There are no Keywords that match this search
There are no Danish Keywords that match this search
There are no German Keywords that match this search
There are no Icelandic Keywords that match this search
There are no Place Mentioned that match this search
There are no Narrator Gender that match this search












Mient Diemersen wie mei in nachtmerje biset. Dêr hied er sa'n lêst fan, dat doe ha se evangelist Hofstra ophelle.
Dy hat yn 'e nacht de nachtmerje oansprutsen, doe is er net wer kommen.
(Mient Diemersen hie syn frou min bihandele. Dêrtroch wie er mei de duvel biset. Hwant dy nachtmerje, dat wie de duvel.)
Der wie in nachtmerje, dat wie in frommeske. Dy kom ta 't slotsgat yn 'e hûs by in man. Dat minske kom alhiel út Ingelân. De man hie moal oer de tekkens struid en doe koe hja net wer fuortkomme. Hwant in nachtmerje mei neat út 'e hûs meinimme en doe siet se ûnder 't moal.
Doe hat dy man har dus fangd. Sy wie de oare deis yn 'e hûs. De man stoppe it slotsgat fol, dan koe se der net wer útkomme. Hwant in nachtmerje mat troch 't selde gat wer út en sy mei dat gat net iepenmeitsje as it ticht sit.
Doe is dy man mei har troud. En doe hat er ek bern by har krigen.
Doe't de bern greater woarden stie se op in kear to harkjen en doe sei se: "Hoor eens even, wat luiden die klokken in Engeland mooi."
Doe sei se: "Bern, jimme matte dat slotsgat iepen meitsje." Nachtmerjes meije dat sels net dwaen.
De bern ha 't iepen makke en doe is se fuort gong.
De jongste of âldste fan sawn op elkoar folgjende jonges is in nachtmerje.
Myn suster hie forkearing mei sa'n nachtmerje. Dat wie Willem Boomsma. Mar sy troude mei in oaren ien. Doe kom Willem Boomsma nachts faek as nachtmerje by har. Doe hat se fleartokken op 'e rânne fan 't bêd lein (oan 'e foarkant) en in brogge foar 't bêd op 'e groun. Doe hie se gjin lêst mear.
As de doar fêst sit en der sit gjin kaei yn 't slot, dan komt de nachtmerje troch 't slotsgat.
As jy duveldrek by de bêdsplanke lizze of by 't bêd, komt der gjin nachtmerje by jo.
Boardzer Bruining hat in jier yn 'e gefangenis sitten. Yn 't bigjin died er dêr net in wink yn 'e egen. Hwant de nachtmerje kom geregeld by him. Der siet in gatsje yn it traeljefinster, dat ha se tichtmakke. Hwant dêr kom de nachtmerje troch. Dan hie hy der gjin lêst mear fan
Wol men gjin lêst fan nachtmerjes ha, dan mat men in flearstok foar 't bêd hingje.
As ús mem jouns op bêd gong, smiet se de toffels in ein fuort, of sy kearde se om. Dat die se altyd fanwege de nachtmerjes. Hwant dy geane yn 'e fuotleasten fan 'e minsken.