There are no Keywords that match this search
There are no German Keywords that match this search
There are no Place Mentioned that match this search
There are no Narrator Gender that match this search




























Myn âlde heit sutele froeger mei tolhout. Moarns seis ûre gong er al op stap, dan wie 't noch tsjuster by 't winter. Hy hie in hounekarre mei twa hounen der foar. As heit fuort gong bigoun myn âlde mem to reapdraeijen.
Op in moarn gong heit wer fuort. Mem bigoun to draeijen. Hja hie alris even draeid, ien ûre, twa ûren, trije ûren, mar it waerd mar net ljocht.
Op 't lêst wie se deabinaud woarn. Hja tocht dat it net ljocht wurde soe. Hja bidde: "Heare, wolle Jo it ljocht meitsje?"
Heit wie wylst op reis. Hy wie op 'e Nije Wei tusken 't Wyld paed en Twizel. Hwat sjocht er dêr foàr him? Trije koallen fjûr midden op 'e wei.
De âld man stiet der foar. De hounen sjogge 't ek. Se binne deabinaud en spanne harsels út. Se sjitte ûnder 'e hage troch en dêr stiet de âld man mei 't gesicht op dy trije koallen fjûr. Hy doarst der net troch.
Mar hy moàst. Skytskoarjend triuwt er de karre fierder. As hy der troch is komme de hounen fansels wer by him.
Hy sjocht noch ris in kear om. De trije koallen fjûr binne fuort. Dat fjûr, dat wie de kweade macht, sei heit. (Dat it salang tsjuster bleau kom hjirfan. Heit wie net om seis ûre fuort gong, mar om twa ûre. De âld wekker hie net doogd.)
Yn 'e Westerein is 't ergens gebeurd dat der ien tige siik op bêd lei. Doe hearden se it lûd fan in kiste dy't oer 't finsterbank hinne skoude.
Al gau dêrnei forstoar de sike. De kiste woarde ûnder 't finster troch yn 'e hûs brocht.
Wibe Alma miende dat Griet yn 't sângat siet en doe wie 't de kweade. (Hy hie doe forkearing mei Griet)
De kweade hie skattere krekt as in ekster.
Wibe is ek al us in kear smiten woarn by de lange Wyk. Hy woarde samar oer 't wetter hinnesmiten.
De smid en de skat by Earnewâld
Hy hat dêr earne in skat begraven
Mei list en skelmerije wûn,
En as de ûlen en de raven
Dwaalt hy dêr mannich nachten rûn.
Eeltsje Halbertsma
'By Earnewâld moat noch in skat begroeven sitte, mar wêr presys wit ik net. Beppe sei altyd, te Earnewâld wie in hiele grutte skat en dy leit net yn 't Wide op, mar dan moasten se safolle trêden dy kant út en safolle trêden dy kant út—dêr lei dy skat. Dat wie yn 't lân, dêr moasten se him dan opgrave. Mar hy is noait opgroeven. Wy seinen dan wol: Wêrom binne jim dêr dan sels net efteroan gongen? Nee, sei se, dat lei ús no just net. Se woenen wol ha, dat dy skat yn 'e polderdyk bedobbe wie'.
'Neidat se seinen, dan moasten dy kleasterlingen fan Smelle le in protte jild hân ha. Sjoch, dy skatten mochten net oan frjemden ferfalle, doe mei de herfoarming. Doe moatte se stellen wêze troch dy smid fan Earnewâld of troch syn frou, dat wit ik net. It wie net in bêstenien, dy smid. Hy hat in bulte kwea dien. Dêrom koe er ek sa min mei syn frou.
Se seinen dan altyd foarhinne, besiden Earnewâld—mar no wit ik net, hokker kant út—dêr hat er dy skat begroeven. De fiskers dy seinen dan altyd, ien kear komt dy skat oan 't Ijocht en dan sil Earnewâld ryk wurde. Sjoch, mei de ferfeaning hat it al ryk west, mar dat wienen allinne mar de feanbazen. Mar dy smid hat mei list en skelmerij soarge, dat er dy skat út dat kleaster wei krige hat' (A.B.-S.)
Der binne minsken dy wurde mei de helm geboaren. Dy ha 't letter neat to rûm. Dy matte allerhande dingen foarút sjen en 't binne hast altyd minder moaije dingen dy't se sjogge, lyk as bigraffenissen en lykstaesjes.
't Hat hast altyd mei de dea to meitsjen. Hjir yn 'e omkriten hat ek sa'n man west. De stumper moest wit hoe faek fan bêd ôf, altyd by nacht. Dan koed er net lizzen bliuwe, dan mòest er de lykstaesje sjen. Dan waerden de hekken foar him iependien troch in ûnsichtbere macht.