Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Icelandic Keywords

There are no Icelandic Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender

There are no Narrator Gender that match this search

close
35
2
33
Leaflet | © OpenStreetMap contributors, Points © 2019 LINZ
34 datasets found
Dutch Keywords: spoken Place of Narration: De Westereen
Fan Wachthûs ôf nei de Sweagerbosk út, dêr spûken altyd twa famkes nachts, dy hienen reade lintsjes om 'e hals. Dy famkes ha se yndertiid de hals útsnien.
Op 't Spoar hjir yn 'e Westerein roannen nachts altyd twa famkes om, dy hienen reade strimen om 'e hals. Dy famkes wienen froeger formoarde woarn. Se hienen har de halzen útsnien.
Hjir wenne in âld minske, dy hie op in middei har dochter op bisite hawn. De jouns brocht dat minske de dochter in eintsje op stap. Underweis hearden se klear it draven fan in hynder, mar sy seagen neat. Hja woarden binaud, hwant sy tochten dat it hynder op har ta komme soe. Hja draeiden beide om en sy gongen nei in man ta dy't dêr tichteby wenne. Dy...
In omke fan mij hie yn syn feintetiid ris nei Feanwâlden nei de froulju ta west. Hy moest troch in loane. Doe't er sahwat op healwei wie hie dêr in hiele grouwe, swarte houn stien. As in keal sa great. Hy stie dwars foar him. Woe omke him rjochts foarby dan gong er dêr stean. Gong er oan 'e linker kant stean, dan stie de houn ek links. Omke koe net in...
Mijn woonplaats is jaren lang geloofd aan spoken en heksen en veel meer soorten bijgeloof. Mijn moeder was er niet vrij van en verschillende tantes evenmin. In mijn jeugd kon ik zo zeven vrouwen noemen, die de naam van tovenaar hadden. Onschuldig kwamen die vrouwtjes er aan. Zo heeft er een aan een kind een appel gegeven; dat kind komt thuis en wordt...
Op 'e Lange Loane spoeken froeger trije wite wiven. Forskate lju doarsten by nacht de loane net lâns.
Oan 'e Lange Reed spoeke it ek. Dêr doarsten de minsken net lâns.
Op 'e Boppewei spoeke de âlde hear. Dy koe de rêst net krije, omdat der in skat yn 'e groun siet. Dy moest dêr earst wei.
Op 'e âlde hoek, seinen se froeger, wie in pleachbeest. Dat kom by de bakker fan 't hiem ôf en roan sa nei de buorfrou ta.
Ik haw wol ris heard dat as ien weromkaem, dy't al stoarn wie, dat se der dan in doomny by hellen, dy't freegje moest hwat de bigearte wie.
To Hurdegaryp is in hekke, dy't se net ticht hâlde kinne. Yn 'e nacht giet er fansels iepen.
In forstoarne moest net in to lang deadshimd oan ha, hwant dan koe hy der net út stappe by de wederopstanding. Dan stroffele hy. It mocht ek net to koart wêze. Yn gjin fan beide gefallen krige de deade rêst. Dan gebeurde 't wol dat er bigoun to spûkjen.
As it wurkfolk froeger nei de Grinzer klaei tagongen to werken slepten se yn boereskuorren. Dêr wienen spûkskuorren by. Ik ha wolris fortellen heard dat de weinen dêr yn 'e nacht út har sels hinne en wer rollen oer de flier.
To Hurdegaryp, by Bennema-state wie in hekke. As se dy jouns ticht dienen, wie er de oare moarns wer iepen. Hoe't dat koe, hat noait ien witten.
Yn Feankleaster by de wite hekke fan 'e Muontsewei dêr spûke it. Dêr doarste froeger mennichien net lâns. Hwat der krekt spûke, wit ik net.
Men hearde hjir yn 'e Westerein wolris praten oer minsken dy't al lang dea wienen, mar dy't men letter wer seach. Sokken koenen de rêst net fine. Hja hienen faek in bigearte.
Yn Wierum wie in bonkekelder op 't tsjerkhôf. Twa mannen seinen tsjin in jonge: "Doarstû dêr fannacht 12 ûre wol in deadskop út to heljen?" "Hwerom net?" sei de jonge. Hy wie net bang. Doe gongen dy beide manlju even foar tolven nei de bonkekelder. Dêr gongen se ynelkoar dûkt sitten mei in ljocht kleed om har hinne. De jonge kom der oan doe't it tolwe ûre...
To Hurdegaryp, op Bennema-state stienen de hekken altyd iepen. Dy koenen se noait ticht hâlde.
Ik haw ris op in winter yn 'e Falom nei de froulju west. Doe't ik weromkaem snijde it omraek. Ik siet foaroer op 'e fyts mei de earmen oer 't stjûr. Sa ried ik de kant nei de Westerein út. Doe kaem dêr in frommeske oan, dy roun of sweefde tusken de tramrails. Ik seach har net earder as doe't se neist my wie. Ik seach oars neat as in ruten bloeske en se...
To Hurdegaryp, by 't hûs fan dokter Bontekoe, stie in hekke, dy wie altyd iepen. Dy koenen se net ticht hâlde. Guon ha dêr wolris de wacht by hâlden. It doogde net mei dy hekke.
35