Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Icelandic Keywords
There are no Icelandic Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
There are no Narrator Gender that match this search












Leaflet | © OpenStreetMap contributors, Points © 2019 LINZ
In moart komt út, al sille de fûgels 't ek útroppe, sei mem.
By de brêge yn 'e Westerein hearden guon op in kear 'help!' roppen. Mar der wie neat. Letter is dêr in jongfeint forsûpt. Doe hearden se krekt itselde help-gerop.
De Westereen
In nachtmerje hat ien kear nei my ta sild. Ik wie doe noch in jonge. Ik lei op bêd, 't wie nacht. 't Wie in man op in hynder, dy't lyk op my ta kaem. Ik wie deabinaud, mar koe net roppe.
Der wie in klearmakker, dy hie sin oan pankoeken. De frou sei: "Ik kin wol pankoeken bakke, mar wy ha net in pankoekspanne." Doe gong de man nei de buorlju ta en dêr liende hy de pankoekspanne fan. Hy sei tsjin dy minsken: "Jimme krije in pankoek ta bileanning." Doe rekke syn frou oan 't pankoekbakken, krekt sa lang oant alle moal op wie. Dy pankoeken...
Der wie in doomny, dy hie ta gewoante, dat er altyd sei: Als ik kom, dan kom ik haastiglijk. Doe tocht de koster op in kear: Dat sil ik dy ris ôfleare, heite. Hy giet mei de sage nei tsjerke ta en saget de preekstoel goed heal troch. Mar de preekstoel hâldde it de earste kear. Doe wie dy doomny de sneins dêroan wèr oan 't preekjen. Doe sei er wèr: Als ik...
As ien stoarn is mat men der fral om tinke, dat it bierkleed net to lang is. It is ris gebeurd dat ien werom kaem by de famylje to spûkjen. Dan rôp er al mar: To lang - to lang.
Doe seinen se op in kear: "Skuor der dan in stik ôf."
En doe hearden se dúdlik dat der hwat skuord waerd. Doe hat dyselde der net wer west.
Ik wie noch in famke. Doe woarden ús mem en ik op in nacht klear wekker. Wy hearden beide ús buorfrou roppen: "Myn leave pop! Myn leave pop!" Sy jammere it út. It lûd kaem by de feart wei. Wy makken gau dat wy der ôf kamen en doe gongen wy nei it hûs fan buorfrou ta om to sjen hwat der oan skeelde. Mar dêr wie neat to rêdden: buorfou lei moai to sliepen....
Foartjirmerij wie hjir in hiele protte froeger. Men hearde timmerjen yn 'e nacht, dan kom dêr letter in hûs to stean. Men seach in hûs yn 'e brân, dat brânde dan pas letter op. Men hearde om help roppen yn it wetter. Letter fordronk der ien op dat plak.
De Westereen
Boardzer Bruining hat my us forteld, dy't in wikseldaelder ha wol mat sa to wurk gean: Hy mat in swarte kat yn 'e sek ha. Dêr rint er trije kearen mei om 't tsjerkhôf hinne. Dan ropt er: "Wie koopt er mijn kat voor een daalder?" Dan komt de duvel, dy nimt de kat en jo krije de wikseldaelder. "Ik ha 't us in kear dwaen wold," sei Boardzer, "mar der wie net...
As jo ien hwat biloofd ha en jo folbringe dat net, dan stjert dyselde net. Hy wurdt wol nei 't tsjerkhôf tabrocht, mar hy komt hyltyd werom by de minsken en pleaget har, krekt as in pleachbeest. As men fan him ôf wêze woe moest men in nij kezyn yn 'e doar sette, dêr't er ta'n út droegen wie. Soms hellen se de doomny der wol by, dy spruts him dan oan. Dy...