There are no Keywords that match this search
There are no Danish Keywords that match this search
There are no German Keywords that match this search
There are no Icelandic Keywords that match this search
There are no Place Mentioned that match this search
There are no Narrator Gender that match this search




















Baeijumer eartpotten.
Wjelsriper fjurkepissers.
Kompenijster beaniters.
Bakkefeanster turftrapers
Sumarretanen.
Fan sawn bruorren is ien in wjerwolf. Op 'e ein fan 'e Drachtster Dwarsfeart hat ien wenne. Dy moest bytiden ien formoardzje.
Jean Koopmans wie wechwerker yn Sumar. 't Wie yn 'e oarloch fan '40 op '45. Hy krige in lekke bân op 'e Hearrewei. Hy gong mei de fyts nei Meeksma ta en sei: "Ik haw in lekke bân, mar dy kin der noait ôf. Der lizze wol trije bûtenbannen om. Dy binne der noait ôf to krijen."
"Prebeare", sei Meeksma.
Hy de fyts op 'e kop en doe nom er samar mei de bleate hân de bannen der ôf, sûnder der materiael by to brûken.
"Ik waerd der kâld fan", sei Jean.
Elk yn syn fak.
Dokter Siebenga fan de Pein hie ek klanten yn Earnewâld sitten. Mar doe kom der in nije dokter yn Garyp to wenjen; dat wie in grifformearden ien. De oare hienen se der weipest.
Doe wenne der in grifformearde frou yn Earnewâld, dy woarde altyd troch dokter Siebenga bihandele, mar doe't der in grifformearde dokter yn Garyp kom, gong se dêr ta oer.
Doe't Siebenga by har kom, sei se: "Wy wolle fan dokter foroarje. Wy nimme nou dokter Groenevelt fan Garyp, dy is fan ús kleur." "Goed," sei dokter Siebenga, "dan krij ik dy medesinen dêr mar wer wei." En hy nom se mei nei hûs ta. Hy kom doe net wer by dat minske.
Groenevelt sette tonei de reis nei dat sike minske ta.
In wike of trije letter wie ien fan 'e buorlju fan dat minske siik. Dy hienen dokter Siebenga noch, dat dy lieten se komme.
Doe't Siebenga klear wie stie de man fan dat sike minske him op to wachtsjen by de hoeke fan 'e stege.
Hy sei: "Kin dokter ek even by myn frou komme?"
"Né," sei dokter Siebenga, "ik kom net by jou frou."
Hy gong nei in oare pasjint ta, in eintsje fierder. Doe tocht er: ik mat dochs noch mar efkes by dat sike minske sjen. Hy sei: "Hwerom woenen jim dy grifformearde dokter ha?" "Dy is fan ús kant," sei 't minske, "mar ik bin sûnt folle minder. Kin dokter my ek helpe?"
Hy sei: "Minske, jo ha forkearde medesinen hawn. Jo binne in stik achterút rekke. Ik kin jo wol wer hwàt better krije, mar net hielendal. Jo binne al to bot forgiftige."
Hy sei tsjin har: "Lit dokter nou tonei mar mei de kwael rêdde en doomny mei de siele."
Trapet der ien op in pod, dan bigjint it to tongerjen.
Op in kear woarde dokter Bleeker syn auto wosken by de feart. De auto stie net goed op 'e rem, dat hy kom yn biweging en rekke by de feart del. Doe hat de dokter him der sels pûr allinne wer útlutsen.
Der wie in dief, dy hie stellen. In hiele bult minsken der achteroan. Sy kommen troch in doarp, dat noch gjin namme hie. "Hokker matte wy pakke?" rôpen dy minsken. "De earste mar!" woarde der weromroppen. Doe krige dat doarp de namme Eastemar.
Doe kommen se yn in oar plak, dat èk noch gjin namme hie. Dêr rôpen se: "Sy ha him samar!" Doe krige dat plak de namme Sumar.
