Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Icelandic Keywords
There are no Icelandic Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
There are no Narrator Gender that match this search
Guon matte ris heard ha, dat der yn 'e Liuwepoel ris in kear roppen woarde: Help! Help! 't Hie in manljuslûd west.
Men wol ha dat dêr nochris ien yn forsûpe mat.
Us heit hat ris in forhael heard fan in buorman. Dat wie sa: Der stienen ris guon yn Oerterp oan 'e kant fan it wetter. Doe hearden se in stem út it wetter:
"De tijd is er, maar de man is der nog niet."
Even letter, doe wie der in glêzen wein oanriden kom, dêr siet in man foar yn. Dy man wie pardoes yn 'e feart riden en fordronken.
Der wienen acht jonges, dy wienen yn in wyk oan 't swimmen. Doe kaem dêr de boer syn dochter oan, dy moest oer de planke hinne om thús to kommen. Doe seinen dy jonges: "Dû komst der net oer." "Ik màt der oer", sei se. "Nou, dan op ien bitingst", seinen se. "Wy lizze alle acht ús lytse jonges op 'e planke oan wjerskanten. En op dy sinen ast trapest, dy...
Anne v.d. Bij fan 'e Harkema dat wie froeger in hiele raren-ien. Op in kear is er mei de hounekarre mei beide hounen der foar samar yn 't wetter set op it plak, dêr't nou Mekke van Doezum wennet, oan 'e beton-wei.
Us mem hat wolris forteld, dat guon in lûd hearden dat út it wetter wei kom - dan moest der ien forsûpe.
Even letter kom der ien oanriden en dy rekke yn 't wetter en forsûpte. Ik wyt net mear hwer't dat gebeurde.
Op in kear doe hie Jan Hepkes mei de Surhústerfeanster boat nei Grins ta west. Doe't er werom kom fregen se him of der ek hwat nijs wie. Doe sei Jan: "Der wie in hiel, hiel great aei by de Martini-toer. Doe kom der in bus oan en dy rekke krekt dat aei. Hoefolle minsken der forsûpt binne, wyt ik net, mar 't wie yn 't rare."
Op in kear trof ik Pike, doe siet er by de sleat to gûlen. Doe sei 'k: "Wol stom Pike, hwerom gûlstû?"
"Ja," sei Pike, "de jonges ha my de bôlle ûntstellen."
Ik sei: "Nou, en dienen se dat nou samar, Pike, mei opset?"
"Né," sei Pike, "mei leverwoarst."
As bern ticht by de sleat kommen, seinen se yn 'e Smoarhoeke: "De kikkerts pakke dy!" of "De wettermantsjes pakke dy!"
Harkema
Ik ha skippersfeint west. Op in nacht leinen wy mei in fracht biten op Dokkumer Nijesilen. Ik lei foar yn 'e durk to sliepen. It lûkje wie ticht. Ik woarde yn 'e nacht wekker, doe stie 't lûkje iepen. Doe kom der in hiele greate, fleizige hân, dy pakte myn beide polsen byelkoar beet. It fielde net hurd, it wie in sachte hân. Dy hân tilt my der út. Ik...
Yn Kleasterpoel hearden se nachts soms in geraes.
Dêr is ris ien yn dy poel fordronken en dyselde jowt soms noch lûd.
Doe't wy yn Stiensgea wennen hienen wy ris op in kear to jounpraten west. Doe't wy weromkamen, wie der my hyltyd in kat foar de fuotten. Mar it fremde wie, dat ik him net seach, mar myn wiif wol. "Pas op, dû stiest der hast op", sei se. Ik sei: "Hwer is dat ding, dan traepje 'k him yn 'e sleat." Mar ik koe him net sjen. Hy hat mei ús oan hûs ta west. Myn...
Harkema
Yn Droegeham wenne yn myn bernejierren in âld minske, dat hiet fan Willemke. Ik wyt noch dat se us in kear fortelde fan in lûd út it wetter. Der woarde sein: De tijd is verstreken, de man is der niet. Doe wie der even letter ien fordronken.
Der stienen guon oan 'e kant fan 't wetter op 't Blaufallaet. Dêr hearden se in stem, dy kom út it wetter wei. Der woarde sein: "De tijd is der wel, maar de man is der niet."
It duorre mar even, doe kom der in man oanriden, en dy ried pardoes yn it wetter en forsûpte dêr.
In frou hjir fan 'e Harkema fortelde: "Op in kear kom der in frommes by my mei de sinteklazekoer. Ik moest de bern hwat jaen, sei se. Ik fortroude it net, hwant it minske gong foar in tsjoenster troch, mar ik die 't al. 'k Hie twa bern, 'k joech se elk hwat dat ik fan it minske kocht hie. Dêr hienen jy 't letter al, 't iene bern wie bitsjoend. Doe ha 'k...
Der stienen us guon by de Skûlenburchster brêge ûnder Eastemar. 't Wie yn 'e winter en der lei iis. Doe hearden se in stem út 'e Burgumer Mar wei, dy't sei:
"De tijd is verschenen, de man is er niet."
Fuort dêrnei ried der ien op redens yn in wek en forsûpte.
De Liuwepoel is ôfgryslike djip. Nachts ha se wolris ien roppen heard om help. Dat lûd kom út 'e poel wei. Dat bitsjut dat der nochris ien yn forsûpe mat.
By de brêge fan Readskuorre ha de minsken ris in stem heard dy't út 'e feart weikom: "De tijd is verstreken, en de man is der niet."
Fuort dêrnei is Japik Schorsje dêr fordronken yn 'e kolk.
Op 'e Feanster brêge hat us ien in stim heard út 'e feart wei, dy't rôp: "De tijd is verschenen, de man is der niet."
Piter Alma wie op in nacht mei Albert to murdejeijen. Ynienen bigong de houn to spoekgûlen. Hja gongen der op ôf. Hja tochten net oars as dikke wite Castor fan Nikolaes Postma hie har hountsje to pakken. Mar dat wie 't gefal net. Hja seagen in berntsje yn in wite doek, dat sweefde. It berntsje seach har oan. It gong oerside foar harren lâns, skean de...
Harkema
