There are no Keywords that match this search
There are no Danish Keywords that match this search
There are no German Keywords that match this search
There are no Icelandic Keywords that match this search
There are no Place Mentioned that match this search
There are no Narrator Gender that match this search












Myn âlde heit sutele froeger mei tolhout. Moarns seis ûre gong er al op stap, dan wie 't noch tsjuster by 't winter. Hy hie in hounekarre mei twa hounen der foar. As heit fuort gong bigoun myn âlde mem to reapdraeijen.
Op in moarn gong heit wer fuort. Mem bigoun to draeijen. Hja hie alris even draeid, ien ûre, twa ûren, trije ûren, mar it waerd mar net ljocht.
Op 't lêst wie se deabinaud woarn. Hja tocht dat it net ljocht wurde soe. Hja bidde: "Heare, wolle Jo it ljocht meitsje?"
Heit wie wylst op reis. Hy wie op 'e Nije Wei tusken 't Wyld paed en Twizel. Hwat sjocht er dêr foàr him? Trije koallen fjûr midden op 'e wei.
De âld man stiet der foar. De hounen sjogge 't ek. Se binne deabinaud en spanne harsels út. Se sjitte ûnder 'e hage troch en dêr stiet de âld man mei 't gesicht op dy trije koallen fjûr. Hy doarst der net troch.
Mar hy moàst. Skytskoarjend triuwt er de karre fierder. As hy der troch is komme de hounen fansels wer by him.
Hy sjocht noch ris in kear om. De trije koallen fjûr binne fuort. Dat fjûr, dat wie de kweade macht, sei heit. (Dat it salang tsjuster bleau kom hjirfan. Heit wie net om seis ûre fuort gong, mar om twa ûre. De âld wekker hie net doogd.)
Yn 'e Westerein is 't ergens gebeurd dat der ien tige siik op bêd lei. Doe hearden se it lûd fan in kiste dy't oer 't finsterbank hinne skoude.
Al gau dêrnei forstoar de sike. De kiste woarde ûnder 't finster troch yn 'e hûs brocht.
Der binne minsken dy wurde mei de helm geboaren. Dy ha 't letter neat to rûm. Dy matte allerhande dingen foarút sjen en 't binne hast altyd minder moaije dingen dy't se sjogge, lyk as bigraffenissen en lykstaesjes.
't Hat hast altyd mei de dea to meitsjen. Hjir yn 'e omkriten hat ek sa'n man west. De stumper moest wit hoe faek fan bêd ôf, altyd by nacht. Dan koed er net lizzen bliuwe, dan mòest er de lykstaesje sjen. Dan waerden de hekken foar him iependien troch in ûnsichtbere macht.
As eksters skatterje by 't hûs komt der in deaden.
Oan 'e Boppewei leit in stik lân, dêr siet in skat yn 'e groun, seinen se altyd.
Oan 'e Boppewei spûket de âlde Hear. Hy komt elk jier in hoannestap tichter by de skat dy't der yn 'e groun sit, sizze se.
Op 'e Boppewei spûke de âlde hear. Dêr siet earne in skat yn 'e groun, dêr't hy op ta gong.
By de Skilige Piip sit in skat yn 'e groun. Dy kin der wol út, mar dan mat men krekt de wurden wite dy't der by opsein wurde matte. En dat wyt net ien. De man dy syn jild it west hat, dy mat dêr noch altyd omspûkje. Hy sit achterstefoar op in ezel.
Op 'e Boppewei ûnder de Westerein roan froeger altyd de âlde hear. Dy spoeke dêr.
Der sit oan 'e Boppewei by de Skilige Piip in kiste mei jild yn 'e groun. Twa man hienen dêr oan 't dollen west om dy kiste der út to heljen, mar doe't se der oan ta wienen en de kiste bleat kom hienen se sein: "Nou ha wy him al!" En dat wie mis, hwant doe sonk de kiste wer djipper yn 'e groun del. Jy meije der net by prate. Dogge jo dat al, dan sakket de kiste. As jo neat sizze, dan kinne jo him krije.
De âld hear is troch forskeidenen sjoen woarn. Hy droech in sjerp om 'e middel. Hy is nei it reidfjild band, mar hy komt alle jierren in hoannestap neijer by de skat yn 'e groun. Dat duorret krekt sa lang oant hy der by kin. As er it jild wer hat, kin er gean hwer't er wol. De Spûkloane is der noch. Dy giet nei de Kolonjes ta.
Yn Grinslân wenne in man, dy hie in hiele protte jild. Foardat er stoar bigroef er dat yn 'e groun, ergens ûnder in stien. Mar hy die oan duvelskunsten en hy hie it sa dien, dat noait ien dy skat út 'e groun krije koe.
Bigounen se op dat plak to dollen, dan sakke it jild fierder nei ûnderen ta.
Op in kear, foar syn dea, sei er: "Dat jild kin der oars net útkomme as der mat in trije-poatige geit oer hinne springe."
Doe't er dy wurden útspriek sa foar him sels, lei der krekt in skoaijer yn 't strie. Dy hearde dat. De rike man kom to stjerren. Mar net ien dy't it jild út 'e groun krije koe.
Doe oppenearre dy skoaijer him. Hy sei: "As ik de helte der fan ha mei, sil ik it jild sjen to krijen."
Dat wie goed. De skoaijer helle in geit, sloech dêr in poat ôf en dy liet er oer 't plak springe, dêr't it jild forburgen wie. Doe koe er it samar út 'e groun helje.