2 datasets found
Dutch Keywords: duivel Place of Narration: Noardburgum
As der in spylkaert ûnder 't kaertspyljen foel moest men dy net opkrije, hwant dan koe 't wêze dat de duvel jin de kop omdraeide.
nachtmerje Ik ha ek ris in nachtmerje hâwn. Dat bist krûpte fan de fuottenein fan it bêd by my op. Ik soe raze, mar koe gjin lûd jaen. Ik luts de tekkens oer de holle. Mar it bist siet der mar oan to skuorren en to klauwen. Ynienen goaide ik de tekkens fan my ôf. Doe wier it bist fuort. En ik raesde: "Duvel, dû litst my hjir smoare."