There are no Keywords that match this search
There are no Danish Keywords that match this search
There are no German Keywords that match this search
There are no Icelandic Keywords that match this search
There are no Place Mentioned that match this search
There are no Narrator Gender that match this search












Sa wie der in rike koopman dy hie nei Ljouwert west, dy hie ek noch al hwat jild fan 'e bank by him. Dêr wurdt er ek oanfallen fan in rover. It wie in dikke, sterke keardel en doe sei er tsjin 'e rover: Slach my de foarste finger ôf - hwant hy hie in great mes by him -, dan kin ik biwize dat my it jild ûntstellen is. De rover kapt ta mar hy skuort wilens de finger der wei. Dat it mes yn 'e beam en hy pakt dy rover en makket him dêr fan kant.
[Transcriptie Y. Poortinga]
(Bron: hs. Poortinga, archief Fryske Akademy, in bruikleen bij Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaesjesintrum, Ljouwert, 28-9-1971)
De keapman en de oanpakker
Sa wie der in rike keapman, dy hie nei Ljouwert west, en hy sette geandefoet wer op hûs yn, mei gâns jild by him. Dêr waard er oanfallen troch in rover en dy easke syn jild.
De keapman wie in dikke sterke keardel, hy koe wol ien tille, mar sûnder wapen doarst er him net fersette, want de rover stie mei in grut mes yn 'e hân foar him. Hy sei: "Myn jild kinst wol krije, mar slach my earst de foarste finger ôf, dan kin 'k thús bewize, dat my it jild ûntstellen is."
Se steane njonken in beam en de keapman leit de finger op 'e beam.
"Goed taslaan," seit er, "hy moat der yn ien kear ôf."
De rover hout ta, mar de man skuort wilens de finger der wei en it mes sit fêst yn 'e beam. Ear't de rover it wer los hat, pakt de keapman him en makket him dêr fan kant.
(Opgetekend: 28 september 1971)
Der wie in koopman, dat wie in gewanten keardel. Dy hie nei Ljouwert ta west mei fé. Hy hie dêr fé forkocht en nu hied er in hiele knoarre jild yn 'e rieme sitten. Syn paed gong troch in bosk en doe 't er dêr yn wie, stie der ynienen in rover foar him mei in great mes yn 'e hân. Dy sei: "Je geld of je leven."
De koopman sei: "Dû kinst myn jild krije."
Hy gaspet de rieme los en smyt it jild foar de over del en seit: "Doch in teken oan my. Snij my de lytse pink ôf, dan kin 'k forantwurding dwaen tsjinoer de boer."
Dat wie de rover bêst. De koopman lei de pink op in stobbe en sei: "Slach him der yn ien kap ôf."
De rover slacht ta, mar de koopman lûkt de hân der fluch inder wei. 't Mes slacht yn 'e stobbe.
Dan pakt de fékoopman 't mes en wevet mei de rover ôf.
Ukje
Der wiene in heit en in mem dy krigen gjin bern. En dêr woene se graech in bern ha en dêr hiene se in greate koal út 'e tún en de mem snijt de koal út 'e tún wei. Ja, dêr komt in lyts berntsje út en dy neamden se Ukje. Mar dy koe yn in lusifersdoaske sliepe. En dan kaem it (er) op 'e skoarstienmantel yn in doaske. Dat wie syn bedtsje. Mar dêr op in sekere joun, dêr krije se rovers. De rovers dy bistielen har en Ukje hie alles sjoen en hy koe se ek en hy wiste hwer't se wennen en doe sei Ukje: Ik wyt hwer't se wenje. En sy hinne, mei de plysje der by en dan hiene se Ukje op 'e hân en dan wiisde Ukje har it plak en dan kamen se op it lêst by de rovers en dêr waerden de rovers ynrekkene en sy krigen har spul wer. Dat kaem troch Ukje.
Dat sil myn âlde pake my wol forteld ha.
It slot mei de ezels yn 'e Sweach
Yn 'e Sweach stie in slot, dêr roannen altyd ezeltsjes.
Dêr wie froeger us in man de marse by, dy frege dêr: "Mei it pak hjir wol stean?"
Dat woarde net tastaen. It pak kom yn 'e keuken to stean. Wylst de faem yn 'e keuken omskarrelt, sjocht se, dat it pak forweecht.
Hja giet nei de hear ta en freget om syn revolver.
"Hwat wolstû dêr mei?" seit de hear.
"Dêr wol ik mei sjitte op it pak," antwurdet de faem.
Hja krige de revolver en hja skeat.
Doe wie 't allegearre bloed.
Hja makken 't pak iepen en siet dêr in dwerch yn. Dy wie deasketten. Hy hie allerhande moardark by him, lyk as moardpriemmen, en ek in moardfluitsje.
't Wie nacht, hja hienen de doarren goed skoattele.
Hja wienen nou op har iepenst.
Op 'e stoepe lei 't ezeltsje.
Doe kommen dêr de dieven en rovers oanslûpen.
"Ia-ia-ia," baltte it ezeltsje oan ien tried wei.
