There are no Keywords that match this search
There are no Danish Keywords that match this search
There are no German Keywords that match this search
There are no Icelandic Keywords that match this search
There are no Place Mentioned that match this search
There are no Narrator Gender that match this search















Ien fan 'e sawn dochters is in nachtmerje. Nachtmerjes komme troch 't slotsgat yn 'e hûs. Der wenne in boer op Readskuorre, dy hie in pear hynders, dy woarden nacht op nacht troch sa'n nachtmerje biriden. De feint hat der wol ôf west to sjen, sa'n oorverdovend lawaei wie it. Mar hy hat noait hwat sjoen.
Op in kear struiden se de hynders kaf op 'e rêch. Dan koenen se sjen as der in nachtmerje op sitten hie.
Doe't myn wiif Sjouk noch faem wie, hie se faek lêst fan nachtmerjes. Sy slepte op 'e souder en sy hearde de nachtmerje wol by de trap opkommen. It wie slim sa't dy nachtmerje har altyd pleage.
Doe sei har mem tsjin har: "Ast de nachtmerje nou wer oankommen hearste dan mast hinnegean en siz trije kear hiel lûd: "Duvel, duvel, duvel, dû wurdst gjin baes oer my."
Dat hat se dien en sy hat noait wer lêst fan nachtmerjes hawn.
Om in nachtmerje to kearen kin men moal foar 't bêd smite. Mar men kin noch better it 'Onze Vader' opsizze. Dat hat my altyd it meast holpen. As ik sei: "En verlos ons van den boze", dan hie 'k dêrnei gjin lêst mear.
De nachtmerjes meije neat meinimme. Der hat in feint west, dy wenne by de boer. Dy hie ek altyd lêst fan nachtmerjes. Hy sliepte yn in bêdsté yn 'e stâl. Op in kear hied er moal struid foar 't bêd en dêr hie de nachtmerje yn stien. Doe koe se net fuortkomme. De oare moarns hie se achter de wine sitten yn 'e skuorre.
Nachtmerjes komme in bulte by hynders. Dan ha de hynders lange flechten yn 'e manen. Dan matte se skerpe seinen boven de hynders hingje. Dan komme de nachtmerjes net wer, wurdt der sein.
As der in nachtmerje by in hynder komt, kin men dat skoan fornimme. Dan dânset it yn 'e stâl om en it is trochwiet fan swit.
Myn skoanmem hat us in nachtmerje by har hawn. Doe wie se net rjocht goed. Dy nachtmerje sei: "Lang sil 'k jo net pleagje, mar 'k sil al even by jo sjen."
As de toffels mei de hakken nei 't bêd ta stienen, krige men gjin lêst fan 'e nachtmerje, sei skoanmem.
As ien sawn op elkoarfolgjende dochters hat, is ien fan dy dochters in nachtmerje. In nachtmerje komt by oaren yn 'e hûs troch 't kaeisgat hinne en soms ek wol ûnder 'e doar troch.
As men in fleartokke ophinget foar 't bêd kin men de nachtmerje keare.
In nachtmerje koe in man wêze as in frou.
By de froulju kom in man as nachtmerje, by de manlju in frommeske. Fan sawn op elkoar folgjende jonges of sawn op elkoar folgjende famkes wie ien in nachtmerje. It wie in boaze geest. Sa neamde myn wiif har beppe de nachtmerje ek. Dy hie de toffels altyd mei de hakken tsjin 't bêdsket oan. Op in kear, doe wie myn wiif noch in famke, doe sei 't âldminske tsjin har: "Ik ha sa'n duvelbistridings hawn fannacht. Ik ha sa oan dy roppen, mar ik koe dy net wekker krije."
"hwat hie 'k dan dwaen matten", sei myn wiif.
"Dû hiest mar psalmsjonge matten, den wie 'k wol bifrijd woarn", sei se.
In nachtmerje is in frommeske, ien fan sawn dochters, as se op elkoar folgje. Sy komme troch 't slotsgat yn 'e hûs, Der wie in boer, dy hie in hynder, dat woarde faek troch de nachtmerje biriden. Dêr hie 't dier gâns hinder fan.
Doe struide de boer it hynder ris in kear moal op 'e rêch. Doe koe de nachtmerje der net wer ôf komme. De oare moarns siet se noch op 't hynder. Sa foun de boer har. De boer sei tsjin har: "Hwat mat ik nou mei jo?"
Sy sei: "Ik ha leafst dat jo my winskje by myn man op bêd."
Dat hat de boer dien, en doe wie se fuort.
Men gong ek wol hinne en strui moal op 'e stuollen. Dêr wie in nachtmerje bang foar, hwant sy mocht bislist neat meinimme út it hûs, dêr't se kom. En moal hong maklik oan.
Op oare plakken hongen se wol us fleartokken foar 't bêd.
Op 'e rêgen fan 'e hynders struiden se gewoanlik kaf.
Fan 'e sawn susters wie ien in nachtmerje.
Der hat hjir yn 'e Hamsterheide ien wenne, dy syn hynder hie lêst fan in nachtmerje. Doe struide er kaf op 'e rêch fan it hynder. De oare moarns siet it buorwiif op it hynder. Sy koe der net ôfkomme fanwege it kaf.
Gearte Harmke, ien fan 'e tsien dochters fan Knillis Hut wie in nachtmerje. Sy kom troch 't kaeisgat by in oar yn 'e hûs.
De minsken struije moal op 't gesicht om der gjin lêst fan to hawwen. Se sette de toffels ek wol achterstofoar foar 't bêdsté.
Sy hearden de nachtmerje hast altyd wol oankommen.
Nachtmerjes komme troch 't kaeisgat by de lju yn 'e hûs. Ien fan 'e sawn dochters dy't op elkoar folgje is in nachtmerje. Sy knipe jin de hals ticht. Men kin de toffels achterstofoar foar 't bêd sette of moal oer 't gesicht struije, dan kriget men der gjin lêst fan, sizze se.
Nachtmerjes dy knipe jin de hals ticht. Sy komme stil yn 'e hûs. Men mat wyt moal oer jin hinne struije. Dan kinne se net oer jin hinne komme.
It binne frommeskes. As men op 'e rêch leit, dan kinne se jin samar pakke. Ik doarst froeger net heal op 'e rêch to lizzen fanwege de nachtmerjes.
De klompen oarsom foar de drompel sette, dat holp.
Ik wie bang foar nachtmerjes.
In nachtmerje wie in frommeske. Ien fan sawn famkes dy't opelkoar folgje yn in húshâlding is in nachtmerje. Sy kinne oeral troch; troch 't kaaisgat, ûnder 'e doar troch en troch kieren. Sa komme se by de lju yn 'e hûs. Se komme ek by hynders.
Se leinen wol in wiete dweil foar de doar del om der gjin lêst fan to hawwen. Se struiden ek wol moal op 't gesicht en op 'e stoel foar 't bêd.