Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Icelandic Keywords
There are no Icelandic Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
There are no Narrator Gender that match this search












Leaflet | © OpenStreetMap contributors, Points © 2019 LINZ
Wy ha ris mei in ploechje jongfolk nei âlde Clara ta west. Dy soe ús de kaert lizze. Mar der wie ien jonge by, dy lake hyltyd. Hy hie mei alles de gek. Doe koe Clara it net dwaen, omdat dy jonge sa lake.
De Westereen
Wy gongen as fammen wol nei de wiersizter. Dat wie de widdou Plantinga. Wy moesten in dûbeltsje jaen om de takomst to fornimmen. Hja koe kopkekike. Hja seach yn 't kofjedik. Hja sei: Dat acht je net, Dat foracht je net En dat ûntgiet je net. Dêr is in swarte jonge, dêr is in blonde jonge, dêr komt in brief. Froeger op Ljouwerter Merke wie in tinte, dêr...
De Westereen
By de Twizeler wei seagen se froeger faek ljochten. Dat neamden se wylde lantearnen. Se wolle wol ha dat dat de lettere fytsljochten wienen.
De Westereen
In swarte spegel hienen jy froeger op 'e merken. Dêr koe men de takomst yn sjen. Ik hearde sizzen fan in man - dat wie Knjillis, ik haw him tige skoan kend - dy gong ek nei de swarte spegel ta. "Ik wol wite hwatfoar wiif ik krij", sei er. Doe't er dan yn 'e spegel seach, seach er in frommes. En dat wie werkelik Marij, dêr't er letter mei troud is. It wie...
De Westereen
Foartjirmerij wie hjir in hiele protte froeger. Men hearde timmerjen yn 'e nacht, dan kom dêr letter in hûs to stean. Men seach in hûs yn 'e brân, dat brânde dan pas letter op. Men hearde om help roppen yn it wetter. Letter fordronk der ien op dat plak.
De Westereen
Yn Sweagerbosk wenne in feint, dy kom us foar de swarte spegel to stean. Doe seach er yn dy spegel in frou mei in mûtse op en de kielbannen los. Hy sei: "Dy mei 'k noait lije!"
Mar hy hat har troud, mar it gong hast altyd op in kreauwen tusken dy beiden. Sy koenen mei elkoar as houn en kat.
De feint moest achterstofoar wer ta de tinte út.
De Westereen
Hjir wenne froeger Kije Kik. Dat wie in kaertlizter. De dochter die it ek wol. Sy seach ek wol yn 'e kofje. Alde Klare wie ek kaertlizter. Mar hwat dy sei dat kom lang altyd net út. Der wie us in âldman - âlde Haize - dy hie forkearing mei in jongfaem. Sels wied er widner. Hy gong nei Klare ta om de takomst gewaer to wurden. Dêr is noch in rymke fan:...