De lju yn 'e Sweach tochten: "Hwat sil dit bitsjutte?"
En sy kommen fan alle kanten delsetten. Doe naeiden de dieven gau út.
Der kom in klok yn it slot, dy 't se by need lied koenen. En sûnt dy tiid hâldden se dêr altyd trije ezeltsjes.
De moedige tsjinstfaem
Der wienen us in mynhear en in mefrou. Dy wennen to Amsterdam. Op in joun wienen se der togearre op út to praten. De faem wie allinne thús.
Hja hearde ûnrie. Under 'e keuken wie in kelder. Dêr gong se hinne, hwant hja miende dat it lûd dêr weikaem. Doe seach se dat der in keardel troch it keldersfinsterke krûpte. Syn holle hied er al yn 'e kelder. It wie in rover. De faem krige fluch in skerp slachtersmes en snijde him dêr de kop mei ôf.
Doe luts se it lichem troch it gleske yn 'e kelder. Doe kom der in twadden-ien, dy makke krekt deselde reis en woarde ek in holle lytser makke. Sa kommen der seis liken yn 'e kelder tolânne.
De sawnde, dy 't ek troch it gleske soe, luts syn holle werom, hy fortroude de saek blykber net. Mar sa hurd koe er it net dwaen of hja hie him it plaske der al ôfsnien.
Doe 't de hear en de frou thúskommen, wienen se tige tofreden oer de faem en joegen har in flinke bileanning foar har moedich gedrach.
As oantinken woarden de hollen yn stien úthoud en fan bûten op 'e muorre oanbrocht, dêr 't se nóu noch altiten to sjen binne.
Op in kear wie dyselde faem aon 't liften. Doe kom der in motor oanriden. Dy stoppe.
"Woest mei ride?" frege dy motorrider. Dat wie de faem har winsk en sy kom achterop to sitten. Hja rieden almar fierder. Mar doe waeide dy mynhear syn hoed ôf en even letter syn prûk. Doe seach de faem, dat er it plaske fan 'e holle ôfmiste. Doe hie se foar 't forstân, hwa't it wie, dy 't dêr foar har siet.
Hy stapte fan 'e motor om syn hoed en prûk op to heljen. Wylst pike de faem hurd út.
Swiet en sûr fan Jan en Tryn
Jan en Tryn wienen in pear.
Jan praette net to fris.
Hja wennen ûnder in pispot.
Mar doe waeide dy pispot om en sa moasten hja in oar ûnderdak sjen to krijen. Hja gyngen op stap en kloppen by in boerespul oan.
Dêr mochten hja wol in skoftsje bliuwe.
Mar Jan wie in fraet. Hy wist net fan ophâlden as er ienkear de leppel yn 'e hân hie. Hy hie in mage as in poepehoas.
Dêrom sei Tryn: "As ik dy aenst ûnder iten tsjin 'e foet oan stomp, dan leistû de leppel del, forstien?"
"Goed, mar dan dû ek."
Dat wie ôfpraet.
Hja hienen de mage noch lang syn gerak net jown, doe riisde de houn, dy't ûnder 'e tafel lei, oerein en trape Jan op 'e foet. Jan tochte, dat is Tryn har wurk en seach rare prot, om't er noch lang syn bikomst net hie. Mar hy sei by himsels, nou dû ek, en joech syn oere helte in fikse traep stjin 'e skynbonke. Tryn lei ek de leppel del.
Hja leinen dy nachts op bêd, elk mei de honger yn 'e hals. De mage rattele Jan.
"Hwerom trapeste my sa gau op 'e foet?"
"Dat haw ik net dien, dat die dy houn. Mar hwerom hastû mìj so gau op 'e foet trape?"
"Ik tochte, krij ik net mear, dan dû ek net."
Tryn sei: "Ik haw yn 'e kelder in potfol brij stean sjoen: Sil ik dy in great sleeffol helje?"
Der hie Jan wol earen nei en Tryn joech har ôf nei de kelder. Hja dronk har earst sels goed sêd en kaem dêrnei mei in sleeffol werom yn 'e keamer.
Mar der wienen yn dy keamer twa bêdsteden. Yn it iene sliepte Jan, yn it oare de boer. Tryn forsinde har yn it tsjuster en kaem by it forkearde bêdsté tolânne. Dêr lei de boer, dy't krekt in wyn gean liet.
"Hoechst net to blazen, de brij is net hyt," sei Trijn.
Mar de boer liet jitris in wyn gean.
"Ast' nou wer blaeste, slach ik dy mei de sleef om 'e earen."
Foar de trêdde kear die de boer itselde.
Nou waerd Tryn kûgelsk: hja tichele de boer mei de sleef ôf, dat de brij stoude withwersanne.
De boer waerd wekker en bigoun to kettermintsjen.
Doe krige Tryn yn 'e gaten, dat hja by it forkearde bêd stie. Hja hurd nei Jan ta.
"Gau, gau Jan, der ôf," rôp se, "en fuort." En hja fornijde him hwat der bard wie.
Jan sprong rimpen fan it bêd en stoude mei sa'n faesje ta it hûs út, dat hy naem de hiele foardoar mei.
