Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Icelandic Keywords

There are no Icelandic Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender

There are no Narrator Gender that match this search

close
8
Leaflet | © OpenStreetMap contributors, Points © 2019 LINZ
8 datasets found
Dutch Keywords: zwart Place of Narration: Sumar
Op 'e Nije Wei roan ris op in joun in man fan Twizelerheide nei Twizel ta. Doe kom der in houn njonken him, dy wie swart en great. Dy bleau him op side en roan flak njonken him. De man wie deabinaud, hwant it wie in pleachbeest. Dweiltrochwiet fan bangens kom er yn Twizel oan.
Op 'e Hearrewei ûnder Sumar wie 't froeger net feilich. In heit mei in soan: Egbert en Japik Spoelstra biroven dêr de minsken dy't dêr lâns kamen. Se makken harsels swart mei skuonpoets. 't Gebeurde yn 'e foarige ieu. Op 't lêst binne se yn 'e gefangenis torjochte kaem.
In swarte kat hie men it net op stean. Dy moest altyd bûten 'e doarren hâlden wurde. Der hat yn Sumarreheide in jonge slim siik west. Dêr krige de kat doe de skuld fan.
Tsjoensters koenen har yn swarte katten foroarje en krânsen yn 'e kessens tsjoene. Men lei duveldrek ûnder 'e drompel, dan hiet it dat de tsjoenster der net oer komme koe.
Dyselde man seach ek in bigraffenis fan tofoaren. Hy sei: "Der rint in wyt en in swart hynder foar de wein." Dat leauden se net, hwant dat gong tsjin 't gebrûk yn. Mar 't kòm wol sa út. Troch omstandichheden moest der in wyt hynder by.
Pake Sjoerd kom ek us op dat tsjerkhôf, doe stie de tsjerke der noch. Tsjin 'e muorre oan stienen twa mei in wyt lekken om boven op elkoar. Dy woenen pake bang meitsje. Doe sei pake: "Ik ha wol us twa op elkoar sjoen, mar dêr ek noch in swarten boven op, noch noait." Doe woarden dy twa feinten sa binaud, dat de bovenste foel en sy naeiden hurd út.
Op 'e Veltmansreed roan in grouwe, swarte houn om. Mar sy koenen net in kop of in sturt oan it beest gewaerwurde. Se koenen net rjocht sjen hwat it krekt wie.
I. De duivel 1. Zijn U verhalen bekend over mensen, die de duivel gezien hebben of omgang met hem hebben gehad (met hem gedanst hebben, met hem kaart hebben gespeeld), of kent U andere verhalen, waarin de duivel een rol speelt? Gelieve elk verhaal te noteren op een afzonderlijk blad papier en in elk verhaal duidelijk aan te duiden hoe de duivel...
9