Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Icelandic Keywords
There are no Icelandic Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
There are no Narrator Gender that match this search












Leaflet | © OpenStreetMap contributors, Points © 2019 LINZ
Fan Wachthûs ôf nei de Sweagerbosk út, dêr spûken altyd twa famkes nachts, dy hienen reade lintsjes om 'e hals. Dy famkes ha se yndertiid de hals útsnien.
In nachtmerje kom yn 'e gedaente fan in frommes by 't bêd. De lju setten de toffels achterstofoar foar 't bêd, dan mienden se dat se der gjin lêst fan ha soenen.
Tsjoensters hienen je froeger oeral. Yn Kollumersweach wienen ek guon. Hja makken krânsen yn 'e bêdden dêr't de minsken op sliepten. Dy moesten der úthelle wurde, oars kom 't forkeard. Meastal wienen it lytse bern dy't bitsjoend woarden. Wie dat it gefal, dan gongen se faek nei Wopke fan Kûkherne. Dy moest de bern dan wer better meitsje. Meastal joech er...
De Westereen
As de bierkleden to lang binne, komme de deaden werom.
De Westereen
Wy setten froeger krusen oer de wei foar de tsjoensters, dan koenen se der net oerhinne komme.
Tsjoensters woarden noait by 't fé litten. Hwant dan woarden de beesten siik en stoaren se.
Fan sawn op elkoar folgjende dochters is de âldste of de jongste in nachtmerje. Sa'n nachtmerje giet faek nei ien fan 'e buorlju ta. Sy kin troch alle lytse gatsjes. Meastal giet se troch 't slotsgat. Men struit moal op 't gesicht om de nachtmerje to kearen. Duveldrek lizze se ûnder 'e drompel.
Yn 'e Westerein hienen de minsken froeger allegear duveldrek ûnder 'e drompel. Dat dienen se om gjin tsjoensters yn 'e hûs to krijen. Sy hellen it út 'e apteek.
Wy hienen hjir froeger allegear duveldrek, ûnder 'e drompels. As bern hienen wy duveldrek yn 'e klean. Dat wie allegear fanwege de bitsjoenderij.
Men mat kaf struije of moal, dêr kin men de nachtmerjes mei keare.
De Westereen
Fan in tsjoenster mat men noait hwat opite. Hwant dan wurdt men sels bitsjoend.
Us mem sei: "Astû fan in tsjoenster hwat oannimst, spui dan de earste hap út. Dan hat it gjin kweade gefolgen." Hwat ek helpt: Twa kear achterelkoar yn 't bywêzen fan 'e tsjoenster sjonge: "Tsjoenster, dû krijst my net."
Dan is men ek feilich. Dat learde mem ús as wy gongen to skoaijen.
De Westereen