It Langpaed rint fan Readskuorre nei de Surhuzumer tsjerke. Dêr kuijeren altyd twa wite wiven. Dy spoeken dêr.
Froeger woarden de minsken warskôge: "Tink der om, gean dêr net lâns."
Dêr mat us in bigraffenis lâns kom wêze. De wein mei kiste en alles is doe yn 'e sleat rekke.
Surhuisterveen
De kears op it bêdsbuordtsje. Der wie us ien, dy hie in kontrakt mei de duvel sluten. Doe't syn jierren om wienen, kom de duvel om him to heljen. It wie by nacht en de man frege de duvel of er salang geduld dwaen woe, dat er earst de kears oanstekke mocht, dy't op it bêdsbuordtsje stie. Dat stie de duvel ta. Mar de man nimt de kears en smyt him yn in...
Heit hie in mot mei biggen. (Stammerige Harm wie in swager fan heit. Mem wie in healsuster fan Harm syn wiif. Sadwaende moest ik omke sizze tsjin Harm. Mar o, it wie sa'n stjonkert!) Hy kom by ús heit om nei de biggen to sjen. Hy sei tsjin heit: "Dêr mat ik in pear biggen fan ha." Hy woe der twa fan keapje. "Goed", sei heit. Harm hie in stok by him. Mei...
As de klok raer let, komt der mei gauwens ien op 't hôf. Dat is ek it gefal, as der in houn bigjint to spûkgûlen.
Surhuisterveen
Wy hiene in buorfrou, hwerfan min sei, dat hja tsjoene koe. It is al ris bard, dat der in berntsje siik wier. Doe makken se har holkessen iepen. Mar der siet mar ien krânse yn. As der sâwn yn sitten hiene, soe it bern dea gong wêze, ôf de tsjoenster.
Surhuisterveen