik wel eens bij zien. Weet u waar hij woont?" Doe had Hearke de ploeg kregen en hem met één hand opgetild en gezeid: "Daar woont er."