Dy woe er delsmite, mar Tryn sei:
"Nim mei, dan ha wy altyd in ûnderdak."
Hja waerden in greate ikene beam gewaer. Dêr soenen hja de nacht mar fierder yn to'n ein bringe. Jan neam de doar mei nei boppen. Dat wie harren tek.
Wylst kamen der trije rovers oansetten. Dy gyngen ûnder 'e beam sitten en telden it jild, dat hja stellen hienen. It wie in ûnbidigen knoarre.
Tryn sei: "Ik kin der neat oan dwaen, mar ik haw in lyts boadskip."
"Doch dû dyn lyts boadskip," sei Jan.
De rovers seinen: "Daar valt hemels water."
In skoftsje letter sei Tryn: "Nou stiet it slim, mar ik haw in great boadskip."
"Doch dû dyn great boadskip," sei Jan.
De rovers seinen: "Daar valt hemels brood."
Mar wer in toarn letter koe Jan syn doar net mear hâlde. Hy sei tsjin Tryn:
"Hoe moat dit?"
"Lit falle," andere Tryn.
En dêr foel er, boppe op 'e trije banditen.
Dy seinen: "Daar vallen hemelse deuren."
En hja setten de sokken der ûnder, rinne net sa haste net. Fan klearebare binaudens lieten hja al it jild ûnder 'e beam lizze.
Doe Jan en Tryn út 'e beam. Hja fandelen it jild by elkoar.
Nou wienen hja ryk.
"Wiste, hwat wy dogge?" sei Tryn. "Wy keapje in pleats mei kij, dan bistû boer."
Dat dienen hja, mar Jan koe net melke, dêrom siet Tryn moarns en jouns ûnder 'e kij.
Mar Tryn mocht dy bisten lykwols foar har eagen net sjen. Hja draeiden altyd mar mei de tsjêken. Tryn krige der skjin har noft fan.
Hja sei op in joun tsjin Jan:
"Se stekke my altyd de gek oan. Lappe se my dat moarnmoarne wer, dan snij ik se allegearre de hals út."
De oare moarns leinen de kij fredich yn 't lân to wjerkôgjen.
Tryn waerd alhiel breinroer. Hja hie in great mês meinomd, en dêr snie se alle bisten de kop mei ôf.
Doe wie de buorkerij gâns ynkoart. Mar hja hienen noch in side spek yn 'e skoarstien hingjen.
Jan sei: "Dy moat der mar bliuwe foar de lange slinter." (Hy bidoelde de lange winter, mar hy praette net to fris.)
Deselde deis, wylst Jan net thús wie, kaem der in lange keardel by de doar mei it pak.
"Bistû faeks de lange Slinter?" frege Tryn.
"Dat bin ik."
"Nou, hjir," sei Tryn, en hja helle de side spek út 'e skoarstien wei. "Dy woe Jan dy ta ha. Dêr hast him."
Doe hienen hja neat mear en moasten hja wer ûnder 'e pispot.
(Bron: Dam Jaarsma: `Swiet en sûr fan Jan en Tryn. Ald folksforhael', in: It Heitelân 29 (1951), p.107-108)
Hoe't de namme Spekloane ûntstien is:
It wie froeger Stekloane, en dy loane is sà oan syn namme kom:
Der wie us in skearsliper dy gong mei syn skearsliperskroade de kant nei Rottefalle út. Hy soe yn Rottefalle oernachtsje. 't Wie al donker. Hy wie omtrint oan 'e ein fan 'e Langewyk ta, doe woarde er oanfallen troch twa rovers, dy woenen him fan syn jild birove. Ien fan dy beiden hat er dêr doe deastutsen. Sa krige dy loane de namme Stek loane.
Letter ha se der Spekloane fan makke.
Der wie in faem, dy wie o sa moedich. Hja tsjinne by in boer en boerinne. Dy wienen us fuort togearre. Doe bleau dy faem allinne thús. Dy moest op it hûs passe. Doe kommen dêr dy nachts rovers. Der siet in gleske yn 'e doar. Ien fan 'e rovers die dat iepen en stuts syn holle der troch. De faem houde mei in swurd de kop der ôf en sette dy kop op 'e tafel.
Doe treau der wer ien syn holle troch dat gleske. Dy kop houde hja der ek ôf. En de kop kom njonken de oare sinen op tafel to stean.
Sa hie se op 't lêst tolve koppen ôfhoud, dy't se allegear op 'e tafel sette. Mar fan 'e trettsjinde houde se allinne mar it plaske ôf. Hwant dy rover luts syn holle tobek. In tiid letter woe de faem wol in feint ha. Op in kear kom der in feint it paedtsje op. De frou sei: "Dy komt om jo."
De faem en de feint sieten dy jouns by elkoar. Hy kaem alris wer by de faem oan hûs en dat woardde forkearing tusken dy twa. Op in kear sei er: "Nou matte jo ek ris by ús oan hûs komme."
Dat wie goed.
