In nachtmerje wie in frommeske, dat troch 't slotsgat gong. 't Wie faek in âld-wyfke.
Om gjin lêst fan in nachtmerje to hawwen die men duveldrek op 't boarst. Men sette ek de toffels achterstofoar foar 't bêd.
In nachtmerje wie meastal in frommeske, mar inkeld in man. Yn 'e Mieden achter de Pein, achter de Keale Wei, dêr hâldde in nachtmerje ta. Sy siet nou hjir yn en dan dêr yn, it meast siet se yn 'e stamme fan in holle wylgebeam. Sy kom by de minsken, dan gong se fan achteren troch 't bargedoarke. Dêr hie se mear rûmte as troch 't slotsgat, sei se. Hja sei...
Yn Drachtster Kompenije wennen twa âlde minsken, dy frou hie faek lêst fan in nachtmerje. Sy hienen in drompel, dy wie hwat forsakke. Dêr kom de nachtmerje mei de kop ûnder 'e doar troch. Op in nacht stie de âld man mei de kneppel ré. Hy tocht: nou sil 'k dy leare myn wiif to pleagjen.
Doe't de kop fan 'e nachtmerje to foarskyn kom, sloech er ta. 't Wie âlde Linse Dieke, dy't er rekke hie.
De oare deis lei Linse Dieke op bêd. Sy seinen 't âld minske hie har biseard. Mar hy sei: "Sa sit it net, ik ha dy âld nachtmerje mei de kneppel op 'e kop houd.
Ik haw yn 't sikenhûs lein. Der lei in wyfke njonken my, dat wie in nachtmerje. Ien fan sawn dochters is in nachtmerje, sizze se, en ien fan sawn jonges is in wearwolf. De nachtmerje komt troch 't kaeisgat. Sy struiden wol moal op 'e stoel dy't foar 't bêd stie, om de nachtmerje to kearen. Sy setten de toffels mei de hakken tsjin 't bêdsket oan. De...
Wilde men een nachtmerrie vangen, dan werd der wat meel op 'e stoel foar 't bed smeten. Dat plakt vast, dan kan se niet fotkomen en dan komt se niet weer.
Eén van zeven dochters, werd der seid, doar was altyd een nachtmerrie bij.
Fan 'e sawn bruorren is ien in wjerwolf.
" " " susters " " " nachtmerje.
Hat men in hoefizer oan of boppe de doar hingjen, dan kin men de nachtmerje keare. Men kin ek de hoazzen of sokken krúslings foar 't bêd lizze.
Een nachtmerje was een vrouw. Van zeven op elkoar volgende dochters was er één een nachtmerje. Ze kwamen deur 't slotsgat in huus.
Mijn broer Piter had der wel us last van. Hy strooide wat rogge op 'e stoel foar bêdde. (It bennen ook wel eens kerels, dy bin nog slimmer)
Alde Sierde Wytske (^), de frou fan Sierd Polderdyk - = S. de Vries (^) - fortelde my:
Myn soan wie ûnder tsjinst. Hy sliepte yn 'e hynstestâl. Hy hie dêr wacht. Hy gong yn 't strie lizzen. Doe kom der in nachtmerje by him. Hy soe har krije.
"Hwat soestû, duvel?" sei er tsjin har.
Mar dat wie mis. Dat hied er noait sizze matten. Hwant doe pakte de nachtmerje him helte botter.
Ik hie sèls àl sa'n lêst fan 'e nachtmerje. Doe sei myn man op in kear tsjin my: "Ast de nachtmerje nou wer fornimst, dan mast my warskôgje. Dan mast my in stomp yn 'e side jaen." Dêr kom de nachtmerje wer oan. Ik joech Sierd in stomp yn 'e side en doe is hy sa bot bigong to slaen, dat hy sloech de nachtmerje dwars troch de ûnderlegers hinne. De toffels...
Us Tryn hie in fleartûke by 't bêd fanwege nachtmerjes.
Ik kaem to wenjen by de Slingerwei ûnder Drachten. Njonken ús wennen in man en in frou en twa bern. Ik wie widner. Myn frou hie earder troud west en dy har jonge haw ik greatbrocht. Wy slepten yn 't selde bêdsté. Op in kear leinen wy op bêd, doe stompte de jonge my oan. "Hwat is der?" sei 'k. "Der stiet in frommes oer 't hûs", sei er. It wie in...
Om in tsjoenster to kearen leinen se duveldrek ûnder 'e drompel. Ek wol lei men in fleartûke oer de drompel.
Fan sawn op elkoar folgjende famkes is ien in nachtmerje.
Fan sawn op elkoar folgjende jonges is ien in wjerwolf.
Nachtmerjes kin men oankommen hearre.
Sy meitsje flechtsjes yn 'e moanjes fan 'e hynders. Dat ha 'k wol ris sjoen. Wol men der gjin lêst fan ha, dan mat men in wiete dweil foar 't bêd lizze.
Sy ha in nachtmerje wolris fangd mei moal. As se moal oan har hat, kin se net fuortkomme.
Sy komt faek troch 't slotsgat yn 'e hûs. Sy giet ek wol nei de hynders ta. Dan is 't hynder alhiel oerstjûr. Sy makket de hynders wol flechtsjes yn 'e moanjes.
Fan sawn dochters is ien in nachtmerje. In nachtmerje giet troch 't slotsgat. Men die duveldrek ûnder 'e drompel. Dat wie ek om de tsjoensters to kearen. Se hienen ek altyd duveldrek ûnder 'e bargebakken. Skoanheit helle de duveldrek fan David Flud fan Drachten (= D. de Vrieze). Dan sei er: "Ik mat in duvelspoepke ha." "Even wachtsje," sei David Flud dan,...
Een nachtmerje, dat kon een man of een vrouw zijn. Was 't een vrouw dan kwam se bij mannen, was 't een man dan kwam hij bij vrouwen. As je sliepen, dan kwam ze. Ze kwam bij je liggen als man of vrouw. Werd je wakker, dan was alles weg. Ik heb er nooit een gezien. Wanneer ze kwam hoorde je op de deur kloppen. Ik hield de deur altijd op slot. As je op de...
Wy ha op 'e Noarder Dwarsfeart wenne to Drachten. Ik wie doe noch in jonge. Wy wennen yn in hûs, dêr spoeke it. Dêr woe net ien yn wenje.
Op in kear doe leinen wy op bêd. Heit en mem slepten yn in bêdsté yn 'e keamer. Doe kom der hwat op it bêdsbuordtsje springen. 't Wie in nachtmerje. Heit krige him topakken. 't Wie krekt in dier. 't Wie glêd. Hy tocht: ik wol wite hwat dit is. Mar hy koe him net hâlde, hy glied him troch de hannen.
Ien fan sawn susters wie in nachtmerje, seinen se altyd. Sy kaem troch 't kattegatsje yn 'e hûs. Dan rommele se earst yn 'e klompen om. As men fornaem dat se kom, en men koe jin forheffe, dan gong se wer fuort. Om har to wearen lei men in stikje brea of duveldrek ûnder 'e drompel of men sette in krús foar de strjitte. Ek die men wol in lyts pûdtsje mei...