Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Icelandic Keywords
There are no Icelandic Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
There are no Narrator Gender that match this search
Der wie ris in kear in arbeider, dy hie twa kij. Op in snein-to-moarn kom er yn tsjerke. Hy harke tige nei de wurden fan 'e doomny. Doe sei dy doomny yn syn preek: "Wie er twee heeft, moet er één geven. Hij krijgt het tienvoudig terug." Doe tocht dy arbeider: "As dat sa is bring ik myn koe by doomny." Doomny hie sels njoggen kij yn 't lân rinnen. Hy mei...
Der lei in bern op it stjerbêd, mar it stoar net. It bleau mar yn libben. Sy gongen nei hoe't dat kaem.
Doe kamen se ta de konklúzje, hja hienen ris in jurkje foar 't bern makke op snein en dat hie 't bern oan. Hja dienen in knip yn 't skelkje mei de skjirre en doe wienen de siken der samar út.
Hjir hat in sekere doomny Knoop stien yn 'e grifformearde tsjerke. Dy man koe net stil stean bliuwe yn 'e preekstoel. It wie krekt in duveltsje yn in doaske. Dan seach men him hast net en dan stuts er wer in ein ta de preekstoel út. Doe sei er in kear yn 'e preek: "Zo zie je me en zo zie je me niet." Dat ha de minsken goed ûnthâlden. Dat wurdt noch altyd...
Der wie in doomny, dy hie ta gewoante, dat er altyd sei: Als ik kom, dan kom ik haastiglijk. Doe tocht de koster op in kear: Dat sil ik dy ris ôfleare, heite. Hy giet mei de sage nei tsjerke ta en saget de preekstoel goed heal troch. Mar de preekstoel hâldde it de earste kear. Doe wie dy doomny de sneins dêroan wèr oan 't preekjen. Doe sei er wèr: Als ik...
Der wie in doomny, dy hie ta gewoante dat er mei de fûsten op 'e beide kanten fan 'e preekstoel sloech, hwannear't er preke. Doe wienen der in pear jonges, dy tochten: Dat sille wy him ôfleare. Doe gongen dy jonges hinne en dienen punaises ûnder 't griene biklaeisel fan 'e sydkanten, mei de punten omheech. Doe hie de doomny dy sneins in preek oer: Wie...
Der wie in doomny, dy hâldde tige fan kaertspyljen. Hy siet jouns faek yn 'e kroech en dan brûkte er krekt deselde wurden as syn maten. Dan wie 't: "Troef, zei de duivel" en "troef, zei de bliksem." Doe seinen de maten ris in kear tsjin him: "Sokke wurden doart doomny snein net op 'e kânsel to sizzen." "Waarom niet?" sei er. Doe wedde hy mei de oaren, dat...
