Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Icelandic Keywords

There are no Icelandic Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender

There are no Narrator Gender that match this search

close
1218
1218
Leaflet | © OpenStreetMap contributors, Points © 2019 LINZ
1,207 datasets found
Place of Narration: De Westereen
Wy ha ris mei in ploechje jongfolk nei âlde Clara ta west. Dy soe ús de kaert lizze. Mar der wie ien jonge by, dy lake hyltyd. Hy hie mei alles de gek. Doe koe Clara it net dwaen, omdat dy jonge sa lake.
Wy gongen as fammen wol nei de wiersizter. Dat wie de widdou Plantinga. Wy moesten in dûbeltsje jaen om de takomst to fornimmen. Hja koe kopkekike. Hja seach yn 't kofjedik. Hja sei: Dat acht je net, Dat foracht je net En dat ûntgiet je net. Dêr is in swarte jonge, dêr is in blonde jonge, dêr komt in brief. Froeger op Ljouwerter Merke wie in tinte, dêr...
Myn swager Willem Postma seach geregeld lykstaesjes. Dy moest der om út bêd wei. Dan gong er oan 'e kant fan 'e wei stean. De oare deis sei er dan: Der gebeurt wer hwat; ik ha fannacht wer in lykstaesje sjoen. Mar hy sei noait hwa't der stjerre soe.

Oan 'e Swemmer wenne in âld minske, dat wie in echte tsjoenster. Dy hat wolris ien deatsjoend wurdt der biweard. Jy koenen der ek net hwat opite. Der hat ris in man hwat by har opiten. Doe't hy der wei kom wied er bitsjoend.

De Westereen
In moart komt út, al sille de fûgels 't ek útroppe, sei mem.

Der wie in man, dy hie in foer hea. Dêr wie er mei ûnderweis. Hy hie in kedde foar de wein. Soms koe dy kedde 't net lûke. Dan die er it sels. Dy man wie Fokke Veenstra. Hy wenne yn 'e Westerein.

De Westereen
Tsjoensters foroaren har yn katten. Dy hâldden forgaderingen en psalmsongen dêr by. Joech men sa'n kat in optuter, dan hie de tsjoenster de oare deis skeel.
As de tried, dêr't it deadshimd mei naeid is, ôfbiten wurdt, falle de tosken út. De kaem dêr't it hier fan it lyk mei kjimd is, kaem mei yn 'e kiste. Brûkten jy dy letter sels, dan foel alle hier út. Dit sei oerbeppe.

Us mem sei froeger: "Sjoch, dêr binne wer wylde lantearnen." It wienen doe allegear noch modderpaden. Nou binne dy forhurde en dêr ride de auto's en de fytsen oer. De ljochten dêr fan, dat ha de froegere wylde lantearnen west, dy't klear to sjen wienen.

De Westereen

De Verlengde Stasjonswei hiet froeger Lange Loane. 't Wie doe noch in lânwei. By de bocht wie in leech plak yn [in] streek fan sa'n 5 m, dêr stie by 't hjerst altyd wetter yn. Myn pake soe ris nei famylje ta op in joun. 't Wie donker. Doe seach er in grouwe swarte houn, sa great as in Sint Bernard, mar mei in greate, lange bek. Hy sjocht him foar him lâns gean op 't plak dêr't oars wetter stie.
Doe't er by de beide âlde omkes wie fortelde er hwat er sjoen hie. Doe sei Geart-om: "Nou jonge, dat is net in moai foarútsicht."
"Hoe dàt sa net?" frege pake.
"Dû kinst der mar gerust op oan dat der aenst yn ús famylje in sterfgefal komt. Dat duorret net sa lang mear." Pake leaude dat wol.
"Hwa is dat dan?" frege er.
"Dat kin 'k dy net sizze", sei Geart-om.
In skoft letter wurdt pake siik. It wie in ûngeneslike kwael. Myn heit (syn skoansoan) hat der noch foar nei Joast Wiersma, to Jistrum, west, mar hy mocht gjin baet mear fine. Hy hat net lang sukkele, doe wied er dea.

De Westereen
Myn suster woarde siik. It like net bêst. Doe seinen de lju: Sy sil wol bitsjoend wêze. Doe stjûrden heit en dy my mei har wetter en sa nei Jonge Jan ta fan 't Wytfean. Dat wie in duvelbander. Mar doe't hy it wetter bisjoen hie, sei er: "Hja is net bitsjoend." En hy skodde de holle. Doe wist ik it oare wol. Al gau dêrnei is se stoarn.
De tsjoensters makken krânsen yn 'e kessens. Dêr sieten allegear triedsjes yn forwurke. Al dy soarten jern wienen yn 'e hûs. As de krânsen út it kessen wei wienen, wie de macht fan 'e tsjoenster forbrutsen. As men in apel fan in tsjoenster oannaem en dy iet men op, dan krige men in pod yn 'e mage. Trape men op in pod, dan woarde it swier waer mei tonger.

Der wienen guon dy seagen soms lykstaesjes foarút. Sy moesten sjen dat se oan kant kommen, oars woarden se fan 'e wei ôf smiten. Ik haw ien kend, dat wie in sekere Sytse Jager út 'e Harkema, dy wie op in nacht to murdejeijen, doe kom der in lykstaesje oan, Sytse woarde opnom en samar oer 't lyk hinne smiten. Hy hat it my sels forteld.

De Westereen

Yn 'e Westerein wennen twa jonge minsken, dy kochten hjir in hûs en dêr kamen se yn to wenjen. Hja hienen der noch mar even yn wenne, doe seagen se dêr allebeide yn 'e nacht in lykstaesje. Doe ha se 't hûs wer forkocht.
Doe kom dêr in suster fan 'e frou yn to wenjen, dy har man kocht it. Dy suster stoar yn dat hûs, doe wenne se der noch mar even yn.

