There are no Keywords that match this search
There are no Danish Keywords that match this search
There are no German Keywords that match this search
There are no Icelandic Keywords that match this search
There are no Place Mentioned that match this search
There are no Narrator Gender that match this search












Myn omke sette altyd de klompen omkeard foar de bêdsdoarkes del. Dêr koed er de nachtmerje mei keare, sei er.
Der wie in widner, dy hie faek hinder fan in nachtmerje. Dy kaem alle nachten troch 't slotsgat.
Op in kear, doe't er wer it gewicht fan 'e nachtmerje op him fielde, sloech er de earms om har hinne en rôp: "Lampe op! Lampe op!"
De bern dienen gau de lampe op en doe hied er de nachtmerje fangd. 't Wie in moai frommes.
Hja is dêr bleaun en hy is mei har troud. Hja krigen ek bern togearre.
Mar 't kaeisgat hie de man tichtmakke, dat hja koe net wer fuortkomme.
Altomets song se: "Wat luiden die klokken in Engeland fijn." Doe ha de bern op in kear it slotsgat iepen makke en dêr is hja trochhinne krûpt. Doe is se fuortgong en sy ha har noait wer sjoen.
De nachmerje wie sa glêd as in iel. Op in kear sprong in nachtmerje in man op 't liif. De man pakte de nachtmerje, mar hy glied him as in iel troch de hannen.
Ien fan sawn dochters is in nachtmerje. Wol men gjin hinder fan 'e nachtmerje ha, dan smyt men moal op 'e stuollen en foar 't bêd. Dan kinne se net by jin komme.
Se hingje ek wol in fleartokke foar 't bêd.
Ien fan 'e sawn dochters, sizze se, is in nachtmerje, ien fan 'e sawn soannen in wjerwolf.
In nachtmerje, sizze se wol, is in soart dier, dat de minsken nachts op bêd pleaget. Froeger dienen se duveldrek ûnder 'e drompel om der gjin lêst fan to hawwen.
In wjerwolf is ek in soart dier.
Der hat is in boer west, dat wie in widner. Nachts kaem der faek in nachtmerje by him, mar doe gong er us in kear hinne op oanrieden fan in oar, dat hy lei in stik roggebrea op 'e stoel foar 't bêd del. Doe koe de nachtmerje net wer fuortkomme. Hy hie har fangd.
Doe't de boer de oare moarns wekker waerd, siet hja by de tafel. It wie in knap frommeske. De boer soarge der foar dat er de kaei yn 't kaeisgat sitte liet, dan koe hja net fuortkomme, hwant dan wie dat ticht.
De nachtmerje waerd húshâldster by de boer, mar op in kear, doe't de boer net thús wie, sei se: "Hoor, wat luiden die klokken weer fijn in Engeland. Ze brommen en suizen het uit."
De bern seinen: "Wy hearre neat."
"Doch dan de kaei mar út it kaeisgat wei," sei se "dan hearre jimme it ek wol."
De bern nommen de kaei der út en doe makke se gau dat se fuortkaem troch it iepen gat en sy kaem noait werom.
Hat men lêst fan in nachtmerje, dan in wiete dweil foar 't bêd lizze.
Wol men gjin lêst fan in nachtmerje ha, dan mat men de klompen ûnrjocht foar 't bêd sette.
Fan sawn famkes is ien in nachtmerje.
Fan sawn jonges is ien in wjerwolf.
Us mem plichte to sizzen: Dû mast net sa gulzich ite, dû koest wol in wjerwolf wêze. Men seit ek: frette as in wjerwolf.
Us heit hat faek lêst hawn fan nachtmerjes. "Ik ha wol sa faek prebearre ien to fangen", sei er. "Dan lei 'k klear. Dan sei 'k by my sels: - As der nou aenst ien komt, dan sil 'k har pakke. Dan ûntkomt se my net."
Mar hy hat noait ien fange kind.
Mem hat alris in nachtmerje by har op bêd hawn. Dy prebearre har op 'e rêch to krijen. Mar doe hie mem har mei beide hannen beetkrige, mar se wie har samar út 'e hannen weigliden, sy wie sa glêd as in iel.
De nachtmerje is in frommeske. Om gjin hinder to hawwen woarden de klompen omkeard foar 't bêd set. Mar dat hat my noait hwat jown. Se dienen ek duveldrek ûnder 'e drompel. Ek struiden se moal op 'e stoel foar 't bêd.