Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Icelandic Keywords

There are no Icelandic Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender

There are no Narrator Gender that match this search

close
2
413
Leaflet | © OpenStreetMap contributors, Points © 2019 LINZ
401 datasets found
Place of Narration: Garyp

Der wie in dief, dy hie stellen. In hiele bult minsken der achteroan. Sy kommen troch in doarp, dat noch gjin namme hie. "Hokker matte wy pakke?" rôpen dy minsken. "De earste mar!" woarde der weromroppen. Doe krige dat doarp de namme Eastemar.
Doe kommen se yn in oar plak, dat èk noch gjin namme hie. Dêr rôpen se: "Sy ha him samar!" Doe krige dat plak de namme Sumar.
Even letter wienen se al wer yn in plak dat noch gjin namme hie. Dêr rôpen se de minsken ta, dy't oan 'e kant fan 'e wei stienen: "Gryp him! Gryp him!" Doe krige dat plak de namme Geryp.
En doe kommen se nochris yn in plak sûnder namme. Dêr krigen se de dief to pakken. Doe rôpen se "Burg him! Burg him!" En sadwaende krige dat plak de namme Burgum.

Drachten
Vrouwen die, met een paar korven aan een juk, wittebrood en kleingebak by den boer gingen uitventen, werden ook dikwijls voor tooveressen gehouden. Men zeide, dat zulk eene heks des avonds, als het duister geworden was, hare korven op den weg plaatste, het juk er dwars over legde, hier op ging zitten en zoo naar huis reed. Te Garijp woonde voor vele jaren...

Allebeide.
De boer en de feint wienen yn 't lân to stikelstekken.
De boer sei tsjin 'e feint: "Helje my de moffen even op, hwant ik forrek fan 'e kjeld."
De feint giet nei hûs ta, siket de moffen op en seit tsjin 'e boerinne en de faem: "De boer hat sein, ik moest jim beide ûnder ha."
"Bist net wiis, feint?" sei de boerinne.
"'k Sil 't jim hearre litte", sei er. En hy rôp tsjin 'e boer: "Ien of allebeide?"
"Allebeide, bliksem", rôp de boer werom.

Garyp

Lytse Remmelt de Haan kom us in kear fan Garyp nei Gariperheide ta. Hy kom yn it hûs fan âlde Tamme Hooijenga. Hy hie 't einekroes yn 't hier sitten.
"Hwat nou?" sei Tamme.
Hy sei: "Ik kom de houtsjepaden lâns en ûnderweis sweefde der hyltyd hwat achter my oan. 't Hie gjin fuotten. It wie de duvel. Doe't ik oan 'e dobbe ta wie, pakte er my by 't hier en donderde my der yn."
Hy sei: "Ik doar net allinne fierder."
Doe hat Tamme him mei de lantearne nei hûs ta brocht.

Garyp

Omke Binne seach ris op in joun in bigraffenis. It wie in lykwein mei allegear folk yn rouklean der achter oan.
Hy moest oan kant gean, oars rekken se him. Mar yn werklikheit wie der neat. Letter wie de echte bigraffenis dêr op 't selde plak dêr't omke Binne him sjoen hie. Omke wie doe noch by pake en dy yn 'e hûs.

Garyp

Remmelt de Haan is in kear op 'e heide fuortsmiten yn 'e sleat. Der roan ien njonken him, sei er. Dat wie de duvel. Skoanheit en dy ha him wer nei hûs ta brocht.
Hy kaem by pake en dy dweiltrochwiet. Heit wie doe noch yn 'e hûs.

Garyp

Skoanheit is in kear oer de hage set op 'e Harsteloane. Hy hat noait ien sjoen dy't him dat lapte.

Garyp
Doe't heit in great jonge wie, seach er gleone ljochten oer de heide. En 't wie ek krekt as rattele der hwat oer de heide. Dat wienen foarboaden fan 'e tram dy't dêr letter kaem is.

Heit fortelde, hy wie ris yn 'e Earnewarren yn 'e Mieden oan 't wurk. Doe seach er ynienen de sinne skinen op 'e blauwe pannen fan in plaets, wylst dy dêr net stie. Doe seach er de pleats yn syn hiele hear en fear. Letter kaem op dat plak de plaets fan Gjert van der Iest to stean.

Garyp
Der wie in koster, dy moest examen dwaen foar it rijbiwiis fan syn auto. Doe't it safier wie, sei de examinator: "It spyt my wol, mar jo binne sakke." Doe sei de koster: "Dat hoeft jo net to spiten. Ik tink mar sa. Jo kinne my better sakje litte as ik jo. "Hoe dat sa?" woe de examinator wite. "Wel," sei er, "ik bin deagraver. Sadwaende kinne jo my better...

Der siet op in snein-to-moarn in man yn 'e tsjerke, dy hie foar 't earst syn jonge meinaem. Doe't de ponghâlder mei 't ponkje bylâns kaem, seach er dat alle minsken de fûst dêr yn dienen, syn heit ek. Doe't it oan him ta wie, helle hy dêr in moai protsje sinten út. Doe liet er dy syn heit sjen en sei: "Sjoch, dit ha ik, hoefolle hat heit derút krige?"