De feint helle de faem op yn in iepen wein sûnder fordek. It hynder roan der foar. Hja sieten neist elkoar en it waeide ta. De feint bigoun to sjongen:
Het maantsje scheen wat helder,
mijn paardtsje loopt wat snelder.
Doe waeide ynienen syn hoed ôf troch de hurde wyn. Doe seach de faem dat dy feint net in plasse hie en doe woardde it har dúdlik dat it deselde rover wie, dy't hja mei 't swurd neisjoen hie. Hja woardde der tige kjel fan. Hy stapte út om 'e hoed to krijen en hja jage doe sa hurd as se koe it hynder nei de pleats ta dêr't se wennen. Hynder en wein liet se foar hûs stean. De feint kaem even letter en pakte hynder en wein op. Sûnt hat dy faem noait wer in feint ha wold.
Jierren letter roan se de wei út. Doe kom har ien yn 'e wein achterop en dy frege of se mei ride woe. Nou, dat woe se wol. It wie deselde feint dy't de plasse miste, mar dat wist de faem net. Hy paste op, dat de hoed him net ôfwaeide.
Doe bigong er wer to sjongen:
Het maantsje dat scheen wat helder,
mijn paardtsje loopt wat snelder.
Even letter wie hy toplak. Doe brocht er de faem yn in hûs.
"Hjir is in keamer foar jo," sei er, "dêr kinne jo yn gean. Fan dy deade liken dy't dêr lizze, kinne jo ite. Der wurdt jo wetter brocht." En doe die er de doar fêst.
De faem tocht: "Hoe mat ik dit ha om hjir wei to kommen? Ik mei gjin fleis fan deade liken en fan wetter allinne kin ik net leve."
Doe seach se troch it finster. Der roan in hiele brede gracht om 't hûs hinne.
Doe skoude se 't glês op en sprong yn 't wetter.
Der wie krekt in skipper yn 'e gracht, dy heinde har op.
Doe sei se: "Kinne jo my forlosse? Jo wurde goed bileanne. Jo hoege noait wer jirpels to keapjen, dat doch ik wol foar jo. Ik bin in boeredochter, ik kin 't wol bitelje."
Doe hat de skipper har yn 't seil biwuolle, dat om 'e mêst hinne siet. Hy hie 't krekt dien, doe kommen der mannen oan op hyns.
Dy fregen de skipper of er ek in faem sjoen hie.
"Né", sei de skipper.
"Dan wolle wy it skip ûndersykje en it ôfstekke."
"Dat is bêst," sei de skipper, "mar tink der om, it seil wol 'k net forstutsen ha."
Se ha de faem net foun en de skipper brocht har wer feilich thús.
De founling en de prinses
Der wenne ris in ealman yn in kastiel. Dy ealman, dy hie gjin bern. Dat siet him danige dwers, dat syn húshûalding krekt like lyts bleau. Mar op in dei foun er yn ien fan 'e bosken in lyts jomkje. It wie noch mar in pear dagen âld. Hy naem it mei nei syn wiif ta. Dy wie alhiel út 'e skroeven oer dizze oanwinst. It bern krige dêr in libbentsje as smoarge beane. It krige syn gerak as gjin oar.
Om 'e safolle jier makke de ealman mei it wiif in reis nei de Oast ta. Doe't de jonge sa'n 18, 19 jier âld wie, die dy gjin lichten, hy woe èk mei. Dat gyng oan. Trijeresom rekken se op stap. Hja farden oer wide séën. De jonge hie syn kano efter 'e boat oan boun. Dêr woed er mei farre, as er yn 'e Oast wie.
Hja troffen sierlik moai waer ûnderweis. It wie blêdstil. Op in moarn frege de jonge:
"Mei 'k wol yn 'e kano?"
Hy forfeelde him hwat op it dek. Ja, dat mocht wol. De jonge koe boppedat goed swimme, fordrinke soe er dus net.
Mar hwat wol 't gefal? Der komt in stoarm opsetten fan je welste. Dat gong sa hommels, dat de jonge hie gjin tiid en klatterje by de boat op. It tou, dêr't de kano mei oan 'e boat fêst siet, knapte midstwa en dêr skommele de jongfeint op 'e baren. En dy wienen heech.
Hy wie lykme allinne. De kano gong op en del. En in stik wyn! En in hege sé! Fan 'e boat wie al gau neat mear to sjen en de jonge dreaukele al mar fierder en fierder. Op it lêst, doe bikaem de stoarm. Doe wied er deun by in eilantsje. Hy peddelde der hinne, loek de kano op it strân en gong op stap. Och, hwat wied er warch! It wie al let. Hied er mar in ûnderdak foar de nacht. Mar hwer moast er hinne?
Dêr seach er yn 'e fierte in ljochtsje baernen, hy der gau op ôf. Hy kloppe en bidarre yn in rôvershoale.
Dat wie net sa'n moai plak, mar hy bearde, dat er èk in rôver wie. De headman ornearre, hja koenen him wol brûke.
Tafallich seach er, dat ien fan 'e mannen in doar iepen makke mei de kaei. Doe rikte dyselde ien iten ta troch in lûkje hinne. Fuort dêrnei waerd de doar wer op slot dien.
