Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Icelandic Keywords

There are no Icelandic Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender

There are no Narrator Gender that match this search

close
57 results
Place of Narration: De Westereen

In hekse mat om 'e sawn jier ien deatsjoene, oars giet se sels dea.

De Westereen

Tsjoensters foroaren har yn katten. Krige sa'n kat in opdonder, dan krige de tsjoenster in seare earm of skonk.

De Westereen

De tsjoensters matte op syn minst yn sawn jier tiid ien deatsjoend ha. Oars geane se der sels oan.
In tsjoenster kin oeral trochhinne. Dat komt, sy kinne har oeral yn foroarje. Yn mûskes en fûgels en neam mar op.

De Westereen
In protte lju dienen duveldrek ûnder 'e drompel. Dan koe de heks net by har yn 'e hûs komme. De bern krigen duveldrek yn in pûdtsje op it boarst.
Mijn woonplaats is jaren lang geloofd aan spoken en heksen en veel meer soorten bijgeloof. Mijn moeder was er niet vrij van en verschillende tantes evenmin. In mijn jeugd kon ik zo zeven vrouwen noemen, die de naam van tovenaar hadden. Onschuldig kwamen die vrouwtjes er aan. Zo heeft er een aan een kind een appel gegeven; dat kind komt thuis en wordt...
De heksen foroaren har faek yn katten. Dy katten forgaderen soms en songen dan om 't hûs hinne. Heksen koenen fleane op in biezemstok. Forlieten se 't hûs, dan lieten se de pânse achter.

Tsjoensters foroarje har nou en dan yn katten. Dan hâlde se forgaderingen yn 'e buert. Dêr psalmsjonge se dan.
't Gebeurde wol dat se in kat ôfseamen. Dan hie de tsjoenster de oare deis skeel.
Der wienen tsjoensters dy koenen fleane op 'e biezemstok.
Sa'n ien wenne der ek yn Twizelerheide.
De minsken leinen duveldrek ûnder 'e drompel. Dêr koe in tsjoenster net oerhinne komme.
Greate Wopke fan Kûkherne joech meastal in drankje as der guon bitsjoend wienen. Men moest gâns noed stean foar sa'n drankje.

De Westereen
Foppe-om hie in kampke lân flak by syn hûs. Dêr wied er op in kear oan 't wurk. Doe kommen dêr twa man oan. It wienen buorrelmannen, hja hienen tofolle hawn. Hja dienen de hekke iepen dêr't se troch gongen, mar dienen him net wer ticht. Doe sei Foppe-om: "Wolle dy jonges de hekke even goed ticht dwaen?" "Dû kinst om ús forrekke", seinen se. Doe krige...

As men in apel fan in tsjoenster krijt, mat men dy apel noait hielendal opite. Hwant oars krijt men in levende pod yn 't liif.
Wy mochten ek noait trije kear achter elkoar "ja" sizze. Hwant dan hie de tsjoenster jin yn 'e macht.
Der wie froeger in jonkje, dêr boarten wy wol mei. As der in âld minske foarby gong, dan sei er altyd:
"Ien âlde duvel, twa, âlde duvel, trije, âlde duvel.
Né, âlde heks, dû krijst my net!"
Dat hie syn mem him leard.

De Westereen

Tsjoensters kinne har yn in kat foroarje.

De Westereen

Ik haw yn Twizelerheide in tsjoenster kend, dy fleach samar op 'e biezemstok oer in hûs hinne. Dat die se yn de regel by nacht.
In tsjoenster moest om 'e sawn jier ien deatsjoene, oars gong hja der sels oan. Hja droegen froeger allegear in stikje duveldrek yn 'e klean. Dat wie om net bitsjoend to wurden. Der wie duveldrek it middel foar.
De tsjoensters kinne har yn in wite kat foroarje. Dy katten hâlde nou en dan in forgadering op it lân. En dan sjonge se. Ien hat de lieding. Dan ha se in soad wille. Ik haw wolris in stik of fiif katten sa byelkoar sjoen. Dat wie yn 'e Westerein. Dy katten songen ek.

De Westereen

In tsjoenster kaem troch 't kaeisgat yn 'e hûs.

De Westereen

Tsjoensters kinne troch 't kaeisgat komme. Dêrom lieten de lju de kaei meast yn 'e doar sitte.

De Westereen

Tsjoensters foroaren har yn swarte katten.

De Westereen

Tsjoensters foroaren samar yn katten.

De Westereen

Tsjoensters hâlde forgaderings yn 'e gedaente fan katten. Dêr sjonge se psalms by.

De Westereen

In tsjoenster lieten se noait troch de skuorre en sy mocht foaral net yn 'e molkenkelder komme. Hwant dan krigen se gjin bûter.

De Westereen

As bern it himd achterstofoar oan hienen, seinen de minsken: der hat in tsjoenster by him west. Dat mienden se echt.

De Westereen

Men die algemien duveldrek ûnder 'e drompel om 'e tsjoenster to kearen.

De Westereen

Tsjoensters matte om 'e sawn jier ien deatsjoene.
Oars geane se sels dea.

De Westereen
59