Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Icelandic Keywords

There are no Icelandic Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender

There are no Narrator Gender that match this search

close
6
6
Leaflet | © OpenStreetMap contributors, Points © 2019 LINZ
6 datasets found
Dutch Keywords: revenant Place of Narration: De Westereen
Fan Wachthûs ôf nei de Sweagerbosk út, dêr spûken altyd twa famkes nachts, dy hienen reade lintsjes om 'e hals. Dy famkes ha se yndertiid de hals útsnien.
Myn nicht wenne op Terschelling. Dy seach ris yn 'e nacht dat in man by de treppen op gong en by har bêd stean gong. Doe gong er wer by de trap del en gong op 'e kachel sitten. Dat seach hja wylst hja op bêd lei. 't Wie net in droom. Mar dy man wie in spoek, ien dy't al stoarn wie.
Men hearde hjir yn 'e Westerein wolris praten oer minsken dy't al lang dea wienen, mar dy't men letter wer seach. Sokken koenen de rêst net fine. Hja hienen faek in bigearte.
As ien stoarn is mat men der fral om tinke, dat it bierkleed net to lang is. It is ris gebeurd dat ien werom kaem by de famylje to spûkjen. Dan rôp er al mar: To lang - to lang. Doe seinen se op in kear: "Skuor der dan in stik ôf." En doe hearden se dúdlik dat der hwat skuord waerd. Doe hat dyselde der net wer west.
Der wie in man yn 'e Westerein, dy syn frou kaem to forstjerren. Hja liet him bilove, dat hy moest goed op har klean passe as hja dea wie. Mar dat hat er net dien. Doe kaem er op in kear thús fan 't wurk, doe seinen de bern: "Us mem hat hjir hjoed west." Mar dat woe dy man net leauwe. Mar it gebeurde al ris wer, en letter nochris. En doe sei syn buorman,...
As jo ien hwat biloofd ha en jo folbringe dat net, dan stjert dyselde net. Hy wurdt wol nei 't tsjerkhôf tabrocht, mar hy komt hyltyd werom by de minsken en pleaget har, krekt as in pleachbeest. As men fan him ôf wêze woe moest men in nij kezyn yn 'e doar sette, dêr't er ta'n út droegen wie. Soms hellen se de doomny der wol by, dy spruts him dan oan. Dy...
6