Harkema
Imke de Jong wie op Hamster Merke. Dêr wie Tseard van Dekken ek, dy wie doe plysje. Dy stuts Imke de Jong de gek oan, mar Imke nom wraek. Hy liet Tseard stean, dy koe net in stap mear gean.
Doe sei Tseard op it lêst: "Dû hast my hjir delset, mar hwannear litst my wer gean?"
"Dû hast my de gek oanstutsen, dat silst aenst wol gewaer wurde", sei Imke.
Mar 't duorre gâns in skoft foardat er him wer rinne liet.