De jongfeint makke in lange nacht. De oare moarns moast de binde der op ût om to roven. Hja woenen him mei ha, mar hy biwearde, hy wie wend der allinne op út to gean. Toe dan mar, dat mocht wol.
Hwat die doe ús maet? Hy sette de stap der ûnder nei de kano ta en helle dêr 500 goune út. Dat jild hied er meinaem, doe't er de boat forlitten hie.
Hwat seagen dy rôvers raer op, doe't se de joun thûs kamen. In grouwe 500 goune hied er bûtmakke! Hja priizgen him om it hurdst.
De oare deis gong it krekt allyksa. Nou helle er 800 goune ût syn kano. De rôvers bearden noch mear en seagen heech by har nije maet op.
Mar de trêdde deis, doe't er mei 1000 thûs kaem, wienen se alhiel ût 'e skroeven. Tsjonge, hwat wie dat in baes oanwinst. Hja wienen sa wiis mei him, dat se seinen: "Dû moatst ûs haedman wurde."
Dat gong oan en de oare moarn teagen hja allegearre wer op rôf út. Allinne de nije oerste bleau thús. Dy hie nou de kaeijen en doe't er syn folkje ta de hoale út hie, hwat died er doe?
Wel, it earste hwat him to dwaen stie wie de doar los to meitsjen fan dyselde, dy't it iten troch in lûkje krige. En hwat seach er dêr? Dêr siet in jongfaem. Dy hienen se opsletten. Hja wie o sa tsjep fan troanje. Hja fornijde him, hja hie in reis makke op in skip; dat wie yn 'e hannen fan 'e rôvers rekke en dy hienen har meinomd hjir hinnen.
De jongfeint brocht har nei syn kano ta. Dêr gongen se togearre yn sitten en lieten har fuortdriuwe. In hiel skoft wienen se ûnderweis, doe waerden se yn 'e fierte in great skip gewaer. De faem weau mei de bûsdoek, mar dy dêr op it skip murken it net. It skip farde troch. In skoft letter passearde der wer in skip.
"Dat is ien fan ús naesje!" rôp de faem. It skip droech de Ingelske flagge.
Hja waerden sjoen en ringen lei de kano njonken it Ingelske skip. De bûsdoek, dêr't hja mei wiuwd hie, joech se ta in oantinken oan 'e feint, dy't har út 'e rôvershoale forlost hie. Op dy bûsdoek stie it wapen fan it keninklik hûs fan Ingelân.
Doe't de kaptein fan it skip it fanke seach, wist er fuort, hwa't it wie. Net ien oars as de Ingelske keningsdochter. Hja hie har net bikend makke, mar hy hie har wol faker sjoen. Eltsenien wiste, dat hja yn 'e hannen fan rôvers fallen wie.
De kening hie troch it hiele lân omroppen litten, dat dyjinge, dy't har bifrijde, dy soe har ta syn wiif ha. Nou, tocht de kaptein by himsels, dat wie lang net in minne partij, sa'n keningsdochter.
Mar, dat hied er àl yn 'e gaten, dan moast dy feint út 'e wei romme wurde, oars koed er syn slach noait slaen. En dan soe hy tsjin de kening sizze, dat hy syn dochter rêdden hie.
Hwat die er? De jouns, doe't de feint lukme allinne op it dek stie, joech er him in triuw. De feint tûmele oer board. Mar de feint koe tige swimme en dat wist de kaptein net. Hwat de feint to dwaen hie, hy krige it roer to pakken, dat er bisylde en sa kaem er yn 'e haven oan wâl.
In skoft letter roun er de stêd yn. Dêr letten rounom de klokken. De feint frege:
"Hwat hat dat to bitsjutten?"
"Wite jo dat net? De dochter fan 'e kening is wer thús: in kaptein hat har út 'e hannen fan rôvers forlost."
Doe gong der de feint in ljocht op en doe krige er ek yn 'e gaten, hwat dat wapen op dy bûsdoek to bitsjutten hie.
Hy kuijere troch de stêd. Dêr waerd er in skilder gewaer. Dy hie 't tige drok mei 't bistriken fan in keamer yn in hiel great hûs.
"Dat giet moar poat-oan, net?" sei de feint sa.
"Ja, man," andere de farver. "Dit hûs, dêr komme de kaptein en de keningsdochter yn to wenjen. Dy binne krekt thúskomd. Nou moat alles earst goed yn 'e es fansels."
"Sil ik de kwast fan dy oernimme?"
Dat wie de farver wol goed. De feint koe skilderje as in bikwaem fakman. Op elts fan 'e fjouwer lewanten kaem de byltnis to stean fan in tafriel út syn libben. Op 'e earste foun de ealman him as lyts jonkje; op 'e twadde koenen jy sjen, hoe't syn kano losrekke fan 'e boat en hoe't er op it rôverseilân torjochte kaem; op 'e tredde, hoe't er mei de keningsdochter op 'e Ingelske boat bidarre en op 'e fjirde, hoe't de kaptein fan 'e boat him tomûk yn 'e sé stompte.
