There are no Keywords that match this search
There are no German Keywords that match this search
There are no Icelandic Keywords that match this search
There are no Place Mentioned that match this search
There are no Narrator Gender that match this search




































Der wie in man dy hie faek lêst fan in nachtmerje. Doe joegen se him de rie, hy moest moal struije foar 't bêd en op 'e bêdsplanke en op 'e stoel foar 't bêd.
Doe't de nachtmerje wer kaem, koe se net fuortkomme.
Hwant in nachtmerje kin der net wer út komme as se hwat by har hat út it hûs. En hja hie moal oan har.
Doe siet se de oare moarns op 'e stoel. Sa foun de man har. Doe mocht er har winskje hwer't er har mar ha woe.
Doe hie de man sein: "Ik woe datst op 'e moanne sietste."
Doe is se dêr tolânne kom, en dêr sit se nou noch.
Sjoch mar ris goed.
Fan sawn jonges út ien húshâlding is ien in wjerwolf.
Wjerwolven matte der altyd op út. Dy ha in ploech.
In nachtmerje en in wjerwolf is it selde. In wjerwolf is in man, in nachtmerje is in frommeske. Mar se dogge beide itselde.
Men kin se fange. As je lêst fan in nachtmerje ha mat men jin mei moal bistruije.
Hjir yn 'e Westerein wenne in man dy hie gauris lêst fan in nachtmerje. Doe bistruide er him mei moal. Doe kom de nachtmerje en dy krige moal oan har. Doe koe se net wer fuortkomme, hwant in nachtmerje mei neat meinimme. Doe't de man de oare moarns wekker waerd, siet de nachtmerje op 'e hoeke fan it bêd.
It wie in bikende frou út 'e Westerein. Hja sei, hja woe graech dat de man it stilhâldde en dat it net bikend woardde dat hja in nachtmerje wie. Doe brocht se dy man allegearre guod letter, dat er it mar stil hâlde soe.
Dy frou wie in dochter fan Ljibbe Bosma.
Hja seinen ek dat Sikke Boukes in dochter hie dy't in nachtmerje wie. Dêr wienen sawn famkes.
Faek dienen de lju de toffels mei de hakken tsjin 't bêd oan, dan koe in nachtmerje net by har komme.
By in frommeske komt altyd in manlike nachtmerje, by in man in froulike nachtmerje.
Myn skoansoan hie praet heard oer nachtmerjes. Mar hy leaude der net oan. Hy sei: "Nou woe ik wol dat ik ris in nachtmerje krij."
Hy wie doe noch net troud en wenne by syn mem yn. Dy nachts gong er lizzen en doe kaem de nachtmerje by him. Hy wie op 'e rêch lizzen gien. De nachtmerje kaem earst by syn teannen, dat fielde er dúdlik, en sa kom se stadich nei boppe ta. Doe waerd him de hals tichtknypt. Doe krige er 't sa krap, dat hy raesde om 't leven. Syn mem kaem by it bêd en sei: "Jonge, hwat skeelt dy."
"De nachtmerje wie by my", sei er.
De oare nachts gong er wèr op 'e rêch lizzen. Mar hy tochte: Nou sil 'k de nachtmerje foar wêze, as dy aenst komt. Sadra't dy by myn teannen is pak ik him. Mar doe't de nachtmerje kaem pakte dy myn skoansoan fuort by de hals beet, dat doe koe de jonge neat mear bigjinne.
Hy hat noait wer winske in nachtmerje by him to hawwen.
In nachtmerje is ien fan sawn of mear dochters.
Wibe Aechje wie in nachtmerje (Hja wie in dochter fan Knjillis Hut (= Alma))
Harmke (Gearte Harmke) wie in oare dochter fan Knjillis Hut (dêr wienen tsien dochters); dat wie in tsjoenster. Dy koe har yn in kat foroarje.
De katten hâlde forgaderingen, ien hat de leiding. Dan sjonge se. As jo sa'n kat in optuter jowe, dan hat de tsjoenster de oare deis in smetlape.
Nachtmerjes komme troch 't kaeisgat ta 't hûs yn. Tsjoensters ek wol. Dêrom stoppen se dy gatten earen altyd ticht.
Woe men gjin lêst fan in nachtmerje ha, dan lei men in wiete dweil foar 't bêd. Dan woarde de nachtmerje kjel.
Of men gong hinne en struide moal op 't gesicht. (Nachtmerjes mochten neat meinimme en moal dat hong oan.)
Se setten ek wol de toffels achterstofoar foar 't bêd. Oars kom de nachtmerje by jin yn jins eigen toffels, dy't se dan oan die.
Nachtmerjes pleagje de hynders ek. Sy meitsje sokke moaije flechtsjes yn 'e moanjes, dat in minske kin 't sa moai net dwaen, al wol er noch sa graech.
Nachtmerjes binne froulju.
Fan sawn dochters dy't op elkoar folgje is de âldste of de jongste in nachtmerje.
In nachtmerje komt meastal troch 't kaeisgat yn 'e hûs. Men kin in nachtmerje fange.
Us mem fortelde, der wie in boerefeint yn Grinslân, dy hie by in faem kom, dat wie in nachtmerje.
De boer hie in âld hynder, dat hie faek lêst fan in nachtmerje. Doe gongen se op in joun hinne en sy struiden moal op 'e rêch fan it hynder. In nachtmerje mei neat meinimme. Sy kom dy nachts wer, mar sy rekke ûnder it moal to sitten. Doe kloppe se dat der de oare moarns ôf, mar dêr hie se nochal even wurk mei. Yn dy tiid wie de feint fan 't bêd kom en hwa wie nou de nachtmerje? Syn eigen faem!
