There are no Keywords that match this search
There are no Danish Keywords that match this search
There are no German Keywords that match this search
There are no Icelandic Keywords that match this search
There are no Place Mentioned that match this search
There are no Narrator Gender that match this search














Mei syn tsiishandel doarst Jehannes op alle hiemen to kommen. Der wie net in houn dy't him hwat die.
By dokter Bontekoe yn Hurdegaryp spokke it ek. Dêr wie in hekke, dy stie altyd iepen. Net in minske dy't dy ticht hâlde koe.
Hy wist ek altyd krekt hokker lju forlet hienen fan tsiis en hoefolle jild de minsken by har hienen.
Myn suster hie in jonkje yn 't stêdssikenhûs yn Ljouwert to lizzen. Dat wie tige min. Myn suster wenne sels ek yn Ljouwert. Doe krigen se biricht dat de tastân fan it bern krityk wie.
Myn swager wie hastich en sei tsjin myn suster: "Toe, dû mast oanmeitsje. Wy matte der hinne foardat it to let is."
Mar myn suster sei kalm: "It hoeft net mear, hwant ús jonkje is al wei. Ik ha sjoen dat se de tekkentsjes fan it ledekantsje al bûten brocht ha."
Knjillis Veenstra (Minke Knjillis) fan Sweagerbosk wie mei de helm geboaren. Dy moest alle begraffenissen foarút sjen. Dêr siet in drang achter. Hy hat de bigraffenis fan syn eigen dochter ek sjoen.
Stammerige Harm fan Twizelerheide wie in tsjoenster, seinen se. Hekse-Harm seinen se ek wol. Hy koe him yn in kat mei gleone egen foroarje, seinen se.
Hie ien krinten om 'e mûle of in seare holle, dan wie sa'n ien bitsjoend.
In bern dat bitsjoend wie hie in krâns yn 't holkessen. Dy krâns woarde der úthelle en opbrând. Earder woarde 't bern net better. By ús woarden de kessens geregeld neisjoen of der ek krânsen yn sieten.
As sa'n krâns opbrând woarde soargen se der foar dat alles ticht wie. Der mocht net in kier iepen bliuwe, oars joech it neat. Dan woarde 't bern wer bitsjoend.
Alde Piters Willemke wie in biruchte tsjoenster. Dy fleach troch de loft op in biezemstôk.
As ien bitsjoend wie gongen se nei knoffelige Wopke om in drank. (As jy de pols forknoffele hienen gongen jy ek nei him ta, sadwaende dy namme).
Stammerige Harm woardde net by 't fé litten. Hy koe de dieren bitsjoene.
Jehannes koe mei my neat wurde. De measte minsken wienen bang foar him, mar ik net. Dat wist er ek wol.
Der wie net in minske dy't letter yn syn hûs doarst, dêr't er yn wenne hie. Net ien woe it keapje. Doe haw ik it kocht foar in sacht pryske en ik bin der yn kaem to wenjen. Doe seinen de minsken: "Dû silst der wol rare dingen yn bileve." Mar ik ha noait hwat fornaem.
Mei skoppenboer litte se wol in flesse drank komme.
Hjir flak tsjin ús oer hat in âlde frijgesel wenne, dy hie 't altyd mei de duvel to krijen. Alle nachten wied er mei de duvel oan 't fechtsjen. Myn man hat wolris foar de glêzen to harkjen lein. Dan rattele en rinkele alles by him yn 'e hûs. Dan woarde myn man der binaud fan. Dan brocht er deselden dêr't er mei focht nei de reinwettersbak en dan raesde er it út. Dan wie 't boem-boem, krekt as foel der in minske yn 'e bak. De oare deis wie dy frijgesel dan alhiel blau om 'e kop en hy siet ûnder 'e skrammen, sa hienen se him toklaud. Dan hie er mei de duvel fochten. Tije hiet dy frijgesel.
Sterke Hearke wenne yn Droegeham. Dy wie ris oan 't ploeijen. Doe kaem der ien by him. Dy frege him of er wiste hwer't Hearke wenne. Hearke hie de ploege krigen en dy rjochtút stutsen en doe hied er sein: "Dêr wennet er en hjir stiet er."
Myn pake - mem har heit - wie Albert Hattums v.d. Berg. Dy wie ôfgryslike sterk. Hy wie froeger polderjonge en leike faek. Dat is wurk dat der op oan komt.
Doe kom der ris in jong baeske by him, dy hie heard, dat pake sterk wie, en hy sei, hy woe wolris mei pake wrakselje hwant hij wie èk sterk.
Doe sei er: "Dan wol 'k mei in oanloopke."
Op dy manier woe er pake ûnderstoboppe rinne.
Mar dat mislearre.
Doe sei er: "'k Wol 't nòchris in kear bisykje, mar dan giest deroan."
Doe hie pake him mei beide earmen opfangd en him wech ende wêr smiten.
Doe woe er net wer.
Yn 'e swarte spegel kinne se sjen mei hwa't se trouwe sille. Trouwe se net dan krije se in deakiste yn 'e spegel to sjen.
Jehannes hie ek in boatsje, dat wie in soart fan skouke. Dêr hie er in seiltsje op en dêr sylde er mei. Dan siet er yn 'e foarein en hy stjûrde net. Hy hie neat beet, en dochs sylde hy mar raek.
As ien op in pod trape kom der tonger.
Alde Sjoeke wie in tsjoenster. As dy der oankom setten wy as bern gau mei de klomp in krús oer it paed. Dan gong hja werom, hwant dêr koe se net oer komme.