Doe't er klear wie kamen de kening en de kaptein en de prinses der oan. De kening frege him oft hja it skilderwurk wol bisjen koenen. Dat koe barre, mar dan moasten de doarren efter harren op slot.
Stijeresom biseagen se de tafrielen.
"It is prachtich wurk," ornearre de kening, "mar nou moatte jo ús ek fortelle, hwat dit allegear to bitsjutten hat."
En dêr rekke de feint op 'e tekst. Hy forhelle syn eigen libbensskiednis en sloech neat oer. Doe't er safier wie, dat de kaptein him oer board smiet, woe dy ta de doar út, mar dat koe net, hwant de doarren sieten fêst.
"Dyselde, dy't my de bûsdoek joech, wie dizze faem," sei de feint en hy wiisde de prinses oan. "En hjir is de bûsdoek."
En hy liet de bûsdoek sjen.
De kaptein seach as in wytling.
"Is dat wier?" frege de kening.
De prinses knikte.
"Dus, hy is de rêdder en dizze hjier - en hy wiisde op 'e kaptein - is in bidrager?"
"Sa sit it," andere de prinses, "en net oars. Hy is myn ferlosser."
"Nou hawwe jo it mar foar it sizzen," sei de kening, hoe't wy mei dizze kaptein oan moatte."
De feint bitocht him net sa lang.
"Hy moat troch acht hynders útinoar lutsen wurde."
Dat barde.
Mar de feint troude mei de prinses en it waerd in brulloft lyk as net ien it noch meimakke hie.
Us heit hiet fan Foppe Hoekstra.
Op in kear koed er hwat erve. Dat wie yn Eastemar of sa. Hy wie doe noch jong. It sil sa'n tachtich jier lyn west ha. Heit hie syn erfdiel ophelle en stuts ûnderweis oan, doe't er op wei wie nei hûs ta.
By dat kroechje wie hwat bosk en dêr roan in sleat troch hinne. Om my wie 't op 't Wytfean.
Heit wie rinnende.
Doe't er wer op stap gong, setten twa keardels him achternei. Sy roannen hurd. Heit tocht: "Hoe mat ik dit ha om dy beiden to ûntkommen." Hwant hy hie wol yn 'e gaten, dat it rovers wienen, dy't it op syn jild gemunt hienen.
Doe seach er in skou oan 'e kant fan 'e wei lizzen. Dy lei omkeard. Heit tochte: "Dêr krûp ik ûnder." En dat died er.
Doe hearde er dy twa rovers tichterby kommen. Hy hearde dat de iene tsjin 'e oare sei: "Hwer is er nou bleaun? Is er ús nou doch noch ûntkom?"
Doe gongen se op 'e omkearde skou sitten.
En heit hearde, dat de iene syn pipe op 'e skou útkloppe. It duorre in moai skoftsje, dat se dêr sa sieten. Doe gongen se fuort.
Heit bleau earst noch in skoftsje stil lizzen.
Doe loerde hy us ûnder 'e boat troch. Mar hy seach neat mear. Doe sei er by himsels: "Ik rin nei hûs."
Hy is sa hurd nei hûs ta roan, dat it bloed stie him yn 'e skuon. Hy wenne oan 'e Spekloane yn Boelensloane. Heit wie doe noch net troud en wenne by syn âlden yn 'e hûs.
Der wiene in Jan en Tryntsje dy wennen ûnder 'e pispot. En op sekere nacht [der stoarmet] waeit it sa bot, dat dy pispot waeit om en dwarstroch [2. kear: Mar der komt in dikke stoarm op. De pispot oer 'e kop en stikken]. Mar Jan dy koe net bêst prate, dy stammere hwat. Hy sei: wi fuortgaene en de earste boer de bêste dêr ûnderdak freegje.
- Goed, sei Tryntsje. Sy kloppe oan by in boer: Is der ek plak foar ús?
- Ja.
[Mar der't wie't op 't lêst sa fris: sy moaste iten.]
Mar doe sei Tryntsje tsjin Jan, hwant hy koe sa geweldich ite: As ik dy nou op 'e foet traepje, Jan, dan moatst de leppel hinnelizze, hear.
- Goed, Tryn, sei er. Mar de boer hie ek in hiel almachtige dikke houn. Sy sieten oan 't iten en dy houn rint ûnder 'e tafel troch en trapet Jan op 'e foet. Jan goait lulk de leppel hinne. Doe tocht er: Tryn, nou krigeste ek gjin mear. Hy trapet Tryn op 'e foet.
Mar froeger wiene 't allegear bêdden en bedstede, sa njonkenelkoar yn 'e keamer; doe leine de boer en de boer[in] op 't iene bêd, Jan en Tryntsje op 't oare. Doe sei Jan: Hwerom dou my op 'e foet trape.
- Dat ha'k net dien, sei Tryntsje, dan moat de houn it dien ha. Mar hwerom trapestou my op 'e foet?
