Jehannes-tsyske liet de soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme. Dy bigounen dan to marsjearen.
Hy liet de tafel ek dounsje en de kachel ek.
Wol men in tsjoenster keare, dan mat men duveldrek ûnder 'e drompel dwaen.
Doe't myn âldste broer noch sa'n jonkje wie, woarde er siik. Hy wie bitsjoend. Mem gong nei de duvelbander ta. Dy joech guod mei. "Der komt jo aenst hwat tomjitte", sei de duvelbander. Mem hie 't jonkje yn 'e skelk. Berneweinen wienen der doe noch net. Fan Hurdegaryp roan mem de Foksegatten del wer op hûs ta. Achter in boereplaets sieten katten. Mem...
Noardburgum
As de krâns forbrând wurdt, giet de tsjoenster ek dea.
Noardburgum
Ik ha to Feanwâlden wenne op 'e Finnen yn in gemeentewoaning. Geart Jongsma wenne ek yn sa'n gemeentewoaning, flak by ús. Syn wiif wie in tsjoenster. Myn bern krigen us in kear wyt guod fan it minske op bôlle. Yn 'e nacht wie der mei de bern gjin hûs to hâlden. Sy liken alle fiif wol dwylsinnich. Krekt as wie de duvel yn har fearn. Sy stienen alle fiif op...
Noardburgum
tsjoensters It wier by ús mem en hjar. Op in kear wier ús Grytsje sa raer. Mem tocht, hja koe wol stjerre. En altyd hiene wy beppe op 'e tún mei it skiep oan it tsjoar. Soe dy it bern bitsjoene? Dêrom makken wy it kjessen iepen. Der kamen twa en in heale krâns út, sa great as in krintepofke. Der sieten fodtsjes yn binaeid fan de skelk, dy mem krekt makke...
Noardburgum
It is hjir ek al ris bard, dat de bern op in nacht op bêd leine to gûlen. En it wier allegearre katten om hûs. Heit nei bûten.
Hy rôp: "As dat gedonder net ophâldt, stek ik jim allegearre dea." Doe wier it ut.
Noardburgum