Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Icelandic Keywords

There are no Icelandic Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender

There are no Narrator Gender that match this search

close
36
Leaflet | © OpenStreetMap contributors, Points © 2019 LINZ
36 datasets found
Dutch Keywords: voorbode Place of Narration: De Westereen
By de Twizeler wei seagen se froeger faek ljochten. Dat neamden se wylde lantearnen. Se wolle wol ha dat dat de lettere fytsljochten wienen.
Trapet men op in pod, dan komt der tonger
As wy froeger yn 'e Westerein op 'e hoeke stienen seagen wy jouns wolris wylde lantearnen, skean oer de greiden. Dat wienen foartekens fan 'e auto's.
As in houn spûkgûlde bitsjutte dat ek in deaden, seinen se.
As de kat him wasket komt der bisite. As er him achter 't ear wasket komt der in fremden op bisite. As eksters by hûs skatterje komt der in deaden. Yn Twizel hie ik in omke en in muoike to wenjen. Omke waerd siik. Doe kamen der swarte fûgels op it dak. Doe is omke ridlik gau dêrnei stoarn. Dy swarte fûgels wienen de boaden fan 'e dea.
Yn 'e Westerein wenne in meester. 't Wie yn 'e winter en hy sei: "Ik wol even in eintsje ride op redens." Mar hy is by de Kûkhernster brêge fordronken. De minsken hienen dêr fan tofoaren al gejammer heard. It lei dêr by de brêge iepen.
Ik hear by de 'Heiligen der laatste dagen'. Wy wennen yn in hûs, dêr siet gâns rûmte yn. Dêr hat in winkel yn west. Op in nacht sei 'k tsjin ús mem: "Mat mem ris hearre, sa moai binne se oan 't sjongen." It wie flakby. Sahwat twa jier letter waerden der yn 'e keamer fan ús hûs byienkomsten hâlden fan 'e 'Heiligen der laatste dagen'. By dy byienkomsten...
Ik haw ris hwat nuvers bileefd. Ik wie boerearbeider yn Feankleaster, by Sikke Oostenbrug. 't Wie yn 'e simmer, de moarns om in ûre of fjouwer. It wie al ljocht. Ik ried op 'e fyts nei de boer ta. 'k Ried op 'e rjochter kant. Doe waerd ik samar ynienen mei fyts en al oan kant set. Doe ried ik oan 'e linkerkant. Hwat dat west hat, wit ik hjoed-de-dei nòch...
Guon dy't mei de helm geboaren wienen moesten bigraffenissen sjen, dy't in dei of hwat letter pleats founen. Hja moesten dan faek yn 'e nacht fan bêd ôf om to sjen.
Men leaude hjir fêst, dat, hwannear't in houn spûkgûlde, dat der dan in sterfgefal op komst wie.
Yn 'e Westerein wenne in man, Bontsje Keke. Se seinen, dy wie mei de helm geboaren. Dy seach nachts lykstaesjes. Dy mòest er sjen, dan koe er net op bêd lizzen bliuwe. In pear dagen letter wie dan meastal de èchte bigraffenis. Mar hy hie dan alles al fan tofoaren sjoen.
Der is my ek forteld woarn dat guon minsken it sjongen fan psalmen hearden op it sté dêr't se letter de tsjerke delsetten. Ik leau hast dat it yn 'e Broek wie, mar dêr bin 'k net wis fan.
Us mem sei altyd: tink der om, rin nachts noait midden op 'e wei, hwant dan kinst in stomp fan in lykstaesje krije.
Wylde lantearnen wienen der froeger, dêr't nou de spoarlijn is. Dat wienen de ljochten fan 'e lettere trein.
It is hjir wolris gebeurd dat der ien by nacht oan kant set waerd, as der in lykstaesje passearde, sûnder dat dyselde hwat seach. Men mat dêrom by nacht noait op it midden fan 'e wei rinne.
As de doarpsklok op in bipaelde menier let (as er klept) komt der mei koarten in deaden.
As in houn spûkgûlt komt der altyd in deaden wurdt der sein. As eksters skatterje gebeurt der hwat. Dat hat in bitsjutting. Hwat dat is, dat wite de minsken meastal net.
Yn 'e Sweagermieden seagen se froeger allegear ljochten. Dat neamden se wylde lantearnen. Yn letter tiid binne dêr allegearre wegen oanlein, en dêr fljogge nou de auto's en de fytsen ensa lâns. Dêr ha dy ljochten de foarboaden fan west.
Spûkgûlt der in houn, dan komt der in deaden. Ek as de eksters tichteby skatterje.
Yn 'e Harkema ha se yndertiid in nije tsjerke boud. Op it plak dêr't dy tsjerke kaem to stean, hearden guon fan tofoaren al psalmsjongen. Dit fortelde de skoanmem fan myn dochter, frou Veenstra, dy't yn 'e Harkema wennet.
36