- Ik tocht, sei er, dan krigestû ek gjin mear. Doe sei Tryntsje: Ik wit hwer't de brij stiet en dan yt ik my earst sêd yn 'e kelder en dan kom ik mei in dikke sleepfol by dy. En froeger wiene't fan dy almachtich greate skûdels mei brij. Dat Trijntsje iet har sêd yn 'e kelder en der kaem se mei in great sleeffol brij oan. En kaem se mei [lees: my?] net by it forkearde bêd! By [Nei] de boer en de frou harres [ta]. En dêr moast de boer krekt blaze. Pppff! sei de boer. Och Jan, sei se, it is net hjit. Dêr duorde it eefkes. Pppp! sei de boer. Och Jan, sei se, hoechst net te blazen. Mar Pppff! sei de boer. Doe sei se: Ast it nou wer dochste, Jan, dan slach ik dy mei dat sleeffol brij foar de kont. Dêr duorde it eefkes, dêr wie 't wer: Pppff! sei de boer. En sy slacht ta en sy slacht him der mei it sleeffol brij foar 't gat, dat it wie ien brij en allegear brij en dêr fornimt se dat se by 't forkearde bêd wie.
- Jan, Jan, fluch, sei se. En froeger wiene de doarren yn twaên, dat Jan raemt ta en hy raemt de ûnderdoar der út.
Doe sei Tryntsje: Nim mei, nim mei, Jan, dan ha wy ûnderdak. Goed, de doar gong mei. En dêr stie in dikke ikene beam; dêr klommen se yn. En dêr de doar boven har en dêr kamen trije rovers oan. En in berch, berch jild hiene se by har. Dat se soene it jild ûnder de beam diele. It duorre eefkes, doe sei Tryntsje: Ik moat wetterje.
- Och, sei Jan, miich dêr dan fan boven. Dêr seine de rovers: Dêr falt hemels water. Dêr duorre 't eefkes: dêr moast se har bihoefte dwaen. Doe sei se: Jan, ik moat myn bihoefte dwaen.
- Skyt fan boven, sei Jan. Dat dêr seine de rovers: Dêr falt hemelse muster.
Mar dêr duorre it eefkes, doe [dêr] sei Jan: Ik kin de doar net mear hâlde, Tryn! Doe sei Tryntsje: Goai fan boven.
Hy goaide de doar fan boven. Doe seine de rovers: Daar fallen hemelse deuren, en waerden sa binaud, dat sy naeiden út, 't jild lieten se lizze. En sy út 'e beam wei, sy namen it jild. Sisa, sei Jan, nou kinne wy in moaije plaats hiere, Tryn!
Sy hierden in moaije plaats, mar Jan koe net melke. Tryntsje moast melke. Dêr komt se op in sekere moarn thús, doe leine dy bisten moai to wjerkôgjen yn 't lân. Doe sei se: Jan, as ik (moarns) by de beesten kom, stekke se my alle moarnen [kearen] de gek oan. Doe sei se: as se it wer dogge, snij ik se moarnmoarne allegaer de kop ôf. Dat sy slipet it mes en dy dieren leine de oare moarns moai to wjerkôgjen. Snijt se my de beesten allegearre de kop net ôf!
Mar dêr wie 't safier, dêr hiene se noch ien siede (spek ??). Doe sei Jan: Dy moatt' wy hâlde ta de langer slinter. Dêr bedoelde: Ta de lange winter. Mar Jan wie fuort en dêr komt sa in (greate) lange meagere keardel. Doe sei Tryntsje: Bistou de lange Slinter?
- Doe sei er: Ja!
- Nou, Jan hat sein: Der is noch ien side, dan moatstû dy mar ha. Jan keam dy jounes wer thús. Doe sei se: Ik ha de lange Slinter de lêste side jown. Òh, sei Jan, nou ha wy neat mear.
Dêr, fan need, dêr moasten Jan en Tryntsje wer ûnder 'e pispot.
Hat er fan Alle Bijma.
(Bron: hs. Poortinga, archief Fryske Akademy, in bruikleen bij Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaesjesintrum, Ljouwert, sept. 1971)
Fan greate Klaes en lytse Klaes.
Der wienen twa boeren, dy wennen neist inoar. De iene dat wie greate Klaes en de oare dat wie lytse Klaes.
Greate Klaes hie gâns in keppel fé, mar lytse Klaes hie mar ien koe.
Greate Klaes hie altyd de gek mei lytse Klaes, omdat dy sa earm wie.
Op in dei doe stoar lytse Klaes syn koe. Doe gong er hinne en hy slachte him en hy gong mei 't fel nei de stêd ta.
Underweis kom er troch in bosk, dêr gong er ûnder in beam sitten om hwat út to rêsten. Doe kommen dêr rovers oan.
Lytse Klaes klom gau mei syn fel yn 'e beam, hwant hy tocht: Dy mannen kinne my wolris dea meitsje.
De rovers gongen ûnder 'e beam sitten. Sy bigongen dêr to jild tellen. Sy hienen in hiel protte jild roofd.
Lytse Klaes liet by ûngelok it fel fan 'e koe falle en dy koehûd foel oer de rovers hinne.
Dy rovers woarden kjel en sy wienen sa bang, dat sy fleagen alle kanten út. "De wrâld forgiet!" rôpen se, "de hemel komt fan boven." Sy lieten al it jild lizze.
