Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Icelandic Keywords

There are no Icelandic Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender

There are no Narrator Gender that match this search

close
10
Leaflet | © OpenStreetMap contributors, Points © 2019 LINZ
10 datasets found
Dutch Keywords: voorspellen Place of Narration: Sumar
Murdejagers seagen froeger faek wylde lantearnen. Letter kom der op sokke plakken dan in wei. Alde Piter Kloosterman hie op 'e Sumarreheide de tram fantofoaren al sjoen.
Op in nacht is myn omke Piter Veenstra oan it Wyldpaed formoarde. Heit hie dyselde nachts in droom. Hy droomde dat der ien formoarde woarde. Mar hy koe de gesichten net goed ûnderskiede. Heit wie altyd tige mâl mei Piterom. De moardner is noait bikend woarn.
Sels haw ik it ek. Doe't ús heit stoar wie ik slim swiersettich. Der drukte hwat op my. Ik wist dat der hwat slims gebeurde, mar fan heit syn stjerrren wist ik neat ôf. Doe't mem forstoar wie 't èk sa mei my. It lei my by dat der hwat hiel slims gebeurde.
It pealtsje fan Easterlittens Yn Easterlittens wenne in skuonmakker. It wie dêr ien stik lijen en earmoed. De man hie in stikje tún efterhûs en yn dy tún stie in pealtsje mei in stelt dêr boppe op. Doe droomde dy skuonmakker in pear nachten achter elkoar dat hy moest nei Amsterdam ta gean. Op dy en dy brêge soed er it gelok fine. De skuonmakker tocht: hwa...
Jurjen en Melle har heit wie overleden. De widdou bleau mei de beide jonges sitten, dat wienen doe noch mar fan dy baeskes. Doe sei greate Sjoerd op in kear tsjin har: "De earste man dystû hjoed tomjitte komste, dat wurdt dyn twade man." En dat kaem ek sa. Har twade man dat wie Abraham van der Leest, in broer fan har earste man.
Piter Poes koe soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme litte. Hy wie duvelbander. Hy koe de minsken ek stean litte. Dan sei er: "Ik lit jimme stean." Bargen koed er bitsjoene. As er by de bargen kom, woarden se siik. Hy moest se ek wer better meitsje. As er op it lân oan 't wurk wie, sei er soms: "Der komt aenst wer ien by my om rie." Dan koe men der mar fan...
Wytse (van der Meer) en Rinskje wennen yn Burgumerheide. Wytse wie in plezierich man dy't altyd wille hie. Mar dat hâldde samar ynienen op mei Wytse. Hy woarde stil en hy seach altyd mar earnstich. Syn wyfke Rinskje frege him: "Is der hwat?" "Né," sei Wytse, "hwat soe der wêze?" Mar hy bleau altyd mar stil en earnstich. Rinskje frege al us wer en us wer,...
Der stienen op in moarne bitiid us trije man oan 'e kant fan 't wetter. Doe hearden se in stem: "De tijd is verschenen, de man is er niet." Doe is dêr dyselde deis ien forsûpt. Hwer't it gebeurde, wyt ik net mear.
Op Semarder Heide seagen se alle jounen in ljocht de loft lâns gean. Dat wie foartsjirmerij fan de tram, dy dêr letter lâns kaem to rinnen.
To Easterlittens wenne in skuonmakker mei syn wiif. Sy hienen it o sa krap togearre. Der kom alle jounen ien by 't glês fan 'e skuonmakker. Dan sei er tsjin him, dat hy soe syn gelok yn Amsterdam fine. Hy moest nei de Papebrêge ta gean. Doe sei er dat tsjin syn wiif. Mar dy sei dat it praetsjes wienen allegear. Sy hâldde him foar net wiis, dat hy dêr oan...
11