Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Icelandic Keywords
There are no Icelandic Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
There are no Narrator Gender that match this search










Leaflet | © OpenStreetMap contributors, Points © 2019 LINZ
Yn 'e Sumarreheide op 'e Fiifhoek, dêr spoeke it. Dêr doarsten de minsken yn 'e nacht net komme. Op 'e Pasterijelânnen spoeke it ek. Op 'e Brandsma-loane to Garyp roun in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
Myn broer Wytse - dy't forstoarn is - en ik reizgen togearre nei Drylst nei in pear susters, skippersdochters, dêr't wy doe forkearing mei hienen. De moarns werom reizgen wy oer Dearsum. 't Wie dêr tusken twaën en trijen yn 'e nacht. Ik sei tsjin Wytse: "Ik sjoch twa froulju op 'e dyk." "Ik èk, krektlyk", sei er. Ik sei: "Ien mei in reade en ien mei in...
Garyp
Yn Beetstersweach wennen twa advokaten. Dy wienen fan 'e duvel biseten en dienen folle kwea. Der wie in duvelbander - guon biweare dat it Piter Poes fan de Sumarreheide wie - dy gong mei de boerewein nei de Sweach ta en krige dy beide mannen by him op 'e wein. Twa grouwe gudzen roannen der foar. Dy twa hynders switten ôfgryslik doe't dy beide advokaten op...
Garyp
Yn Tsjummearum leit earne yn in boerepleats in skedel op 'e souder. Dy koe dêr noait wer wei. Hy hie dêr in fêst plak. Dy skedel mòest der bliuwe, oars gebeurden der rare dingen yn dy pleats. Dan gongen de doarren yn 'e nacht fansels iepen, en sa mear.
Garyp
Op 'e Skilige Piip by Feanwâlden spoeke in âld hear mei in grize hege hoed op. Men seit: "Even by de âlde hear de pipe opstekke."
Garyp
Us Auke moest moarns altyd nei de boer ta. Dy wenne yn 'e Westerein fan Garyp. As er dan de tsjerke foarby moest, seach er dêr altyd twa minsken sitten op 'e tsjerketrappen. Dy bleauwen dêr sitten, hwant as er omseach sieten se dêr nòch. Dat wienen spoeken.
Yn dat boskje spoeke ek in grouwe houn mei greate gleone egen.
By 't Spoekeboskje (froeger Lútsensboskje) to Garyp spoeke in fôlle mei in brijkrûk (brijkanne) om 'e hals.
Dêr wienen guon binaud foar.
Doomny Cornelis Witteveen Garyp ha se us kjel meitsje wold.
Twa gongen boven op elkoar stean, elk in wyt lekken om.
Doomny sei: "Ik ha wol us twa op elkoar sjoen, mar noait in trêdden der bovenop."
Doe naeiden de beiden hurd út.
Garyp
Der wie in boerefrou, dy krige in lytsen. Doe moest heit op 't hynder foar har nei Burgum ta, nei dokter. Doe't heit oan "Binnenrust" (in pleats yn Garyp) ta wie, woe 't hynder net in foet mear forsette. It hat dêr hwat sjoen. 't Wie yn 'e nacht. Heit is doe rinnende nei Burgum gong.
Garyp