De Westereen

Alde Minne Ael wie in tsjoenster. Dy har suster hie in jonkje, dat bigoun altyd om deselde tiid to jammerjen. Dan koe se 't bern noait stil krije. Doe gong se in kear nei har suster Minne Ael ta. "Kinstû der hwat oan dwaen?" frege se.
"Stil mar," sei Ael, "it bern is al stil."
't Wie Ael har wurk dat it bern sa'n pine hie.

De Westereen

Alde Knjillis-skuonmakker yn 'e Twizelerheide wie siik. Doe wekken de buorlju dêrby, de iene nachts dizze, de oare nachts dy. Doe kaem Knjillis to overlijden. Doe wie 't de beurt oan Sibe om der by to wekjen (Sibe Liger waerd er neamd). Wylst Sibe dêr siet, seach er op in gegeven momint de âld keardel dêr omwandeljen. Doe raesde Sibe it út: "Dêr is er al wer! Dêr is er al wer!" En hy is hurd útnaeid. Hwat dat krekt west hat, wit net ien, mar se sizze nou noch altyd: "Dêr is er al wer, Sibe."
Sibe wenne yn Hiltsjemoaiwâlden.

De Westereen

Minsken dy't net stjerre kinne, ha ornaris hwat oan, dat op snein makke woarn is.

De Westereen

Jan en Griet wienen och sa earm. Hja hienen gjin iten mear foar de bern en gongen der op út om hwat op to skoaijen. Doe kommen se yn Visvliet, by in boer. Dêr koenen se de jouns wol mei waerm ite en se mochten dêr ek wol sliepe yn 't hea.
Foardat it oan 't iten ta wie sei Jan tsjin Griet:
"Nou matst der om tinke datst dyn fatsoen hâldst aenst." Hwant Griet wie in gewant great frommis en koe Aken en Keulen op. As dy ienkear de leppel yn 'e hân hie wist hja net fan ophâlden. Hja praetten ôf, Jan soe har even in stjitsje tsjin 'e foet jaen as him tochte dat se genôch hawn hie. Dan soe Griet ophâlde mei iten.
Mar der lei in grouwe houn ûnder 'e tafel. En doe't hja noch mar in kromke hawn hie trape dy har op 'e teannen.
Griet lei fuort de leppel del.
Doe moesten se noch sûpenbrij ha. Griet tocht: as ik dêr dan tominsten goed sêd fan krije kin, dan ha 'k dochs hwàt hawn. Mar ek doe trape de houn har op 'e foet, dat Griet hâldde wer op.
Doe't Jan en Griet dy nachts yn 't strie leinen, sei se tsjin Jan: "Dû hast moai oan 'e gong west; my hjir mei de honger yn 'e hals lizze to litten. Hoe koestû my sa gau op 'e teannen traepje? Ik hie ommers noch suver neat yn 'e mage?"
"Ik ha dy noait op 'e teannen trape", sei Jan. Op 't lêst hienen se yn 'e gaten dat de houn it dien hie.
Griet sei: "Ik krij sa net in wink yn 'e egen. Ik gean út it strie en nei de keuken ta. Dêr is noch genôch om to iten."
"Mast oppasse," sei Jan, "en fret de jonge katten net op, hwant dû bist sa gulzich."
Griet gong nei de keuken ta en in skoft letter kom se werom.
"Hast de jonge katten der net by opiten, wol?" frege Jan.
"Dat wit ik net," sei Griet, "mar it kin bêst sa wêze. It wie al rûch en toar."
"O heden," sei Jan, "dan meije wy wol meitsje dat wy hjir wei komme, hwant dy lju binne sa mâl mei de jonge katten."
Doe binne se hals oer de kop ta de doar út flein. Griet wie sa izersterk, dat dy naem yn 'e flecht de boppedoar mei.
Doe't se in eintsje roan hienen seagen se hwat oankommen. Dat liken wol rovers to wêzen, en dêr hienen se it net op stean, dat hja klommen yn in beam. Griet naem de doar mei.
De rovers gongen krekt ûnder dy beam sitten to jildtellen.
Griet sei tsjin Jan: "Ik mat sa noadich pisje."
De rovers krigen dat op har dak en seinen: "Wij krijgen hemels water."
Mar Griet wie fan al dat iten yn 'e loop rekke en sei tsjin Jan: "Nou mat ik èk noch skite."
Doe seinen dy rovers: "Er valt ook mosterd."
Wer in skoft letter sei Griet: "Ik kin de doar net langer hâlde." Doe liet se de doar falle boppe op 'e rovers. De rovers waerden sa kjel, dat se naeiden hurd út en lieten it jild allegear lizze. Mar doe kamen Jan en Griet gau út 'e beam en naderen it jild.
Hja moesten twa en in heal ûre gean om thús to kommen.
Doe't se yn har klinte oankamen sieten der in stik of seis berntsjes om 'e hurddobbe. Dy hienen honger, mar Griet sei:
"Stil mar berntsjes, hjir is jild, gean dêr mar gau mei nei de bakker ta." Hwant, al wie 't noch nacht, foar jild stienen de bakkers altyd klear. Doe't se werom kamen koenen se har sêd ite.

De Westereen

By de Spoarbrêge yn 'e Westerein ha se ris ien lûd om help roppen heard yn 't wetter. Mar der wie net ien. Letter is dêr by dy brêge in skoalmaster fordronken. It wie Rinse Monsma, dy wie dêr oan 't swimmen. Dy hat doe ek om help roppen.

De Westereen

Piters Willemke fleach op 'e biezumstôk troch de loft. Dat kom yn in ferske foar, dat de Westereinders makke hienen.

De Westereen
1219