Garyp

Sjoerd van der Meer fan Sumar wie de sterkste keardel út 'e omkriten. Hy tilde in spoarstaef fan 800 poun samar in ein fan 'e groun.

Garyp
Der wie in boerefeint, dy moest mei de kou nei de bolle ta. 't Wie yn 'e ûngetiid en de boeren hienen 't allegear allike drok. De bollehâlder sei: "Ik sil dy fuort mar helpe, hwant de boer sil wol hastich wêze." "Ja," sei de jonge, "de boer is wol hastich, mar ik net. Hwant de loft is noch swart fan dagen."

Dêr wie in man, dy kaem mei in skiep op 'e merk. Ien frege him hwat hy dêr foar ha moest.
"In stoater", sei er. (in stoater is 12_ sint)
De oare sei: "Ik wyt fan stoater noch moater, mar ik jow jo trije stûren."

Garyp

Dêr wie in âld-minske, dy seach op in kear doomny oankommen. Gau krige it âld-minske de bril en snapte de bibel. Hwant hja woe foarkomme litte dat se meileefde. Mar hja fornaem net dat se de bibel op 'e kop lizzen hie. Doe't doomny yn 'e hûs kaem, sei se: "Ik lies krekt hwat yn 'e bibel, doomny."
"Dat liket my sa ta," sei doomny, "mar hoe sit it, lêze jo de letters op 'e kop?"
"Och hea," sei se, "dat hie 'k sa gau net sjoen."

Garyp

Op 'e Skilige Piip by Feanwâlden wie 't net plús. De minsken waerden dêr bang, it spûke dêr.

Garyp

Yn Huzum wie in draei, dy hiet Swarte Planke. Dêr yn Huzum wenne in boer, dy hie 2 feinten, in greatfeint en in lytsfeint. Dy lytsfeint wie nergens bang foar.
Nou gebeurde it dat se by dy boer in kou slachten.
Dat wie yn novimber en 't wie tsjustere moanne. Dy jouns tocht de greatfeint: ik sil ris sjen of ik de lytsfeint ek ris bang krije kin.
Hy giet hinne en docht de kouhûd om him hinne, dan giet er nei de Swarte Planke ta en giet dêr sitten. De lytsfeint mat der lâns.
As dy der oankomt en dêr sa'n nuver gedrocht sitten sjocht, seit er: "Ast' nou de duvel bist of net, (mar) ik bin net bang foar dy. En ast' dêr net wei giest, skop ik dy dêr wei."
Mar de greatfeint bleau sitten. Doe hat de lytsfeint him yn 'e feart skopt. Dêr is er fordronken.

Garyp

Oaljefantsaeijen.
De boer wie nei de merk ta. Dêr seach er yn in kreamke kokosnuten lizzen. Sokke dingen hie er noch noait in kear sjoen.
"Hwat dingen binne dat?" frege er.
"Dat binne oaljefantsaeijen", sei de koopman. "As jo dêr op sitten gean to brieden, dan komme der jonge oaljefanten út."
De boer kocht in pear foar in goeije priis en sette dêr mei nei hûs ta. Hy gong mei de oaljefantsaeijen op bêd en brette dêr op yn 'e waermte.
Al in dei of hwat wie er sa oan 't brieden, doe sei de frou tsjin 'e faem: "Mast ris sjen of der al hast hwat fan torjochte komt, hwant hy sit der al in dei of hwat to brieden."
De faem der hinne. "Hoe fier is 't, boer?" frege se. Tagelyk taestte se ûnder de boer syn kont en krige him ergens by beet.
"Boer," sei se, "der is al ien út, hear; ik haw him al by de slurf!"

Garyp

Ik haw in âld frou kend to Ljouwert, dat wie Aukje Procee. Se wenne yn 'e Amelânsstrjitte en hie handel yn fodden. Dat minske wie frijmitseler. Se joech jin noait de hiele hân mei 't fûstkjen. Se seinen dat se in wikseldaelder hie en noait krapte oan jild hie. Om 'e safolle jier moest der ien fan dy frijmitselerploech dea en sa is hja ek in kear oan 'e beurt kaem. Ik ha wol mei har handele yn fodden.

Garyp

Dêr wie in swalker, dy hie gjin thús. Dy slepte meastal by de boeren yn 't hea. Sa kaem er ek ris by in boer, dêr't ik yn 't wurk wie. Doe't er de oare moarns út it hea kaem sieten wy bûten to kofjedrinken. Hy frege of er mei kofjedrinke mocht. Dat waerd him net wegere.
Doe fortelde er ús: Yn Dútslân hie er ien meimakke, dat dêr ien oan 't meanen wie. It wie kolossael sa't dy it koe! Net ien dy't tsjin him meane koe! De allerbêste meaners moesten it tsjin him ôflizze. Mar doe wie dêr in smid, dy sei: "Ik weagje it tsjin dy."
Hwant dy smid, dy hie in seine makke, dy't himsels meanendewei skerp makke. Dy smid hoefde dus noait to harjen of to strikeljen. Doe hat dy smid it mei syn wûnderseine woun.

Garyp
415