Doe hied er har yn 'e macht. Hy mocht har winskje hwer't er har mar ha woe. Hy mocht har ek wol dea winskje. Mar hy sei: "Ik winskje dy wer thús. Mar ik kom noait wer by dy."
Ien fan 'e sawn dochters is in nachtmerje. Nachtmerjes komme troch 't slotsgat yn 'e hûs. Der wenne in boer op Readskuorre, dy hie in pear hynders, dy woarden nacht op nacht troch sa'n nachtmerje biriden. De feint hat der wol ôf west to sjen, sa'n oorverdovend lawaei wie it. Mar hy hat noait hwat sjoen.
Op in kear struiden se de hynders kaf op 'e rêch. Dan koenen se sjen as der in nachtmerje op sitten hie.
Mient Diemersen wie mei in nachtmerje biset. Dêr hied er sa'n lêst fan, dat doe ha se evangelist Hofstra ophelle.
Dy hat yn 'e nacht de nachtmerje oansprutsen, doe is er net wer kommen.
(Mient Diemersen hie syn frou min bihandele. Dêrtroch wie er mei de duvel biset. Hwant dy nachtmerje, dat wie de duvel.)
"In nachtmerje," sei myn skoansuster, "dat is de duvel, dy't by jin komt." Dêrtroch wurde wy sa binaud as wy miene dat wy de nachtmerje ha.
Meastal komt der in nachtmerjeman by in frommeske, en in nachtmerjefrommeske by in man.
Doe't myn wiif Sjouk noch faem wie, hie se faek lêst fan nachtmerjes. Sy slepte op 'e souder en sy hearde de nachtmerje wol by de trap opkommen. It wie slim sa't dy nachtmerje har altyd pleage.
Doe sei har mem tsjin har: "Ast de nachtmerje nou wer oankommen hearste dan mast hinnegean en siz trije kear hiel lûd: "Duvel, duvel, duvel, dû wurdst gjin baes oer my."
Dat hat se dien en sy hat noait wer lêst fan nachtmerjes hawn.
Fan sawn op elkoar folgjende famkes is ien in nachtmerje, wurdt der wol sein.
Om gjin lêst fan nachtmerjes to hawwen, set men de klompen wol omkeard del by de doar. Men docht ek wol duveldrek ûnder 'e drompel. Ek wol om 'e hals. Sy kinne troch 't kaeisgat yn 'e hûs komme.
In nachtmerje mei neat meinimme. Dêrom gong men ek wol hinne en strui hjir en dêr hwat moal del. Dan koe men se fange.
Us mem wenne doe't se faem wie op 't Fean. Hja fortelde, dêr wennen minsken op 't Fean, dy hienen op in nacht de nachtmerje oankommen heard. Earst hie dy nachtmerje yn 'e beamwâl west. Mar dy lju hienen moal struid, dat doe't dy nachtmerje der goed en wol yn wie, hie se moal oan har krige en doe koe se net wer fuortkomme.
De oare moarns hie se dêr yn 'e keamer sitten.
De nachtmerjes hienen wy 't net op stean. Ien fan sawn dochters wie in nachtmerje. Sy kommen troch 't kaeisgat yn 'e hûs.
Sy leinen in stik roggebrea op 'e stoel foar 't bêd, dan koe de nachtmerje net komme. Myn wiif die altyd de skuon of de klompen of de toffels achterstofoar nêst elkoar. Dan koe de nachtmerje der net yn stappe.
As jy op 'e rêch leinen, dan pakte se jin. Sy smoarde de minsken. Dan koenen se binei gjin siken mear helje.
Men mat noait op 'e rêch lizze.
Myn skoansuster sei, op in hiel lyts eintsje nei (in c.m.) hie de nachtmerje har smoard. "Ik knypte him yn syn dikke hân", sei se. D_ nachtmerje wie in man.
In krús foar de drompel lizze wurdt ek wol dien.
In nachtmerje kin troch 't kaeisgat yn 'e hûs komme. Yn Hiltsjemoaiwâlden hat in nachtmerje wenne.
Myn wiif lei us op in kear op bêd, doe seach se dat Janke Jan de doar iepen draeide (Janke Jan syn mem wie in tsjoenster en hy wie in nachtmerje) Janke Jan wie in soan fan âlde Minne Ael.
"Ik seach dat Janke Jan by my kom. Hy draeide my de hals ticht, ik ha 't dúdlik sjoen", sei myn wiif.
As der yn in húshâlding sawn famkes binne, is ien dêrfan in nachtmerje.
Men kin in nachtmerje keare troch de klompen achterstefoar foar de doar to setten of men kin hinnegean en meitsje mei de klomp in krús op it paed, dêr't de nachtmerje lâns moat. Dêr kin in nachtmerje net oer hinne komme.
In nachtmerje is in man of in frou. Ien fan 7 susters of ien fan sawn bruorren is in nachtmerje.
In widdoufrou njonken myn skoanâlden hat ris in nachtmerje fangd. Hja hie om 't bêd hinne kaf struid: angels fan rogge-ieren. Dat hinget oan fansels. En as in nachtmerje soks oan him krijt kin er net wer fuortkomme. Hwant in nachtmerje mei neat meinimme.
It wie in man dy't dy widdoufrou doe fangd hat. Alles yn 'e hûs siet goed fêst en alles wie ticht. Hy moat der troch it kaeisgat yn kaem wêze.
Hy biloofde har, dat er noait wer komme soe.
It wie yn Westergeast.
Letter is dy man nei Amearika gong.