Lytse Klaes makke gau dat er op 'e groun kom en hy fandele al it jild by elkoar. Doe gong er nei hûs ta.
Der wie sa'n protte jild, tofolle om to tellen. Dêrom gong er nei greate Klaes ta en frege of er dy syn tonne wol even ha mocht.
Greate Klaes tocht: "Hwer soed er dy foar brûke matte", en doe die er hwat tar op 'e boom. Doe't lytse Klaes de tonne werom brochte, sieten dêr in pear ryksdaelders oan.
"Hwer hastû al dat jild wei", sei greate Klaes.
"Dat ha 'k bard foar myn koehûd", sei lytse Klaes.
Doe slachte greate Klaes al syn fé en mei de fellen gong er de oare deis nei stêd ta. Mar dy fellen brochten omtrint neat op.
Doe wie greate Klaes ôfgryslike lulk op lytse Klaes. Hy sei tsjin him: "Fannacht sil ik dy de kop ôfhouwe."
Dy jouns sei lytse Klaes tsjin 't wiif: "Dû mast foar dizze kear mar foar lizze, ik gean yn 'e weech." Sa gongen se op bêd lizzen.
Dy nachts kom greate Klaes mei de bile en hy houde it minske de kop ôf. Hy tocht dat it lytse Klaes wie omt dy altyd fóár lei.
Lytse Klaes helle de oare deis de wein ta de skuorre út en spande 't hynder der foar. Hy sette de kop wer op 'e romp fan syn wiif en die der in reade doek omhinne.
Doe sette er 't minske op 'e wein. Hy gong mei har út to riden.
Underweis stutsen se oan. De frou bleau op 'e wein sitten.
Doe sei lytse Klaes tsjin 'e kastlein: "Jimme matte har èk hwat bringe. Mar tink der om, sy is hurdhearrich."
De kastlein gong nei de wein ta mei drank yn 'e hân, mar hy krige gjin gehoar doe't er har de drank oanbea. Op 't lêst woarde er lulk en doe sloech er har op 'e kop. En doe foel dy hiele kop der ôf.
De kastlein woarde wyt om 'e holle en sei tsjin lytse Klaes: "Jo matte der gjin drokte fan meitsje. Jo krije safolle jild fan my as twa hynders lûke kinne." It wie in rike kastlein. Lytse Klaes ried mei al dat jild nei hûs ta en dy jouns kom er wer by greate Klaes om dy syn tonne, hwant hy moest wer mei it jild oan 't mjitten.
Greate Klaes die der ek nou wer tarre oan en doe't lytse Klaes him de tonne wer brocht, sieten der wèr in pear ryksdaelders oan.
"Hoe hast nou wer sa'n jild krigen?" frege greate Klaes.
"Ik ha 't wiif yn 'e stêd forkocht", sei lytse Klaes. "Deade minsken binne optheden in hiel soad jild wurdich."
Dy nachts sloech greate Klaes syn wiif de kop ôf. De oare deis gong er mei har nei stêd. En hy rôp hyltyd mar: "Wie koopt er dooie mensen? Wie koopt er dooie mensen?" Mar net ien dy't syn wiif keapje woe.
Op 't lêst jagen se him ta de stêd út.
Doe't greate Klaes thús kom wie er razend op lytse Klaes. Hy pakte lytse Klaes beet en treau him yn in sek. Dy makke er goed ticht. "Ik sil dy forsûpe!" sei er. "Yn 'e sé gieste!" En hy nom de sek mei lytse Klaes der yn, mei.
Underweis kommen se in tsjerke foarby. Dêr woarde yn song, en dat klonk sa moai, dat greate Klaes sei: "'k Smyt dy hjir even del, 'k wol even yn 'e tsjerke sjen."
Wylst greate Klaes yn 'e tsjerke wie, kommen der guon oan. Lytse Klaes rôp: "'k Wol der út! Sy wolle my fordrinke!" De lju skopten tsjin 'e sek oan en makken him los. Doe't se lytse Klaes seagen, seinen se: "Och-och, mastû sa jong de ivichheit al yn?" En sy lieten lytse Klaes der út.
Lytse Klaes die gau modder yn 'e sek en doe makke er him wer ticht. En doe gong er hurd op hûs yn.
Doe't greate Klaes út 'e tsjerke kom gong er gau mei de sek nei sé ta en dêr smiet er de sek yn 't wetter.
Doe't er thús kom seach er lytse Klaes dêr omrinnen.
"Hwer komstû wei?" sei er.
"Ik kom út 'e sé", sei lytse Klaes. "Och-och, hwat wie 't dêr moai! En hwat in fé roan dêr op 'e boaijem om. Allerhande kij en skiep en bargen. Ik hie wol in hiele protte meinimme kind." "Wytste hwat?" sei greate Klaes. "Dû mast my èk yn sé goaije." Dat wie lytse Klaes bêst. Hy binaeide greate Klaes yn in sek en sa nom er him mei nei sé. Dêr koed er mar fé útsykje op 'e boaijem.
Mar greate Klaes kom net werom.