Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Icelandic Keywords
There are no Icelandic Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
There are no Narrator Gender that match this search


















Leaflet | © OpenStreetMap contributors, Points © 2019 LINZ
Myn man syn heit gong faek to murdejeijen. Op in nacht roan er fan Koatstertille nei Droegeham. 't Is nou 82 jier lyn. Doe kom der ynienen in grouwe, swarte houn njonken him. Dy roan mei him op. 't Wie in spûkhoun, sei er.
To Eastemar op en by 't tsjerkhôf spoeke it altyd. Der wie in man dy woe dat net leauwe. Twa boerejonges tochten: wy sille dy man ris bang meitsje, dan leaut er it wòl. Doe gongen se op 'e tiid dat dy man dêr altyd lâns kom boven elkoar op 'e planke stean, dy't oer de sleat lei. Se hienen in wyt lekken omslein. De man bleau stean en sei: "Twa ha 'k wolris...
Buitenpost
Op 'e Earmhústerwei to Burgum spoeke in man om, dy spruts elkenien oan. 't Wie in spoek, seinen se. Se wienen dêr allegear like binaud foar.
Buitenpost
Tusken Surhuzum en Stiensgea is in pypke, tichte by de Grifformearde tsjerke. By dat pypke spoeke it altyd. Froeger hat him dêr ien ophong. Dêr komt it fan.
Yn it Wêst fan Bûtenpost yn 'e leantsjes oan wjerskanten de marechausseekaserne roan in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
Der leefde in man, dy forlear syn wiif. Hja hie in hiele protte klean fan har sels yn 'e kast. De man troude wer en sei tsjin it twadde wiif: "Jo kinne dy klean wol drage." Doe seagen de bern har mem hyltyd wer kommen. Hja spoeke en roan nei de kast ta. Dat gebeurde wit hoe faek. Allinne de bern seagen it en sy fortelden it oan har heit. Mar dy woe 't net...
De bûzehappert wenne yn 't wetter. Dy pakte de bern.
Buitenpost
It gebeurde wol, fortelde beppe, dat lju dy't stoarn wienen, weromkommen, as de minsken har net hâldden oan 'e bilofte dy't se sokken by har leven dien hienen. Dan moest der in dûmny by komme om sa'n forstoarne to freegjen hwat er winske.
Men seit fan hounen dy't brune plakjes boven de egen ha, dat it spûkgûlers binne. Sokken ha eins twa pear egen. Mei it iene pear sjogge se dingen dy't de minsken gewoanlik net sjogge.
In stik of hwat mannen ha op in nacht in skynsel sjoen to Koatstertille. Myn susters man Bearn Pol wie der ek by. 't Wie tige glêd en swart en 't kleppere. Dat skynsel gong it hiem op fan in boereplaets. It roan nei de skuorre ta. Even letter bigongen de hynders bot to skoppen en to traepjen. 't Wie de plaets, dêr't Olivier wenne hat, en letter Wiger...