Even letter wienen se al wer yn in plak dat noch gjin namme hie. Dêr rôpen se de minsken ta, dy't oan 'e kant fan 'e wei stienen: "Gryp him! Gryp him!" Doe krige dat plak de namme Geryp.
En doe kommen se nochris yn in plak sûnder namme. Dêr krigen se de dief to pakken. Doe rôpen se "Burg him! Burg him!" En sadwaende krige dat plak de namme Burgum.
Yn Twizelerheide wenne in âld man dy bitsjoende it fé. Ik wie ris by Hindrik Veenstra útfanhûs. Hindrik-om wie der op út. Aeltsjemuoi en de soan Piter wienen thús. Doe sei Piter: "Der komt in âld man hjirhinne."
Aeltsjemuoi seach. Doe sei se: "Piter, doch gau it slot op 'e doar fan 't hok." Dêr siet it fé yn.
De âld man sei: "Is Hindrik ek thús? 'k Wol 't fé even sjen." Hy is der net, sei Aeltsjemuoi.
"Dan gean 'k der allinne hinne", sei er. Mar hy koe net yn it hok komme. Dy man bitsjoende it fé. Dêr moest men altyd foar oppasse, sei Aeltsjemuoi.
Ealse Dupon fan 'e Tike wie in domme keardel, dy't nergens forstân fan hie. Hy en ik wienen ris yn 'e ûngetiid by in boer yn Warten. Doe moesten wy mei de pream om hea.
De boer sei: "Wy ha in moaije wyn. Dupon mat mar skouwe."
De boer sèls gong by it roer stean.
Mar hwat Dupon to dwaen hie, dy liet de kloet wol troch 't wetter glide, mar hy rekke de boom net. Dat de pream bleau op 't selde plak lizzen.
In tsjoenster kin har yn in kat foroarje.
Der wie ris ien by Sterke Hearke kom wylst dy oan 't ploegjen wie. Hy frege Hearke hwer't dy en dy wenne.
Doe hie Hearke de ploech mei ien hân beetpakt en dêrmei nei syn eigen hûs wiisd. Mei de oare hân hied er op 't boarst slein. "Dêr wennet er," hied er sein, "en hjir stiet er."
Der wie in boerinne, dy hie in kunstskonk. Dat wie in gouden skonk. Dat minske kom to stjerren. Doe bigroeven se it minske mei de gouden skonk der by yn 't graef.
De greatfeint wist dat en dy gong nei 't graef ta en groef de gouden skonk op en nom him mei.
Jouns siet de boer mei de faem en de greatfeint en de lytsfeint yn 'e hûs. 't Wie yn 'e winter en doe hearden se op in kear hwat by de doar. En doe hearden se ien klaechlik roppen: Mijn been! Mijn been! Mijn been! Mijn been!
Doe tochten se: dat doocht net.
Se gongen nei bûten ta, mar dêr seagen se neat. In oare joun hearden se it al ris wer en alris wer.
Doe praetten se ôf, hja soenen om beurten nei de doar ta gean en freegje: Heb ik je been? Heb ik je been?
De earste joun gong de man nei de doar ta en frege:
"Heb ik je been?"
Doe hearden se dúdlik dat der sein woarde "Né." De man gong wer yn 'e hûs en doe hearden se neat mear.
De oare jouns wie 't wer: Mijn been! Mijn been! Mijn been! Mijn been!
Doe gong de faem der hinne. "Heb ik je been?"
Né, sei se.
De oare jouns wie de greatfeint oan 'e beurt, mar hy sei tsjin 'e lytsfeint: Gean dû der earst mar hinne.
De lytsfeint frege: Heb ik je been?
Né klonk it.
De oare jouns moest de greatfeint der wol hinne, hoe't hy der ek tsjin oan skytskoarre.
"Heb ik je been?" frege er.
"Ja!" waerd der roppen en hy waerd pakt en meinom.