Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Icelandic Keywords
There are no Icelandic Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
There are no Narrator Gender that match this search
As der in deaden weromkom, dan hellen se der in doomny by. Sa'n deaden hie dan gjin rêst. 't Gebeurde wol dat er net in deadshimd meikrige hie.
Sei men 't 'onze Vader' op, dan gong sa'n ien fuort.
Yn Hurdegaryp, op it hiem fan dokter Bontekoe, stie in hekke, dy koenen se nachts noait ticht hâlde. Dêr moest in pleachbeest lâns.
In pleachbeest seach der út as in grouwe, swarte houn.
De Westereen
Hjir wenne in âld minske, dy hie op in middei har dochter op bisite hawn. De jouns brocht dat minske de dochter in eintsje op stap. Underweis hearden se klear it draven fan in hynder, mar sy seagen neat. Hja woarden binaud, hwant sy tochten dat it hynder op har ta komme soe. Hja draeiden beide om en sy gongen nei in man ta dy't dêr tichteby wenne. Dy...
In omke fan mij hie yn syn feintetiid ris nei Feanwâlden nei de froulju ta west. Hy moest troch in loane. Doe't er sahwat op healwei wie hie dêr in hiele grouwe, swarte houn stien. As in keal sa great. Hy stie dwars foar him. Woe omke him rjochts foarby dan gong er dêr stean. Gong er oan 'e linker kant stean, dan stie de houn ek links. Omke koe net in...
Oan 'e Lange Reed spoeke it ek. Dêr doarsten de minsken net lâns.
Op 'e Boppewei spoeke de âlde hear. Dy koe de rêst net krije, omdat der in skat yn 'e groun siet. Dy moest dêr earst wei.
Op 'e âlde hoek, seinen se froeger, wie in pleachbeest. Dat kom by de bakker fan 't hiem ôf en roan sa nei de buorfrou ta.
To Hurdegaryp is in hekke, dy't se net ticht hâlde kinne.
Yn 'e nacht giet er fansels iepen.
Yn Grinslân hienen se spûkskuorren. Dêr gongen de doarren nachts samar fansels iepen. Dat wie by Usquert.
De tsjernmoune gong yn 'e nacht.
To Hurdegaryp, by Bennema-state wie in hekke. As se dy jouns ticht dienen, wie er de oare moarns wer iepen.
Hoe't dat koe, hat noait ien witten.
De Westereen
Yn Feankleaster by de wite hekke fan 'e Muontsewei dêr spûke it. Dêr doarste froeger mennichien net lâns.
Hwat der krekt spûke, wit ik net.
De Westereen
Men hearde hjir yn 'e Westerein wolris praten oer minsken dy't al lang dea wienen, mar dy't men letter wer seach. Sokken koenen de rêst net fine. Hja hienen faek in bigearte.
Yn Wierum wie in bonkekelder op 't tsjerkhôf. Twa mannen seinen tsjin in jonge: "Doarstû dêr fannacht 12 ûre wol in deadskop út to heljen?" "Hwerom net?" sei de jonge. Hy wie net bang. Doe gongen dy beide manlju even foar tolven nei de bonkekelder. Dêr gongen se ynelkoar dûkt sitten mei in ljocht kleed om har hinne. De jonge kom der oan doe't it tolwe ûre...
To Hurdegaryp, op Bennema-state stienen de hekken altyd iepen. Dy koenen se noait ticht hâlde.
De Westereen
Ik haw ris op in winter yn 'e Falom nei de froulju west. Doe't ik weromkaem snijde it omraek. Ik siet foaroer op 'e fyts mei de earmen oer 't stjûr. Sa ried ik de kant nei de Westerein út. Doe kaem dêr in frommeske oan, dy roun of sweefde tusken de tramrails. Ik seach har net earder as doe't se neist my wie. Ik seach oars neat as in ruten bloeske en se...
To Hurdegaryp, by 't hûs fan dokter Bontekoe, stie in hekke, dy wie altyd iepen. Dy koenen se net ticht hâlde. Guon ha dêr wolris de wacht by hâlden. It doogde net mei dy hekke.
De Westereen
Oan 'e Boppe-wei, op it plak, dêr't letter altyd de woanweinen stienen, sit in kiste mei jild yn 'e groun. Men hat prebearre dy kiste op to dollen, mar hwat djipper men mei de lodde kaem, hwat djipper dy kiste sakke.
De Westereen
To Sweagerbosk, ûnder Kollumersweach, dêr't ik geboaren bin, even foar de hekke fan 'e spoarlijn, dêr spoeke froeger in frommes. Hja hie in wite jurk oan mei strookjes. Myn broer hat har ienkear sjoen. Doe sweefde se nei de boskjes ta.
De Westereen
As ien stoarn is mat men der fral om tinke, dat it bierkleed net to lang is. It is ris gebeurd dat ien werom kaem by de famylje to spûkjen. Dan rôp er al mar: To lang - to lang.
Doe seinen se op in kear: "Skuor der dan in stik ôf."
En doe hearden se dúdlik dat der hwat skuord waerd. Doe hat dyselde der net wer west.
Der wie in man yn 'e Westerein, dy syn frou kaem to forstjerren. Hja liet him bilove, dat hy moest goed op har klean passe as hja dea wie. Mar dat hat er net dien. Doe kaem er op in kear thús fan 't wurk, doe seinen de bern: "Us mem hat hjir hjoed west." Mar dat woe dy man net leauwe. Mar it gebeurde al ris wer, en letter nochris. En doe sei syn buorman,...
